Jango Fett

Ut Wikipedy
Jango Fett
personaazje út Star Wars
Jango Fett.jpg
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske (Mandaloriaansk)
nasjonaliteit Flag of the Galactic Republic.svg Galaktysk
berop/amt preemjejager, hierling,
hiermoardner
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Boba Fett
Obi-Wan Kenobi
greve Dooku
Mace Windu
geastlike heit George Lucas
ûntstean 2002

Jango Fett (útspr.: [ˈʤæŋɡoʊ ˈfɛt], likernôch: "dzjeng-go fet") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is de heit fan it bekendere personaazje Boba Fett en teffens in minsklike Mandaloriaanske preemjejager, hierling en hiermoardner dy't as sjabloan brûkt wurdt foar in it kloanjen fan in leger supersoldaten. Jango Fett waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), oan 'e ein wêrfan't er omkomt yn in gefjocht mei Jedi-master Mace Windu. It personaazje waard fertolke troch de Nijseelânske akteur Temuera Morrison.

Fiktive biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones, it twadde diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, dûkt Jango Fett foar it earst op as in Mandaloriaanske preemjejager, hierling en hiermoardner dy't troch de Sith-ridder greve Dooku yn 'e earm nommen wurdt om senator Padmé Amidala te fermoardzjen. Dooku hannelet op dat stik op oanstean fan Nute Gunray, de Neimoïdyske ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje, dy't noch altyd wrokket oer de nederlaach fan 'e Hannelsfederaasje yn 'e Nabookrisis, tsien jier earder, en syn dêropfolgjende fernederjende berjochting (ek al is er nea feroardiele), wat er allegear oan Padmé wyt.

Fett besteget de put út oan 'e froulike foarmferoarer Zam Wesell. Nei twa mislearre oanslaggen op it libben fan 'e senator is er lykwols twongen om Wesell te deadzjen mei in fergiftige pylkje om foar te kommen dat se syn namme oan 'e autoriteiten ferriede sil. Nettsjinsteande Fett syn krewearjen liedt it ûndersyk nei de oanslaggen en de moard op Wesell de autoriteiten, yn 'e persoan fan Jedi-master Obi-Wan Kenobi, dochs nei him ta op 'e oseaanplaneet Kamino. Dêr ûntdekt Obi-Wan in kloaningsfabryk dêr't in reuseftich leger kloansoldaten produsearre wurdt troch it genoom fan Jango Fett as sjabloan te brûken. Dat leger is mear as tsien jier lyn besteld troch Jedi-master Sifo-Dyas út namme fan 'e Galaktyske Republyk, hoewol't fierders nimmen earne fan ôfwit. Sifo-Dyas is neitiid rillegau fermoarde en syn projekt temûk kaapt troch greve Dooku.

As ûnderdiel fan syn betelling is ien kloan oan Jango Fett sels oerdroegen, dy't er fan bern ôf oan as syn soan grutbrocht hat. Dat is Boba Fett, dy't letter noch in wichtige rol spylje sil yn 'e Skywalker Saga. Op Kamino komt it ta in konfrontaasje tusken Jango Fett en Obi-Wan Kenobi, wêrby't Jango troch tuskenkomst fan Boba wit te ûntkommen. Hy flechtet mei syn soan nei de planeet Geonosis, dêr't er him by syn wurkjouwer greve Dooku jout. Dyselde hat dêr de lieding oer de opbou fan in reuseftich leger oarlochsandroïden foar de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels.

Obi-Wan efterfolget de beide Fetts nei Geonosis, dêr't er finzen nommen wurdt en letter syn freonen Anakin Skywalker en Padmé Amidala ek. De útfiering fan 'e deastraf yn in arenagefjocht mei wylde bisten, dy't Dooku it trio opleit, wurdt lykwols foarkomd troch de oankomst fan 'e masters fan 'e Hege Jedi Ried, ûnder lieding fan Yoda en Mace Windu, mei by harren in earste bataljon kloansoldaten. Der ûntjout him in fjildslach dy't it earste treffen fan 'e Kloane-oarloggen is; Jango Fett nimt dêroan diel oan 'e kant fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Yn it gefjocht wurdt er troch ien fan 'e oerlibjende wylde bisten, in reek, fertrape, wêrby't syn jetpack stikken rekket. Mei't er sadwaande net by steat is en flean fuort, kin er troch Mace Windu mei de ljochtsabel ûnthâlze wurde.

Neitiid wurdt de neilittenskip fan Jango Fett opnommen troch syn soan Boba, dy't syn heite wapenris, wapenreau en romteskip de Slave I ervet en meitiid ien fan 'e meast beruchte preemjejagers fan it hiele Stjerrestelsel wurdt.

Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jierren film akteur
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
1980 Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back
1983 Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi
1999 Star Wars: Episode I – The Phantom Menace
2002 Star Wars: Episode II – Attack of the Clones Temuera Morrison
2005 Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2008 Star Wars: The Clone Wars
2015 Star Wars: Episode VII – The Force Awakens
2016 Rogue One: A Star Wars Story
2017 Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi
2018 Solo: A Star Wars Story
2019 Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Din Djarin • Cara Dune • Grogu • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Paz Vizsla • Sabine Wren