Padmé Amidala

Ut Wikipedy
Padmé Amidala
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Amidala, Padmé Naberrie
sekse froulik
soarte personaazje minske (Nabooaansk)
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt keninginne, politika,
diplomate
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Anakin Skywalker
Obi-Wan Kenobi
Jar Jar Binks
Sheev Palpatine
Bail Organa
Qui-Gon Jinn
Luke Skywalker
Leia Organa
Sabé
Saché Adova
Rabé Tonsort
Eirtaé Ballory
Quarsh Panaka
Sio Bibble
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1999

Padmé Amidala (berne as: Padmé Naberrie) is in ferneamd fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise, dat betocht waard troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hja waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999) as de teenage-keninginne fan 'e planeet Naboo. Nei't har termyn as monarch foarby is, wurdt se senator foar Naboo yn 'e senaat fan 'e Galaktyske Republyk, wêrby't se útsprutsen pasifistyske stânpunten ynnimt. Padmé trout yn it djipste geheim mei de Jedi-ridder Anakin Skywalker en skinkt it libben oan 'e twilling Luke Skywalker en Leia Organa foar't hja yn it kreambêd stjert. De eangst om har te ferliezen is yn it ferhaal foar Anakin de wichtichste driuwfear foar syn ferfal ta de tsjustere kant fan de Krêft en syn ferwurden ta Darth Vader. Padmé waard yn alle trije films fan 'e Star Wars-prequeltrilogy spile troch aktrise Natalie Portman. Hoewol't har rol mingde reäksjes krige, foarme er foar Portman har ynternasjonale trochbraak.

Fiktive biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn The Phantom Menace[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Padmé wurdt berne op 'e planeet Naboo as de dochter fan Ruwee Naberrie en dy syn frou Jobal. Hja hat in suster dy't Sola hjit. Yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999), it earste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, wurdt Padmé Amidala yntrodusearre as de fjirtjinjierrige keninginne fan Naboo, dy't koartby ta har hege post ferkeazen is. Hja wurdt bystien troch gûverneur Sio Bibble, kaptein Quarsh Panaka en har hofdames Sabé, Saché, Rabé en Eirtaé. Padmé stribbet de beëiniging nei fan 'e blokkade dy't de troch de Neimoïden dominearre Hannelsfederaasje tsjin Naboo ynsteld hat. Dêrta besiket se streekrjocht te ûnderhanneljen mei Nute Gunray, de ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje, mar as dyselde har in ferdrach ûndertekenje litte wol dat de oerhearsking fan Naboo troch de Hannelsfederaasje legitimearje soe, stegeret se him ôf.

Ynstee ûntkomt Padmé fan Naboo mei de help fan Jedi-master Qui-Gon Jinn en syn frijwol follearde padawan Obi-Wan Kenobi. De bedoeling is om nei Coruscant te gean, de planeet dêr't de senaat fan 'e Galaktyske Republyk fêstige is, om dêr kânselier Finis Valorum op yngripen te fergjen. Nei't harren romteskip averij oprûn hat by it trochbrekken fan 'e blokkade, binne se lykwols twongen om in tuskenstop te meitsjen op 'e woastynplaneet Tatooine. Dêr komt Padmé, dy't de momkape oannimt fan ien fan har hofdames, foar it earst yn 'e kunde mei de njoggen jier âlde slaaf Anakin Skywalker, dy't se wat apart, mar tige ynnimlik fynt. Nei't Qui-Gon de jonge oannimt as syn folgjende learling, foarmje Padmé en Anakin op harren fierdere reis nei Coruscant in bân as sy him treastget oer it efterlitten fan syn mem Shmi.

Op Coruscant bepraat Padmé de sitewaasje mei Sheev Palpatine, de senator dy't Naboo en ferskate oare planetestelsels fertsjintwurdiget yn 'e Galaktyske Senaat. Wat sy net wit, is dat Palpatine yn it geheim teffens Darth Sidious is, de Sith-master dy't efter de skermen de hiele Nabookrisis yn gong set hat troch syn manipulaasje fan 'e Hannelsfederaasje. As kânselier Valorum Padmé meidielt dat er har net helpe kin om't er mei hannen en fuotten bûn is oan 'e trage burokrasy fan 'e Galaktyske Republyk, riedt Palpatine har oan en bring yn 'e Senaat in moasje fan wantrouwen tsjin Valorum yn stimming. Dêrtroch wurdt Valorum ûnder fuotten helle, wat Palpatine letter by steat stelt om sels kânselier te wurden.

Cosplay fan Pamé Amidala.

