Race

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

In race (in lienwurd út it Ingelsk) of it racen is in kompetysje om faasje, wêrby't dielnimmers in beskate opdracht besykje te folbringen yn sa min moolik tiid, of teminsten flugger as harren direkte tsjinstanners. Almeast is in race in foarm fan sport, en yn 'e regel wurdt der ek ôfstân by ôflein. It kin lykwols gean om it sa fluch mooglik folbringen fan hokker taak ek, dat it ôflizzen fan ôfstân is net nedich om 'e term 'race' tapaslik te meitsjen.

In race kin yn ien skuor fan start nei finish gean, mar it is ek mooglik dat der sprake is fan ferskate etappes of omgongen mei tuskenskoften. By in omgong giet it ornaris om it folbringen fan deselde taak op itselde plak of oer deselde ôfstân, mar tsjin ferskillende tsjinstanners. By in etappe is der sprake fan in koarter segmint fan in gruttere ôf te lizzen ôfstân.

Races wurde al holden sûnt minskewitten. De ierste dokumintearre gefallen fan races binne werjûn yn beskilderings fan diggelguod út it Alde Grikelân. Ien fan 'e ierste beskriuwings fan in race yn 'e literatuer is in race mei striidweinen dy't beskreaun wurdt yn it Aldgrykske epos de Ilias, fan Homearus, dy't om 750 f.Kr. hinne libbe.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.