Smokkeljen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Smokkelder)
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
In ôflevering fan it Polygoonsjoernaal út 1947: "Smokkelen is Afbraak: een Reportage langs Onze Grenzen (spyldoer 03.22 min.).

Smokkeljen, smokkel(d)erij, slûkjen of slûkerij is it yllegaal oer de grins tusken twa lannen bringen fan guod dat ferbean is (lykas drugs), of sadat der gjin ynfierrrjochten en aksynzen oer betelle hoege te wurden (lykas grutte partijen sigaretten of sterke drank). Guod dat smokkele wurdt, hjit smokkelwaar of kontrabande. Dêrnjonken bestiet ek it smokkeljen fan libbene wêzens: minskesmokkeljen, wêrby't minsken yllegaal oer de grins brocht wurde, en bistesmokkeljen, wêrby't faak bedrige bisten yllegaal oer de grins brocht wurde foar de yllegale bistehannel.

Redens om te smokkeljen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By guod dat legaal is yn sawol it útfierlân as it ynfierlân kin it foardielich wêze om it de grins oer te smokkeljen as it ynfierlân hege ynfierrjochten en aksynzen hantearret. It omsilen fan it beteljen dêrfan soarget derfoar dat de ferkeaper fan 'e smokkelwaar folle gruttere winst behelje kin, sels as er syn guod yn it ynfierlân ûnder de wenstige priis ferkeapet. Soks is in foarm fan belestingfraude. In foarbyld fan dit soarte smokkeljen is de histoaryske sâltsmokkel tusken Belgje en Nederlân. Yn Nederlân waard nammentlik yn 'e njoggentjinde iuw in relatyf hege aksyns op sâlt heft. Doe't yn Belgje yn 1870 sa'n selde aksyns ôfskaft waard, bloeide der in libbene foarm fan smokkeljen fan sâlt fan Belgje nei Nederlân op. Tusken 1920 en 1927 barde persiis itselde doe't yn Nederlân hege belestings en ynfierrjochten heft waarden op spylkaarten en yn Belgje net.

Ek de útfierrjochten dy't heft wurde troch it útfierlân kinne in reden foar smokkeljen wêze, om deselde reden as hege ynfierrjochten yn it ynfierlân. Hege útfierrjochten komme lykwols folle minder foar. Histoarysk binne der wol klompen út Nederlân nei Belgje smokkele om 'e Nederlânske útfierrjochten te omsilen.

By guod dat yllegaal is yn it ynfierlân (en faak ek yn it útfierlân) is smokkeljen de iennichste manear om it guod de grins oer te bringen. It bekendste foarbyld dêrfan is drugssmokkeljen foar de yllegale hannel yn drugs. Dêrby giet it faak om harddrugs as heroïne en kokaïne, mar ek softdrugs lykas marihûana wurde wol smokkele, want hoewol't dy yn hieltyd mear lannen legaal binne is de út- en ynfier dat faak net. Drugs wurde op ferskate manearen smokkele: troch se te ferstopjen yn ladings fracht of yn bagaazje fan yndividuele reizgers, mar ek wol troch se yn kondooms te stopjen en dy dan troch te slokken, sadat de smokkelder de drugs yn syn eigen lichem ferfiert. Yn it lân fan bestimming komme de kondooms (as alles goed giet) der dan ûnskeind mei de trochgong fia de anus wer út. Sokke smokkelders wurde boltsjesslokkers neamd. Behalven drugs wurde yn fracht en bagaazje ek saken as wapens, swier fjoerwurk, sterke drank en sigaretten smokkele. Minder faak komt it smokkeljen fan antykonsepsjemiddels en beskate boeken (bgl. de Bibel) en films foar nei lannen dêr't sokke dingen ferbean binne.

De Britske dûane takelet yn 2014 in ûnderskepte lading smokkele tabakswaar út it rom fan in skip.

Smokkeljen wurdt ek wol dien om't de smokkelwaar, of de hannel dêryn, inkeld ferbean is yn it útfierlân. Men kin dan tinke oan wapenreau, mei't in protte lannen it near lizze op 'e útfier fan wapens nei oarlochsgebieten. Ek ferbiede guon lannen de útfier fan keunstwurken dy't fan nasjonaal belang achte wurde.

Manearen om te smokkeljen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane rûchwei twa manearen om te smokkeljen. Men kin de smokkelwaar meinimme of ferstjoere yn in fiertúch, fartúch of fleantúch en hoopje dat it by de grins, yn 'e haven of op 'e lofthaven troch de dûane oer de holle sjoen wurdt. Dat is de iennichste wize om guod fluch oer langere ôfstannen of tusken kontininten te smokkeljen. Foar it ferfier fan smokkelwaar tusken oanbuorjende lannen dy't in lângrins diele, kin men ek besykje it guod temûk fia de saneamde griene grins te smokkeljen, dus bûten de offisjele grinsoergongen om. Soks wurdt by foarkar ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster dien, ornaris geandefoets op in ôfhandich plak dêr't men gjin dûane of plysje ferwachtet. Wat ek wol dien wurdt, is om smokkelwaar mei yn in lytse fleanmasine ûnder de radar krekt oer de grins te fleanen en dêr op in ôfsprutsen plak op te slaan, dêr't it letter ôfhelle wurdt troch hantlangers om fierder ferfierd te wurden.

Sitewaasje yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Histoarysk hie Nederlân wat smokkeljen oangiet fral te krijen mei lytse, yndividuele smokkelders, dy't yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw guod lykas bûter, sûker en sâlt de grinzen mei Belgje en yn mindere mjitte Dútslân oer smokkelen. Fral it súdlike part fan Noard-Brabân (mei de Belgyske enklave Baarle-Hertog) en Siuwsk-Flaanderen stiene doedestiden bekend as smokkeldersnêsten, en yn mindere mjitte ek dielen fan 'e Achterhoeke en Twinte. Doe't nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch de Benelúks oprjochte waard, wêrfoar't Nederlân en Belgje harren ynfierrjochten opinoar ôfstimden, leanne it smokkeljen tusken dy beide lannen net mear. Itselde lot trof it smokkeljen tusken Nederlân en Dútslân doe't yn 'e 1950-er jierren de Jeropeeske yntegraasje op gong kaam.

Tsjintwurdich kontrolearret de Nederlânske Dûane net mear oan 'e grinzen mei Belgje en Dútslân om't alle trije lannen ta it Schengen-gebiet hearre, dêr't frij ferkear fan persoanen en guod hantearre wurdt. De dûane hâldt him sadwaande no inkeld noch dwaande mei it bestriden fan smokkeljen yn 'e Nederlânske havens en lofthavens. Dêr hat men benammen te krijen mei drugssmokkeljen út Súd-Amearika wei.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.