Neitiid keart Padmé mei Qui-Gon, Obi-Wan, Anakin en de rest fan har gefolch werom nei Naboo om dan sels mar foar de frijheid fan har thúswrâld te fjochtsjen, ek al giet dat eins tsjin har politike ideeën yn. Se ropt de help yn fan 'e Gungaanske ferstjitling Jar Jar Binks om in militêr bûnsgenoatskip te sluten mei de Gunganen, it lânseigen ras fan amfibyske bûtenierdske wêzens op Naboo. Dêrby nimt se op 'e nij de momkape fan ien fan har hofdames oan, wylst har hofdame Sabé har plak as keninginne ynnimt. Midden ûnder de ûnderhannelings mei de Gungaanske lieder baas Nass grypt Padmé yn en makket har wiere identiteit bekend, in die fan fertrouwen dy't helpt om in ferbûn te sluten. Wylst de Gunganen fanwegen komme om striid te leverjen mei de androïdelegers fan 'e Hannelsfederaasje, witte de Nabooanen ûnder lieding fan Padmé it paleis te weroverjen en Nute Gunray kriichsfinzen te nimmen, wat in ein oan it konflikt, de blokkade en de hiele krisis makket. Neitiid is Padmé oanwêzich by de kremaasje fan 'e sneuvele Qui-Gon Jinn. By in oerwinningsparade fan it Gungaanske leger troch de strjitten fan Theed langet se oan baas Nass de Fredesglobe oer as teken fan duorjende freonskip tusken de Nabooanen en de Gunganen.

Yn Attack of the Clones[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), dat tsien jier nei de foarfallen yn The Phantom Menace spilet, hat Padmé ûnderwilens har termyn as keninginne fan Naboo úttsjinne. Hja is yn 'e polityk bleaun en is no senator foar Naboo en oanbuorjende planetestelsels yn 'e Galaktyske Senaat. Dêr is Padmé de liedster fan 'e pasifistyske opposysje tsjin it wetsfoarstel om 'e Galaktyske Republyk in steand leger te jaan ta bestriding fan it groeiende gefaar fan 'e separatisten fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Hja hat noch hieltyd gjin idee dat kânselier Palpatine ek de nije, separatistyske krisis sels feroarsake hat, mei as doel om himsels yn in tiid fan need mear foech ta te eigenjen.

As Padmé op Coruscant arrivearret om har stim tsjin it wetsfoarstel út te bringen, wurdt der in oanslach op har libben útfierd troch hiermoardners yn 'e tsjinst fan 'e separatisten. Se oerlibbet de oanslach, wêrnei't op foarstean fan kânselier Palpatine de Jedi-ridder Obi-Wan Kenobi en syn padawan Anakin Skywalker oanwiisd wurde om har te beskermjen. Wylst Obi-Wan efter de hiermoardners en harren opdrachtjouwers oangiet, stjoert Palpatine Padmé, mei Anakin as har liifwacht, nei Naboo ta om ûnder te dûken. Dêr besykje sy en Anakin in platoanyske relaasje te bewarjen, nettsjinsteande harren oerdúdlike wjerssidige seksuele oantrekking. Dat is allegearre ûnderdiel fan Palpatine syn plan om Anakin oer te heljen nei de tsjustere kant fan de Krêft.

As Anakin troch de Krêft gewaarwurdt dat syn mem Shmi pine lijt, bejout er him nei Tatooine om har te rêden. Padmé beselskippet him dêrhinne, mar bliuwt efter op 'e pleats fan syn styfheit Cliegg Lars as Anakin de woastyn yn giet om Shmi te sykjen, dy't ûntfierd is troch Tusken-kapers. As er nei ferrin fan tiid weromkomt mei it stoflik omskot fan syn mem, bychtet er oan har op dat er yn in fleach fan skriklike razernij de hiele clan Tusken-kapers útrûge hat dy't foar de dea fan Shmi ferantwurdlik wie. Wat er dien hat, ûntrêstget Padmé, mar nettsjinsteande dat treastget se him om't se smoarfereale op him is.

Nei't se in boadskip ûntfange fan Obi-Wan, dy't op 'e planeet Geonosis finzen nommen is, hastigje Anakin en Padmé har dêrhinne. Lykwols wurde se sels ek finzen nommen troch Sith-ridder greve Dooku, de learling fan Darth Sidious, dy't foar syn master de oprjochting fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels bewurkmastere hat. Dooku feroardielet harren en Obi-Wan ta de deastraf, dy't útfierd wurde sil troch wylde bisten yn 'e arena foar it each fan in grut publyk. Obi-Wan, Anakin en Padmé befrije harsels, deadzje de bisten en witte hàst te ûntkommen. As it derop liket dat se it net oerlibje sille, ferklearje Anakin en Padmé harren leafde foarinoar. Fuort letter wurde se dochs noch rêden troch Yoda, Mace Windu en de oare leden fan 'e Hege Jedi Ried, dy't mei in bataljon kloansoldaten de arena binnenfalle. Neitiid trouwe Anakin en Padmé yn it djipste geheim (om't dat foar Jedi strang ferbean is), by in seremoanje dêr't inkeld de androïden C-3PO en R2-D2 tsjûge fan binne.

