Springe nei ynhâld

Jawa's

Ut Wikipedy
Cosplay fan trije Jawa's.

Jawa's, inkeltal: Jawa (útspr.: [ˈʤaːwɑ], likernôch: "dzjaa-ûa"), binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise. It binne op kjifdieren lykjende pygmeeën, dy't lânseigen binne op 'e planeet Tatooine. Se binne 1.00 oant 1.50 m lang en drage readbrune kladen mei djippe kappen, dy't harren fierdere lichemsskaaimerken ferbergje. Inkeld harren giel of read opljochtsjende eagen binne yn it djippe skaad fan harren kappen te sjen. Saakkundigen binne fan betinken dat de Jawa's en de Tusken-kapers, de oare yntelliginte soarte dy't op Tatooine lânseigen is, yn in dizenich ferline út deselde oarsprong fuortkommen wêze moatte.

Jawa's libje yn grutte famyljeclans en fertsjinje ornaris de kost troch ôftanke of stikkene masinery te sykjen, op te knappen en troch te ferkeapjen. Foar ferfier oer it oerflak fan Tatooine, dat foar it meastepart út woastinen bestiet, brûke se reuseftige sânkrûpers, dat eins lang lyn ôftanke mynbouwurktugen binne. Hoewol't dy masines net folle faasje meitsje kinne, hawwe de Jawa's binnenyn mear as genôch romte foar harren hiele groep mei alle oppikte en reparearre masines der noch op ta. De Jawa's dy't mei de sânkrûper op reizen ôfsette, fertsjintwurdigje likernôch de helte fan in clan; de oare helte hâldt ûnderwilens de clanbasis yn 'e woastyn beset: in eigenboude fêsting besteande út ferrinnewearre romteskippen, dêr't de hiele clan beskûl hat tsjin 'e agressive Tusken-kapers en gefaarlike fauna. Guon Jawa's hawwe Tatooine ferlitten om har op oare planeten te fêstigjen, dêr't se lykwols itselde soarte bestean liede.

Yn 'e Star Wars-franchise waarden Jawa's alderearst yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. Se binne lykwols it bekendst út 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), wêryn't se de androïden R2-D2 en C-3PO ferkeapje oan Owen Lars, de omke fan Luke Skywalker, en sa it hiele ferhaal fan 'e film yn gong sette. Jawa's komme ek koart foar yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983) mank it oare ûnrant yn it haadkertier anneks paleis fan Jabba de Hutt; yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999) by de race fan 'e jonge Anakin Skywalker troch de woastyn; yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), wêryn't se in âldere Anakin it paad wize; en oan 'e ein fan Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019). Yn 'e tillefyzjesearje The Mandalorian wurde Jawa's yn 'e ôflevering Chapter 2: The Child oantroffen op 'e planeet Arvala-VII.

Sûnt de earste Star Wars-film yn 1977 yn 'e bioskoop kaam, binne Jawa's foargoed de Westerske popkultuer binnenkrongen. De term "Jawa" is yn 'e sprektaal, alteast wat it Amerikaansk-Ingelsk oangiet, no synonym wurden mei "ûnderdoarke", in myld delbûgende, faak by túltsjes brûkte term foar in persoan dy't lyts fan stik is, of foar in bern.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa