Springe nei ynhâld

Hoarn (lichemsdiel)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hoarn (anatomy))
De hoarnen fan in mantsje-ympala.

In hoarn is in permanint of semy-permanint puntich útgroeisel boppe-op 'e kop fan in ferskaat oan bistesoarten, dat bestiet út in deklaach fan keratine en oare proteïnen dy't in kearn fan libbene bonke omjouwe. Yn 'e regel hawwe hoarndragende bisten twa hoarnen, dy't yn 'e breedterjochting fan 'e kop njonkeninoar efter de earen pleatst binne. It komt lykwols ek foar dat bisten twa of mear pear hoarnen hawwe, te witten by in pear yn it wyld libjende soarten en (benammen) by in stikmannich domestisearre skiepperassen, wêrûnder it Hebridysk skiep, de Yslanner, de Mankske loaghtan en de Navaho-Churro.

Meastentiids wurdt der ûnderskie makke tusken permaninte hoarnen en geweien. Permaninte hoarnen wurdt in bist net mei berne, mar begjinne op in stuit te groeien yn 'e ûntwikkeling fan in jong bist ta folwoeksenens. Yn prinsipe bliuwe se dêrnei oant it bist deagiet, al is it fansels mooglik dat in bist troch in ûngemak of in ferwûning by in gefjocht ien hoarn kwytrekket of sels, yn tige útsûnderlike gefallen, beide. In gewei, oan 'e oare kant, is in semy-permaninte foarm fan in pear hoarnen, dy't jierliks oangroeit en nei ferrin fan tiid wer ôffalt. Mei't de groei fan geweien te krijen hat mei de djoeitiid, as mantsjes duëllearje om it rjocht om mei wyfkes te pearjen, krije by de measte soarten dy't se hawwe inkeld de mantsjes geweien.

In pear Kaapske buffels mei kromme hoarnen.

Permaninte hoarnen of wiere hoarnen komme benammen foar by de wjerkôgjende evenhoevige sûchdieren, yn 't bysûnder by de taksonomyske famyljes fan 'e gaffelantilopen (Antilocapridae) en de holhoarnigen (Bovidae), dy't de kobisten, skiep en geiten, gimseftigen, stienbokken en antilopen omfiemje. Geweien komme allinnich foar by in oare subgroep fan 'e evenhoevigen, de harteftigen (Cervidae). De term 'hoarnen' wurdt ek brûkt foar oare bonkige útgroeisels op 'e kop fan bisten, lykas de ossikoanen fan sjiraffen, de hoarnen op 'e snút fan noashoarnen, de 'hoarnen' fan guon kameleöns en de ta 'hoarnen' útgroeide mandibels fan ynsekten lykas it fleanend hart (Lucanus cervus).

Wiere hoarnen hawwe yn 'e regel in kromme of spiraalfoarm, faak mei groeven yn 'e breedte- of de lingterjochting. Om't permaninte hoarnen, krektlyk as geweien, yn it foarste plak bedoeld binne foar gefjochten tusken mantsjes yn 'e peartiid, komme se by in protte soarten allinnich by eksimplaren fan it manlik geslacht foar. Hoarnen begjinne koart nei de berte te groeien en geane dêrmei troch oant it bist deagiet. Soms krôlje se om en groeie op in pynlike wize tsjin 'e plasse fan it bist oan, wat yn guon gefallen sels de dea ta gefolch hawwe kin. Allinnich by gaffelantilopen wurde wiere hoarnen jierliks ôfwurpen, al bliuwt ek dêr de bonkige kearn beholden. By domestisearre bisten, fral by kij, is it foar feehâlders wenst wurden om 'e jongen te ûnthoarnjen, wêrby't de begjinnende hoarn fuortbaarnd wurdt. Soks foarkomt dat kij inoar ferwûnje kinne en is ek minder gefaarlik foar de feehâlder sels, dy't earder, meastal by fersin, noch wolris in pynlike terwinkel mei in hoarn krige (ornaris resultearjend yn in blau plak, mar soms, as it each rekke waard, yn in earnstige ferwûning).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.