Ien fan 'e jurken fan Padmé Amidala út Star Wars: Episode I – The Phantom Menace.

Yn The Clone Wars[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars (2008), dy't yn 'e ynterne gronology fan Star Wars op 'e foarfallen yn Attack of the Clones folget, rekket Padmé (ynsprutsen troch stimaktrise Catherine Taber) behelle by it ûndersyk nei de ûntfiering fan Rotta, de jonge soan fan 'e gangster Jabba de Hutt. Wylst Anakin Skywalker en syn nije padawan Ahsoka Tano nei it bern sykje, bringt Padmé in besyk oan Jabba syn omke Ziro de Hutt yn dy syn paleis op Coruscant, mei as doel om him oer te heljen de Jedi te stypjen. Ziro lit har der lykwols mei geweld út sette.

Neitiid harket hja syn petear mei greve Dooku ôf, en sa ûntdekt Padmé dat Ziro belutsen is by in yngewikkeld plan om syn âldomkesizzer Rotta te fermoardzjen, de Jedi dêrfoar de skuld op 'e lea te skowen en sa Jabba tsjin harren op te setten. As Jabba dan besiket wraak te nimmen, wat er perfoarst docht, sille de Jedi him sûnder mis deadzje, sadat Ziro Jabba syn plak oan it haad fan syn misdiesyndikaat oernimme kin. Padmé wurdt ûntdutsen foar't se dy ynformaasje trochjaan kin oan Obi-Wan en Anakin. Se is Ziro syn androïden lykwols te fluch ôf en wit yndirekt har eigen befrijing te bewurkmasterjen. Dêrnei nimt se kontakt op mei Jabba, dy't dan op it punt stiet om Anakin en Ahsoka te eksekutearjen, en twingt se Ziro om syn ferrie op te bychtsjen. Mei de goede wil dy't se dêrmei wint, slagget it har om in ferdrach te sluten tusken de Galaktyske Republyk en de Hutts.

Yn 'e op 'e film folgjende tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020) boddet Padmé foar it meastepart yn 'e Senaat foar in freedsume oplossing fan 'e Kloane-oarloggen. Yn inkele ôfleverings fjochtet se njonken Anakin, Ahsoka en Jar Jar Binks tsjin 'e separatisten fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Padmé hat yn 'e tekenfilmsearje gjin haadrol, mar in weromkearende byrol, mei ferskinings yn 7 ôfleverings fan it 1e seizoen, 4 fan it 2e seizoen, 7 fan it 3e seizoen, 9 fan it 4e seizoen, 1 fan it 5e seizoen en 3 fan it 6e seizoen. De trije ôfleverings yn it sechsde seizoen foarmje in trilogy wêryn't se har eardere amtsgenoat en frijer Rush Clovis moetet, wat by Anakin liedt ta jaloerskens.

Padmé komt ek foar yn acht ôfleverings fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: Clone Wars (2003-2005), wêryn't har dialooch ynsprutsen waard troch Grey DeLisle. Dêryn spilet se lykwols in byrol fan (noch) minder belang.

Yn Revenge of the Sith[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trije jier nei de foarfallen yn Attack of the Clones rekket Padmé yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) swier. As se dat oan Anakin fertelt, kriget dy't foarsizzende dreamen wêryn't sy yn it kreambêd ferstjert. Palpatine spilet yn op Anakin syn eangst troch him wiis te meitsjen dat inkeld de tsjustere kant fan 'e Krêft it libben fan Padmé rêde kin. Uteinlik lit Anakin him dêrom oerhelje nei dy kant fan 'e Krêft en wurdt er Palpatine syn nije Sith-learling. Underwilens begjint Padmé erchtinkend te wurden as Palpatine de Kloane-oarloggen as ferlechje brûkt om himsels frijwol folsleine sizzenskip oer de Senaat en de rjochtspraak ta te eigenjen. Nettsjinsteande dat is sy (yn in fuortknipte sêne dy't as bonusmateriaal oan 'e dvd fan 'e film tafoege is) by in moeting mei oare leden fan 'e opposysje, ûnder wa Bail Organa en Mon Mothma, fan miening dat Palpatine it foardiel fan 'e twifel fertsjinnet. Padmé is nammentlik noch net fergetten hoe't er har trettjin jier earder holpen hat (mient se) by de Nabookrisis.

