Kashyyyk

Ut Wikipedy
Kashyyyk sa't de planeet te sjen is yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005).

Kashyyyk (útspr.: [kɑˈʃiːk], likernôch: "ka-sjiik") is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise. It is de thúswrâld fan 'e Wookiees, dy't yn 1978 yntrodusearre waard yn 'e Star Wars Holiday Special. De planeet foarme neitiid in setting yn ferskate Star Wars-wurken (benammen romans), en ferskynde yn 2005 foar it earst op it wite doek yn 'e film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith, it ôfslutende diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy. De opnamen foar de sênes op Kashyyyk út dy film waarden dien by Phuket, yn Tailân.

Yn it Star Wars-hielal makket Kashyyyk diel út fan it planetestelsel mei deselde namme yn 'e sektor Mytaranor fan 'e Midrâne fan it Stjerrestelsel. It is in terrestryske planeet mei in diameter fan 12.765 km, dy't om in stjer rûntsjedraait dy't ek Kashyyyk hjit. De planeet hat trije moannen, in deilingte fan 26 oeren en in jierlingte fan 381 dagen. It grutste part fan 'e kontininten fan Kashyyyk is oerdutsen mei tuskenbeiden reinwâld, hoewol't der ek tropysk reinwâld en berchtmen binne. Der bestiet gâns floara en fauna mei in wielderige plantegroei en in grut bioferskaat. De lânseigen yntelliginte soarte bûtenierdske wêzens op 'e planeet binne de Wookiees, dy't foar it meastepart Shyriiwook sprekke en in wrâldregear ynsteld hawwe dat de Wookiee Ried hjit. De haadstêd is Kachirho; oare gruttere plakken binne Awrathakka, Kepitenochan, Palsaang, Rwookrrorro, Thikkiiana en de Keninklike Stêd fan Kashyyyk.

Yn 'e iere skiednis fan Kashyyyk waard de planeet oerweldige troch de Czerka Korporaasje, dy't de Wookiees mei heger ûntwikkele technology ta slaven wist te meitsjen oant de ynfallers by in opstân ferdreaun waarden. Yn 'e tweintich jier foarôfgeande oan 'e perioade dy't yn 'e Skywalker Saga yn byld brocht wurdt, moasten de Wookiees, omreden fan 'e strategyske lizzing fan Kashyyyk, ferskate kearen in ynvaazje fan 'e androïdelegers fan 'e Hannelsfederaasje ôfslaan. Yn 'e Kloane-oarloggen fochten de Wookiees oan 'e kant fan 'e Galaktyske Republyk tsjin 'e separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, dêr't de Hannelsfederaasje him by oansletten hie. De Konfederaasje begûn in nije ynvaazje, mar (sa't te sjen is yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith) waarden de fijannige troepen troch de Wookiees ferdreaun mei de help fan Jedi-masters Yoda en Luminara Unduli.

Doe't kânselier Palpatine syn steatsgreep útfierde en de Galaktyske Republyk ferfong troch it Galaktysk Keizerryk mei himsels as autokratysk regearjend keizer, liet er mei-iens Oarder 66 útgean. Dat hold in foarprogrammearre befel oan 'e kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk yn om harren Jedi-ofsieren te fermoardzjen. By dy Grutte Suvering fan 'e Jedi waard de Jedi Oarder frijwol útrûge, mar Yoda ûntkaam mei de help fan 'e Wookiees oan 'e moardoanslach. Neitiid waard Kashyyyk ferovere troch de Keizerlike Striidkrêften.

De Wookiees hiene mear as oare rassen fan bûtenierdske wêzens te lijen ûnder it skrikbewâld fan it Keizerryk, mei't se folsein ta slaven makke waarden. Ferskate fersetssellen wiene yn dy tiid aktyf op Kashyyyk, net inkeld dy fan 'e Wookiees, mar ek de partisanen fan Saw Gerrera. Nei teminsten ien mislearre opstân slagge it de Wookiees koart nei de Keizerlike nederlaach yn 'e Slach by Endor om it Keizerlik jok ôf te smiten en Kashyyyk te befrijen. Tritich jier letter, by de opkomst fan 'e Earste Oarder, waard Kashyyyk fannijs it toaniel fan in ynvaazje, mar nei de nederlaach en it definityf ferskieden fan 'e út 'e dea opstiene keizer Palpatine yn 'e Slach by Exegol slagge it de Wookiees mei de help fan it Ferset om mei de Earste Oarder ôf te weven.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin