Springe nei ynhâld

Geiten

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stienbokken)
geiten
In pear Sibearyske stienbokken (Capra sibirica).
In pear Sibearyske stienbokken (Capra sibirica).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
(sûnder rang): baarch- en walfiskeftigen
   (Artiofabula)
(sûnder rang): walfiskeftigen en wjerkôgers
   (Cetruminantia)
ûnderskift: wjerkôgers (Ruminantia)
tuskenskift: hoarndieren (Pecora)
boppefamylje: holhoarnigen en muskusharten
   (Bovoidea)
famylje: holhoarnigen (Bovidae)
ûnderfamylje: geiteftigen (Caprinae)
tûke skiep en geiten (Caprini)
skaai: geiten (Capra)
Linnaeus, 1758

De geiten (wittenskiplike namme: Capra) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e wjerkôgers (Ruminantia), it tuskenskift fan 'e hoarndieren (Pecora), de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae), de ûnderfamylje fan 'e geiteftigen (Caprinae) en de tûke fan 'e skiep en geiten (Caprini).

Dit skaai bestiet út acht ferskillende libbene soarten mei ferskate ûndersoarten. De bekendste fertsjintwurdiger is de gewoane, domestisearre geit of hûsgeit (Capra aegagrus hircus), dy't eins in ûndersoarte is fan 'e wylde geit (Capra aegagrus). De ierste bewizen foar de domestikaasje fan 'e wylde geit geane mear 8.500 jier tebek. Fierders hearre ta dizze groep ferskate soarten dy't stienbok neamd wurde. De sniegeit (Oreamnos americanus) heart nettsjinsteande syn namme net ta de it skaai fan 'e geiten, mar ta it skaai fan 'e berchgeiten (Oreamnos), dat nauwer besibbe is oan 'e gimzen (Rupicapra).

De geiten binne bisten dy't fan natuere foarkomme yn bercheftige kriten. Se binne tige linich, fluch en wisfuottich, en hawwe in grut fermogen om op keale steile rotsgrûn te klimmen. It binne herbivoaren dy't fierders alhiel net sinnich binne oangeande har menu, en se kinne oerlibje sels as der mar krappe fegetaasje foarhâns is. Geiten binne te ûnderskieden fan 'e nau besibbe skiep trochdat se beskikke oer rûkstofôfskiedende klieren deunby de hoeven, de geslachtsdielen en oan 'e noaskant fan 'e eagen. Fierders misse se oare gesichtsklieren, mar hawwe de mantsjes in sik en beskikke sawol mantsjes as wyfkes oer ûnbehierre ylplakken op 'e knibbels fan 'e foarpoaten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.