Padmé beseft pas hoe slim oft se har op Palpatine fersjoen hat as dy letter de Republyk ûnder fuotten hellet en ferfangt troch it Galaktysk Keizerryk mei himsels as autokratysk regearjend keizer. Obi-Wan fertelt har fuort letter dat Anakin ta it kwea ferlaat is troch Palpatine, dy't eins de Sith-master Darth Sidious is. Anakin is no Darth Vader wurden, en hat by de Grutte Suvering fan 'e Jedi de lieding oer it útrûgjen fan alle oanwêzigen yn it haadkertier fan 'e Jedi-Oarder op Coruscant, de lytse bern ynbegrepen. Padmé wegeret dat te leauwen en reizget ôf nei de planeet Mustafar, dêr't Vader troch de keizer hinne stjoerd is om 'e lieders fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels ôf te slachtsjen. Padmé besiket mei Vader te redendielen en smeekt him om te besykjen en ûntkom oan 'e gryp fan Palpatine, mar Vader syn plan is om mei har tegearre Palpatine ûnder fuotten te heljen en yn syn plak oer it Stjerrestelsel te hearskjen. Padmé skrillet ferfolle fan walging tebek, en as Obi-Wan, dy't as ferstekling yn har romteskip meireizge is, foar it ljocht komt, mient Vader dat se him ferret hat. Hy wjirget har oant se it bewustwêzen ferliest.

De tradisjonele seremoniële dracht fan Mongoalske keninginnen.
Aartshartoginne Ksenija Aleksandrovna Romanova yn 17e-iuwske Russyske keizerlike dracht. (Foto út 1903).

Wylst de androïden C-3PO en R2-D2 de bewusteleaze Padmé yn feilichheid bringe, ferslacht Obi-Wan Vader yn in duël mei de ljochtsabel en lit him foar dea efter. Hy bringt Padmé nei de geheime basis Polis Massa, op in asteroïde, dêr't se koarte tiid letter it libben skinkt oan in twilling dy't se Luke en Leia neamt. Hoewol't se sûn fan lichem is, hat se troch it ferrie fan Anakin de wil om te libjen ferlern. Tsjin Obi-Wan hâldt se út dat Vader net folslein kwea wêze kin. Koarte tiid letter ferstjert se. Nei't har stoflik omskot feroare is om te bearen dat de poppen mei har stoarn binne, wurdt it nei Naboo ta brocht, dêr't Padmé in steatsbegraffenis kriget mei grut seremonieel. Op it befel fan 'e Jedi-master Yoda wurdt de beide twillingbern foar harren eigen feilichheid útinoar helle en ferburgen. Leia wurdt oan kening Bail Organa fan Alderaan jûn om grut te bringen, wylst Luke troch Obi-Wan op Tatooine oan Anakin syn styfbroer Owen Lars en dy syn frou Beru jûn wurdt.

Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jierren film akteur
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
1980 Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back
1983 Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi
1999 Star Wars: Episode I – The Phantom Menace Natalie Portman
2002 Star Wars: Episode II – Attack of the Clones
2005 Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith
2008 Star Wars: The Clone Wars Catherine Taber
2015 Star Wars: Episode VII – The Force Awakens n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2016 Rogue One: A Star Wars Story
2017 Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi
2018 Solo: A Star Wars Story
2019 Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker

Kostúms[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fral as keninginne fan Naboo, yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999), mar ek as senator, yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), wie Padmé Amidala te sjen yn in protte ferskillende, tige swiid foarmjûne kostúms. Dy garderôbe waard ûntwurpen troch yllustrator Iain McCaig en kostúmûntwerpster Trisha Biggar en (foar Attack of the Clones) yllustrator Dermot Power. In protte fan 'e kostúms waarden ynspirearre troch histoaryske keninklike drachten út ferskate kultueren. Sa wie de jûpe dy't Padmé draacht as se yn The Phantom Menace op Coruscant de Galaktyske Senaat tasprekt, basearre op klaaiïng fan 'e Mongoalske keninginne-gemalinnen Tsendiin Dondogdulam (1876-1923) en Genepil (1905-1938), de oarehelten fan 'e bogd chaan. En de reisjûpe fan Padmé yn Attack of the Clones waard ynspirearre troch de santjinde-iuwske moade fan froulike leden fan it Russyske tsarehûs, dêr't aartshartoginne Ksenija Aleksandrovna Romanova yn 1903 mei op 'e foto gie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono