Springe nei ynhâld

Jan Dodonna

Ut Wikipedy
Jan Dodonna
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
seksemanlik
soarte personaazjeminske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amtgeneraal
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Mon Mothma
Luke Skywalker
Wedge Antilles
Biggs Darklighter
prinsesse Leia
geastlike heitGeorge Lucas
ûntstean1977

Jan Dodonna is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in generaal fan it Rebelleferbûn, en as sadanich koarte tiid de befelfierend ofsier fan 'e jonge Luke Skywalker. It personaazje waard yn Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) spile troch Alex McCrindle en yn Rogue One: A Star Wars Story (2016), troch Ian McElhinney. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels waard syn stim ynsprutsen troch Michael Bell.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jan Dodonna komt oarspronklik fan 'e planeet Commenor. Hy folget in ofsiersoplieding en tsjinnet neitiid by de romtemacht fan 'e Galaktyske Republyk. Nei de steatsgreep troch kânselier Palpatine, dêr't de Republyk by ûnder fuotten helle en ferfongen wurdt troch it diktatoriale Galaktysk Keizerryk mei Palpatine sels as keizer, ferfolget Dodonna yn 't earstoan syn militêre tsjinst by de romtemacht fan it Keizerryk. As er foar it ferstân kriget hoe'n skrikbewâld oft Palpatine fiere wol, desertearret er. Dodonna rjochtet neitiid ien fan 'e earste wapene fersetsbewegings op, de Massassi Groep, dy't operearret út 'e ruïnes fan 'e Massassi-beskaving wei op Yavin-IV, de fjirde moanne fan 'e gasreus Yavin.

Dodonna en guon oare leden fan 'e Massassi Groep spylje in wichtige rol by it ta stân kommen fan in feriene fersetsbeweging yn 'e foarm fan it Rebelleferbûn. Nei't Mon Mothma, de polityk liedster fan 'e opstannelingen, yn 2 f.Sl.Y. de Ferklearring fan Opstân útgean litten hat, dy't beskôge wurde kin as de formalisearring fan 'e feriening fan 'e ûnderskate fersetsgroepen, wurdt Dodonna lid fan it opperbefel fan it Rebelleferbûn. Njonken it befel oer de geheime basis op Yavin-IV kriget er dan ek it befel oer de militêre operaasjes fan 'e rebellen yn syn hiele sektor.

Sadwaande is er nau behelle by de plannen foar it stellen fan 'e blaudrukken fan 'e Deadsstjer, it nije romtestasjon anneks massaferneatigingswapen fan it Keizerryk (lykas te sjen yn Rogue One: A Star Wars Story). Nei't de blaudrukken (lykas te sjen yn Star Wars: Episode IV – A New Hope) troch prinsesse Leia, de jonge Jedi Luke Skywalker en de smokkelders Han Solo en Chewbacca op Yavin-IV ôflevere binne, is Dodonna (yn 'e film mei burd) ferantwurdlik foar it opstellen foar it plan fan 'e oanfal troch de rebellen op 'e Deadsstjer. Dy konfrontaasje, dy't bekend komt te stean as de Slach by Yavin, einiget mei de ferneatiging fan 'e Deadsstjer.

Nei de oerwinning wurdt de basis op Yavin-IV, dy't net mear geheim is, ûntromme. Dodonna jout him by de float fan it Rebelleferbûn, dêr't er mei de oare leden fan it opperbefel it tafersjoch oer alle militêre operaasjes fan 'e opstannelingen hat. In jier letter is er mei de oare leden fan it opperbefel oanwêzich op 'e Mako-Ta Romteskipswerf, dêr't er persoanlik it befel fiert oer de swiere kruser Republyk. As it ferrie fan keninginne Trios fan Shu-Torun, dy't in dûbelaginte fan Palpatine blykt te wêzen, it Rebelleferbûn in swiere klap tabringt, wit Dodonna mei de Republyk te ûntkommen. Luke Skywalker bepraat him lykwols om nei Mako-Ta werom te kearen om 'e dêr strâne rekke rebellen te rêden. By dy operaasje wurdt de Republyk ferneatige troch de superlaserkanonnen fan it Keizerlik superstjerreslachskip Eksekuteur. Generaal Dodonna komt dêrby om it libben.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New HopeRaymus Antilles Wedge Antilles C-3PO Chewbacca Biggs Darklighter Jan Dodonna Obi-Wan Kenobi Beru Lars Owen Lars prinsesse Leia Organa R2-D2 Luke Skywalker Han Solo Wilhuff Tarkin Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back Lando Calrissian Boba Fett keizer Palpatine Firmus Piett Yoda
 yntrodusearre yn Return of the JediGial Ackbar Bib Fortuna Jabba de Hutt Mon Mothma Anakin Skywalker Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom MenaceSaché Adova Mas Amedda Eirtaé Ballory Sio Bibble Depa Billaba Jar Jar Binks Adi Gallia Nute Gunray Qui-Gon Jinn Ki-Adi-Mundi Eeth Koth Plo Koon Darth Maul Rugor Nass Padmé Amidala Quarsh Panaka Even Piell Yarael Poof Oppo Rancisis Sabé Sebulba Shmi Skywalker Darth Sidious Aurra Sing Roos Tarpals Saesee Tiin Rabé Tonsort Finis Valorum Watto Mace Windu Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clonesgreve Dooku Jango Fett Kit Fisto Agen Kolar Cliegg Lars Bail Organa Poggle de Mindere Aayla Secura Shaak Ti Darth Tyranus Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the SithStass Allie generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force AwakensBB-8 Kaydel Ko Connix Poe Dameron Finn Armitage Hux Maz Kanata kaptein Phasma Kylo Ren Rey Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi Larma D'Acy DJ Amilyn Holdo Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of SkywalkerZorii Bliss D-O Jannah Enric Pryde Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film)Ahsoka Tano Asajj Ventress Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue OneCassian Andor Galen Erso Jyn Erso Saw Gerrera Chirrut Îmwe K-2SO Orson Krennic Baze Malbus Raddus Bodhi Rook
 yntrodusearre yn SoloTobias Beckett L3-37 Enfys Nest Qi'ra Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media Ezra Bridger Din Djarin Grogu Kanan Jarrus Bo-Katan Kryze Satine Kryze de Mandaloriaan Savage Opress Fennec Shand Sifo-Dyas Hera Syndulla Sabine Wren Kazuda Xiono