Millennium Falcon

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
In model fan 'e Millennium Falcon.

De Millennium Falcon is in fiktyf romteskip út 'e Star Wars-franchise. It waard foar it earst neamd yn 'e roman Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, út 1976, de ferboeking fan it senario fan 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope, dy't in jier letter útkaam, yn 1977. Foar dy film waard it romteskip fysyk foarmjûn troch produksje-ûntwerper Joe Johnston. Hy makke dat de Millennium Falcon der op sa'n manear út kaam te sjen dat it yn alle sitewaasjes fuort werkenber wie, mei in ôfplatte, rûnige foarm, dy't wol wat wei hat fan in fleanende skûtel. De eigentlike miniatueren foar de opnamen waarden makke troch special effects-technikus Grant McCune.

Sûnt 1977 hat de Millennium Falcon te sjen west yn 'e tillefyzjespecial Star Wars Holiday Special (1978) en de films Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980), Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017), Solo: A Star Wars Story (2018) en Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019). Dêrnjonken spile it romteskip ek in rol yn The Lego Movie (2014), yn ferskate ôfleverings fan Star Wars-tekenfilmsearjes en yn withoefolle spin-offwurken, lykas romans, strips en fideospultsjes. De roman Millennium Falcon fan James Luceno, út 2008, giet spesifyk oer it romteskip.

Yn Solo: A Star Wars Story wurdt de Millennium Falcon foarsteld as in licht frachtskip fan it type YT-1300, makke op 'e planeet Corellia. It kompjûtersysteem fan it skip wurdt belicheme troch de androïde L3-37, dy't yn dyselde film yn it skip yntegrearre wurdt. De Millennium Falcon stiet bekend as it romteskip fan 'e Corelliaanske smokkelder en rebel Han Solo en dy syn ko-piloat, de Wookiee Chewbacca. It skip wie earder eigendom fan Han syn maat Lando Calrissian, dy't it lykwols oan Han ferlear doe't er it brûkte as ynset by in kaartspul (lykas werjûn yn Solo: A Star Wars Story). Hoewol't de Millennium Falcon der (mei sin) âld en fertutearze útsjocht, is it eins ien fan 'e fluchste romteskippen fan 'e Star Wars-kanon. It skip spilet yn 'e films in rol fan krúsjaal belang by de oerwinnings fan it Rebelleferbûn en de Nije Republyk op it Galaktysk Keizerryk en de Earste Oarder.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.