Adi Gallia
Adi Gallia personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | froulik | |
soarte personaazje | Tholotiaanse | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | Jedi-master | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Mace Windu Yoda Ki-Adi-Mundi Depa Billaba Plo Koon Stass Allie | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1999 |
Adi Gallia is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Sy is in Jedi-master fan it bûtenierdske ras fan 'e Tholothianen, en teffens in lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoer fan 'e Jedi Oarder. Adi Gallia waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). It personaazje waard yn dy film en yn it ferfolch Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) spile troch aktrise Gin Clarke (op 'e ôftiteling fermeld as Gin). Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020) waard de dialooch fan Adi Gallia ynsprutsen troch stimaktrise Angelique Perrin, dy't ek in stimcameo yn 'e film Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) foar har rekken naam.
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Adi Gallia wurdt berne as in telch út in ynfloedrike famylje fan it bûtenierdske ras fan 'e Tholothianen op 'e planeet Coruscant, dêr't it regear fan 'e Galaktyske Republyk residearret. Har âldelju binne diplomaten dy't dêre stasjonearre binne. Omreden fan har oanberne Krêftgefoeligens wurdt Gallia al jong nei de Jedi Timpel ta brocht, it haadkertier fan 'e Jedi Oarder op Coruscant, dêr't se oplaat wurdt ta Jedi-ridder. Gallia ûntjout har ta in foaroansteande Jedi en wurdt meitiid beneamd ta lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoersorgaan fan 'e Jedi Oarder. Hja is in folle nicht fan Stass Allie, in oare Tholothiaanske Jedi-ridder.
Nabookrisis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 32 f.Sl.Y., as de Nabookrisis útbrekt, tsjinnet Adi Gallia noch hieltyd as lid fan 'e Hege Jedi Ried. Se wurdt rûnom erkend as in ekspêr op it mêd fan diplomasy, en sadwaande is sy dejinge dy't de Hege Jedi Ried warskôget dat de aktiviteiten fan 'e Hannelsfederaasje yn it planetestelsel fan Naboo net te rimen binne mei normale diplomatike strategyen. Gallia is behelle yn 'e rieplachtings fan 'e Ried oer de krisis sels, mar ek oer it wer opdûken fan 'e Sith, de âlde aartsfijannen fan 'e Jedi, fan wa't oannommen waard dat se tûzenen jierren lyn al útrûge wiene.
Gallia is fierders oanwêzich as master Qui-Gon Jinn de njoggenjierrige Anakin Skywalker foar de Ried bringt, dy't sa sterk yn de Krêft is dat Qui-Gon derfan oertsjûge rekke is dat er de Utkarde is dêr't de oerâlde profesijen fan 'e Jedi gewach fan meitsje. De leden fan 'e Ried, ûnder wa Gallia, binne it deroer iens dat in leeftyd fan njoggen jier fierstente let is om noch oan in oplieding ta Jedi te begjinnen, en master Yoda wurdt grutte eangst yn 'e jonge gewaar, wat in negative emoasje is. De Ried beslút Qui-Gon syn fersyk om Anakin dochs noch oan 'e Jedi-training begjinne te litten, ôf te wizen.
Nei it ferstjerren fan Qui-Gon yn 'e Slach om Naboo by in konfrontaasje mei de Sith Darth Maul, kundiget Qui-Gon syn eardere padawan Obi-Wan Kenobi oan dat er hoe dan ek gehoar jaan sil oan 'e lêste wurden fan syn âlde master, wêrmei't dyselde him frege hat om Anakin ta Jedi te trainen. De Ried beslút mei tsjinnichheid om dêr tastimming foar te jaan. Adi Gallia is ien fan 'e leden 'e Hege Jedi Ried dy't mei Yoda en Mace Windu nei Naboo ta reizgje. Hja is dêr oanwêzich by de kremaasje fan Qui-Gon Jinn en de oerwinningsparade yn 'e haadstêd Theed.
Kloane-oarloggen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wannear't yn 22 f.Sl.Y. de Separatistyske Krisis útbrekt, wêryn't de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels him besiket ôf te skieden fan 'e Galaktyske Republyk, is Adi Gallia noch altyd lid fan 'e Hege Jedi Ried. Hja is ien fan 'e 212 Jedi-ridders dy't troch Mace Windu, de lieder fan 'e Hege Jedi Ried, meinommen wurde nei de planeet Geonosis, om dêr de ta de deastraf feroardiele Jedi Obi-Wan Kenobi en Anakin Skywalker en senator Padmé Amidala te rêden. Gallia is ien fan in minmachtich groepke dat it gefjocht yn 'e Petranaki Arena en de dêropfolgjende Earste Slach om Geonosis oerlibbet. Dat treffen liedt ta it útbrekken fan 'e Kloane-oarloggen. Hja wurdt neitiid in generaal yn Grutte Leger fan 'e Republyk, dat bestiet út 'e kloansoldaten dy't Jedi-master Sifo-Dyas mear as tsien jier earder op Kamino besteld hat.
Wannear't yn 21 f.Sl.Y. Eeth Koth, in oar lid fan 'e Hege Jedi Ried, finzen nommen wurdt troch generaal Grievous, de opperbefelhawwer fan 'e oarlochsandroïdelegers fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, stjoert Grievous in spottend holografysk boadskip oan 'e Jedi Ried, wêryn't er Koth martelet. It slagget Koth lykwols om mei gebearten dy't er makket mei de fingers oan te jaan wêr't er fêstholden wurdt. Neitiid fiere Gallia, Obi-Wan Kenobi en Anakin Skywalker in rêdingsmisje út wêrby't Koth befrijd wurdt.
Letter yn 'e oarloch, yn 20 f.Sl.Y., is Gallia mei Plo Koon, Saesee Tiin en Obi-Wan Kenobi ien fan 'e Jedi-masters dy't de stoflike omskotten fan Jedi-master Halsey en syn padawan Knox ûndersykje, dy't dea oantroffen binne. Gallia komt ta de konklúzje dat de dieder de tsjustere Jedi Asajj Ventress wêze moat, dy't omkommen wêze soe by de Slach om Sullust. Gallia oppenearret de teory dat Ventress noch libje moat. Gallia is mei Plo Koon, Saesee Tiin en Kit Fisto ek behelle yn 'e rêding op Lola Sayu fan in team ûnder lieding fan Kenobi, Skywalker en Ahsoka Tano, dat earder útstjoerd wie om 'e finzen nommen Jedi-master Even Piell en luitenant-kolonel Wilhuff Tarkin te befrijen.
As har romteskip by Patitite Pattuna yn in mûklaach rint, wurdt Gallia kriichsfinzen nommen troch Grievous. Hja wurdt lykwols binnen inkele oeren al befrijd troch Plo Koon. Letter is se mei Kenobi behelle yn it dwerseidzjen fan in plan fan 'e Sith-ridder greve Dooku om 'e bewenners fan 'e planeet Bray te ynfektearjen mei fampiryske eigenskippen. Yn 19 f.Sl.Y. geane Gallia en Kenobi efter de lossleine Sith-ridder Darth Maul en syn broer en learling Savage Opress oan, dy't in spoar fan dea en ferdjer troch it Stjerrestelsel lûke. Op 'e planeet Florrum spoare se it duo úteinlik op. Der ûntstiet in gefjocht mei de ljochtsabels, wêrby't Gallia omkomt as Opress mei syn hoarnen har búk iepenryt, om har dêrnei de genedeklap ta te bringen mei syn sabel.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |