Springe nei ynhâld

Gimseftigen

Ut Wikipedy
Gimseftigen
In gims (Rupicapra rupicapra).
In gims (Rupicapra rupicapra).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
(sûnder rang): baarch- en walfiskeftigen
   (Artiofabula)
(sûnder rang): walfiskeftigen en wjerkôgers
   (Cetruminantia)
ûnderskift: wjerkôgers (Ruminantia)
tuskenskift: hoarndieren (Pecora)
famylje: holhoarnigen (Bovidae)
ûnderfamylje: geiteftigen (Caprinae)
tûke gimseftigen (Rupicaprini)
Brookes, 1828

De gimseftigen of gemseftigen (wittenskiplike namme: Rupicaprini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e wjerkôgers (Ruminantia), it tuskenskift fan 'e hoarndieren (Pecora), de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae) en de ûnderfamylje fan 'e geiteftigen (Caprinae).

Dizze tûke kin opdield wurde yn twa ûnderskate skaaien, te witten de berchgeiten (Oreamnos) en de gimzen (Rupicapra). Yn totaal hearre ta de gimseftigen trije libbene soarten lytseftige, linige en wetterflugge berchbewenners, dy't foarkomme yn Jeropa en Noard-Amearika. Soms wurde de gimseftigen yn 'e taksonomyske yndieling ek wol ûnderbrocht by de tûke skiep en geiten (Caprini).

  • tûke gimseftigen of gemseftigen (Rupicaprini)
    • skaai berchgeiten (Oreamnos): 1 libbene soarte
    • skaai gimzen of gemzen (Rupicapra): 2 soarten

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.