Hannelsfederaasje

Ut Wikipedy

De Hannelsfederaasje (Ingelsk: Trade Federation) is in fiktive organisaasje út 'e Star Wars-franchise fan filmmakker George Lucas. It is in ynterstellêre koepelorganisaasje foar gearwurking tusken grutte hannelsûndernimmings binnen de Galaktyske Republyk, dy't gâns oan ynfloed wint yn it tiidrek fan 'e Hege Republyk. Letter rekket it ferbûn oerhearske troch de Neimoïden, en yn 'e neidagen fan 'e Alde Republyk wurdt it manipulearre troch de Sith-master Darth Sidious om 'e Nabookrisis te feroarsaakjen en in wichtige rol te spyljen by de oprjochting fan 'e separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Nei't Sidious (dy't eins deselde is as kânselier Palpatine) de macht grypt en it Galaktysk Keizerryk útropt, weeft er ôf mei de macht fan 'e Hannelsfederaasje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oprjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hannelsfederaasje wurdt oprjochte wurdt yn 350 f.Sl.Y. en hat syn woartels yn it krewearjen fan it regear fan 'e Galaktyske Republyk om wolfeart te bringen yn 'e minder ûntwikkele planetestelsels oan 'e bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. Troch frijhannelssônes te skeppen, waard besocht om 'e ekonomyske aktiviteit dêr oan te fiterjen. De taname fan hannel late lykwols ek ta it oanboazjen fan piraterij, plonderings en dievjen fan alderhanne soarte. De Hannelsfederaasje is it resultaat fan it gearkloftsjen fan in stikmannich wichtige bedriuwen om in mienskiplike, dus koste-effektive, manear te finen om harsels te beskermjen tsjin sokke foarmen fan misdie. Dêrnjonken komt in mienskiplike organisaasje ek fan pas om ûnderlinge skelen op te lossen foar't se út 'e hân rinne, en om in mienskiplik front te foarmjen foar de burokrasy fan 'e Republyk oer.

Meitiid wint de Hannelsfederaasje gâns oan yn omfang, prestiizje en macht. De organisaasje bout in grutte float oarlochsromteskippen om mei piraten ôfweve te kinnen en wit in eigen fertsjintwurdiging yn 'e Galaktyske Senaat te krijen. Op 't langelêst begjint de Hannelsfederaasje op 'e hannelsrûtes dy't de organisaasje behearsket, de wet oan oaren foar te skriuwen en op te lizzen. Ek wurdt de eigen ynfloed útwreide nei oanbuorjende planetestelsels en wurde troch ôfparsing grutte bedraggen ûntfytmanne oan swakke planetêre regearings foar 'beskerming' tsjin piraten. It rint derop út dat de frijhannelssônes dêr't de Hannelsfederaasje foar master opslacht, inkeld noch 'frij' binne foar de bedriuwen dy't by de Hannelsfederaasje oansletten binne. Unôfhinklike keaplju wurde twongen hege tollen te beteljen, wylst harren hannel beheind wurdt troch alderlei regels dy't troch de Hannelsfederaasje oplein wurde.

Eriadukonferinsje en oerhearsking troch de Neimoïden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der ûntstiet in machtsstriid tusken de Hannelsfederaasje en de oerheid fan 'e Galaktyske Republyk, wêrby't de Hannelsfederaasje yn it foardiel is fanwegen de trage burokrasy fan 'e Republyk en omreden fan it feit dat de Republyk gjin steand leger hat dat tsjin 'e oarlochsfloat fan 'e Federaasje ynset wurde kin. Yn 33 f.Sl.Y. wurde der direkte ûnderhannelings organisearre tusken kânselier Finis Valorum en it direktoraat fan 'e Hannelsfederaasje. Dy Eriadukonferinsje einiget yn in debakel as terroristen fan it saneamde Dizefront, in ekstremistyske politike groepearring, in oanslach op 'e oanwêzigen útfiere. Dêrby komt it meastepart fan 'e lieders fan 'e Hannelsfederaasje om.

Fan gefolgen wit ien ras fan bûtenierdske wêzens, de Neimoïden, de organisaasje frijwol oer te nimmen. Ien fan harren, Nute Gunray, wurdt beneamd ta de nije ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje en stelt neitiid syn eigen lju op oare kaaiposysjes oan. De oare leden fan 'e Hannelsfederaasje litte dat gewurde om't de organisaasje ûnder de lieding fan 'e ynklauwerige en op winst beluste Neimoïden sterk yn rykdom en macht oanwaakst. Yn dyselde tiid set de Hannelsfederaasje útein mei de bou fan fabriken om oarlochsandroïden te produsearjen foar grûnlegers, sadat de organisaasje tenei net inkeld de romte behearskje kin, mar ek it oerflak fan planeten.

