Springe nei ynhâld

Androïde

Ut Wikipedy
In androïde.

In androïde (fan it Grykske ἀνδρός, andros, de twadde namfal fan ἀνήρ, aner, "man" + -ειδής, -eides, in ferbûging fan εἶδος, eidos, "foarm" of "stal") is in humanoïde (op in minske lykjende) robot of in oar keunstmjittich humanoïde wêzen. Faak is it makke fan in op weefsel lykjend materiaal of dêrmei oerdutsen. It ferskil tusken in robot en androïde is dat in robot net de foarm fan in minske hoecht te hawwen en yn 'e praktyk ek almeast net hat. It ferskil tusken in androïde en in cyborg (in term ôflaat fan "sybernetysk organisme") is dat in androïde mooglik (mar net needsaaklikerwize) út guon ûnderdielen bestiet dy't biologysk lykje te wêzen (mar eins keunstmjittich binne), wylst in cyborg in kombinaasje is fan meganyske en echte biologyske ûnderdielen.

Hoewol't de term 'androïde' nei alle humanoïde robots ferwize kin, bestiet ek de term 'gynoïde', dêr't spesifyk mei ferwiisd wurdt nei in humanoïde robot mei froulike lichemsskaaimerken. Histoarysk wiene androïden folslein it domein fan science fiction en ferskynden se gauris yn romans, films en tillefyzjesearjes fan dat sjenre. Lykwols lit foarútgong op it mêd fan roboatika no it ûntwerp ta fan funksjonele en reälistyske humanoïde robots. De ierste androïde wie de WABOT-1, in robot dy't yn 1972 makke waard troch ûndersikers fan 'e Universiteit fan Waseda, yn Japan. Androïden yn 'e sin fan robots mei minsklike skaaimerken wurde troch guon minsken ûnderfûn as treastgjend, wylst oaren se ûntrêstgjend fine.

De term 'androïde' waard al yn 'e iere achttjinde iuw brûkt om te ferwizen nei yngewikkelde meganyske apparaten dy't makke wiene om op minsken te lykjen en minsklike aktiviteiten út te fieren. Yn 1886 waard de beneaming, ynsafier bekend, foar it earst brûkt om in androïde yn 'e moderne sin fan it wurd mei oan te tsjutten. Dat waard dien troch de Frânske skriuwer Auguste Villiers de l'Isle-Adam yn syn wurk L'Ève Future, dêr't in keunstmjittige, op in minske lykjende robot yn foarkomt. Fan 1936 ôf krong it wurd 'androïde' troch yn 'e Ingelsktalige pulpliteratuer, begjinnend mei de roman The Cometeers fan Jack Williamson. Neitiid waard it ûnderskie tusken meganyske robots en androïden fan sabeare biologysk weefsel popularisearre troch de Captain Future-ferhalen fan Edmond Hamilton, dy't tusken 1940 en 1944 ferskynden.

Tsjintwurdich is it wurd 'androïde' yn 'e Westerske popkultuer it bekendst út 'e Star Wars-franchise fan George Lucas, wêryn't de Ingelske term android ferkoarte waard ta droid. Lucas en syn neifolgers ferlearen lykwols it ûnderskie tusken androïden en robots út it each troch de term droid ta te passen op alle robots, ek guon dy't alhiel gjin minsklike skaaimerken hiene, lykas de silinderfoarmige R2-D2.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.