Nabookrisis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 32 f.Sl.Y. wurde dy androïdelegers foar it earst ynset yn 'e Nabookrisis. Dêrby besiket de Hannelsfederaasje it planetêre regear fan Naboo syn wil op te lizzen troch in blokkade yn te stellen en letter sels in ynvaazje út te fieren. Hoewol't de troch de Galaktyske Senaat opleine tolferheging fan 'e oerheid op 'e hannelsrûtes dy't troch de Hannelsfederaasje behearske wurde, in oannimlik ekonomysk motyf foarmet foar it oangean fan dat konflikt, litte Gunray en de oare Neimoïdyske lieders harren dêrby eins liede troch wat der fan harren frege wurdt troch de Sith-master Darth Sidious, mei wa't se sûnt de Eriadukonferinsje yn kontakt kommen binne.

Sidious, dy't eins ien-en-deselde is as Sheev Palpatine, de senator foar Naboo, brûkt de Hannelsfederaasje om in heechoprinnende krisis te feroarsaakjen dy't de ein betsjut fan 'e politike karriêre fan kânselier Valorum. Hy wit it spul sa te manipulearjen dat er Valorum sels úteinlik opfolgje kin. Ta ferrassing fan Gunray wegeret Padmé Amidala, de fjirtjinjierrige minsklike keninginne fan Naboo, om ta te jaan oan syn easken. Mei de help fan Jedi-master Qui-Gon Jinn en syn padawan Obi-Wan Kenobi ûntsnapt se oan finzenskip, wêrnei't se troch de blokkade hinne brekt om nei de Galaktyske haadstêd op Coruscant reizgjen. Dêr wol se help freegje oan Valorum en de Galaktyske Senaat, mar as dat net fertuten dochs, keart se werom nei Naboo. Dêr slút se in militêr bûnsgenoatskip mei de Gunganen, it lânseigen ras fan bûtenierdske wêzens op 'e planeet. Troch gear te wurkjen witte de Nabooanen en Gunganen de Hannelsfederaasje te ferslaan en de besetting fan 'e planeet te beëinigjen.

Separatistyske Krisis en de Kloane-oarloggen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsien jier letter is de Hannelsfederaasje yn 'e mande mei it Keapmansgilde, de Techno Uny en de Yntergalaktyske Bankêre Groep ien fan 'e organisaasjes dy't oan 'e widze stiet fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels (KUS), in separatistyske beweging fan planetestelsels dy't har losmeitsje wolle fan 'e Republyk. Dat liedt ta in wapene konflikt dat bekend komt te stean as de Kloane-oarloggen. Op 'e nij wurdt dêrby de wil fan Darth Sidious folge, diskear fia dy syn learling greve Dooku. Nei bûten ta ûntstriidt de Hannelsfederaasje eltse konneksje mei de KUS, en stelt de organisaasje him neutraal op. Sa kin Lott Dod, de fertsjintwurdiger fan 'e Hannelsfederaasje yn 'e Galaktyske Senaat, in eachje yn it seil hâlde by wat de Galaktyske Republyk by de ein hat.

Hoewol't de Hannelsfederaasje ferskate kearen syn float ynset om 'e KUS te skewielen, soargje ûnbidige ôfstannen oanfolle mei leagens, juridyske eartetellerij en it opofferjen fan lju dy't de smoarge putsjes opknapt hawwe derfoar dat der hieltyd te min bewiis is foar ferfolging fan 'e hiele organisaasje. Oan 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen, as kânselier Palpatine by in steatsgreep de Galaktyske Republyk ûnder fuotten hellet en yn it plak dêrfoar it Galaktysk Keizerryk oprjochtet mei himsels oan it haad as autokratysk regearjend keizer, komme de lieders fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels gear op 'e planeet Mustafar. Palpatine, dy't harren no net mear brûke kin, stjoert syn nije learling Darth Vader dêrhinne om harren ôf te slachtsjen. Sa komt û.o. ek Nute Gunray oan syn ein. Neitiid nasjonalisearret Palpatine de Hannelsfederaasje en is it dien mei it selsstannich bestean fan 'e organisaasje.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: