Sabé

Ut Wikipedy
Sabé
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Tsabin
sekse froulik
soarte personaazje minske (Nabooaansk)
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt hofdame
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Padmé Amidala
Saché Adova
Rabé Tonsort
Eirtaé Ballory
Quarsh Panaka
Sio Bibble
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1999

Sabé (útspr.: [sɑˈbeː], likernôch: "sa-bee"); in ropnamme foar Tsabin) is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hja is in hofdame fan keninginne Padmé Amidala fan Naboo en waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). De rol fan Sabé waard spile troch de Ingelske aktrise Keira Knightley.

Fiktive biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iere jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sabé is berne op 'e planeet Naboo, yn in laach fan bespilers fan 'e hallikset, in soarte muzykynstrumint. Dêrfandinne dat se neffens de tradysje fan har famylje nei it konservatoarium yn 'e Nabooaanske haadstêd Theed stjoerd wurdt foar in muzikale oplieding. Mei't se net folle nocht oan har foarútstippele libbenspaad hat, giet se der daliks op yn as se op har fjirtjinde troch kaptein Quarsh Panaka, de kommandant fan 'e paleiswacht, frege wurdt as hofdame foar de nije keninginne Padmé Amidala. Yn 'e entoeraazje fan 'e keninginne wurket Sabé neitiid gear mei ferskate oare jonge hofdames, ûnder wa Saché Adova, Rabé Tonsort en Eirtaé Ballory. Fan harren allegear liket Sabé it measte op Padmé, safolle sels, dat de beide fammen mei wat make-up op net útinoar te hâlden binne. Op fersyk fan Padmé risselwearret Sabé, dy't trou oant yn 'e dea sward hat oan har keninginne, om yn gefal fan need it plak fan 'e keninginne yn te nimmen as in soarte fan passive liifwacht.

Yn The Phantom Menace[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Nabookrisis stelt de troch de Neimoïden dominearre Hannelsfederaasje in blokkade yn tsjin Naboo om keninginne Padmé safier te krijen dat se in ferdrach tekenet dat de planeet oan 'e Hannelsfederaasje oerleverje sil. Yn dy nuodlike tiid nimt Sabé ferskate kearen it plak fan Padmé yn, wêrmei't de beide fammen sels de Jedi Qui-Gon Jinn en Obi-Wan Kenobi foar de gek hâlde. Dy 'wikseltrúk' fiere se bygelyks út as de oarlochsandroïden fan 'e Hannelsfederaasje op Naboo lânje, en 'keninginne Padmé' foar Nute Gunray brocht wurdt, de ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje. As Sabé (yn har momkape as de keninginne) wegeret en tekenje it ferdrach, wurde sy, Padmé en de oare hofdames nei in finzenekamp stjoert. Yn 'e strjitten fan Theed wurde se lykwols befrijd troch Qui-Gon en Obi-Wan.

Neitiid spilet Sabé oanhâldend foar de keninginne op 'e reis fan Padmé nei de haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk op Coruscant. Padmé makket dêrfan gebrûk om, by in tuskenstop op 'e woastynplaneet Tatooine, Qui-Gon te beselskipjen nei de delsetting Mos Espa, wat er nea talitten hawwe soe as er foar it ferstân hân hie dat se de keninginne wie. Yn Mos Espa komt Padmé op dy manear yn 'e kunde mei de jonge slaaf Anakin Skywalker, dy't jierren letter har minner wurde sil.

Nei't se sûnder wat bedijd te hawwen fan Coruscant weromkeard binne nei Naboo, makket Padmé gebrûk fan 'e tsjinsten fan 'e Gungaanske ferstjitling Jar Jar Binks om kontakt te lizzen mei de Gunganen, it ras fan bûtenierdske wêzens dat op Nabou lânseigen is. By ûnderhannelings mei de Gungaanske lieder baas Nass oer it sluten fan in militêr bûnsgenoatskip nimt Sabé fannijs it plak fan Padmé yn, mar midden ûnder de gearkomste makket Padmé harsels bekend, in blyk fan fertrouwen dat de foarming fan it bûnsgenoatskip tige by tige foarúthelpt. Neitiid, yn 'e Slach om Naboo, bestoarmje Padmé-en-dy it keninklik paleis yn Theed, dat beset is troch de Neimoïden. Sabé draacht de staasjeklean fan 'e keninginne en lokket dêrmei de oarlochsandroïden út 'e troanseal wei. Sadwaande slagget it Padmé en kaptein Panaka om Nute Gunray kriichsfinzen te nimmen wêrnei't it gau út is mei de blokkade en de besetting.

Neitiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't Padmé har termyn as keninginne fan Naboo úttsjinne hat en oan in politike karriêre as senator foar Naboo en oanbuorjende planetestelsels yn 'e Galaktyske Senaat op Coruscant begjint, is Sabé de iennichste fan har hofdames dy't by har bliuwt. Se wurdt assistinte fan 'e senator. Letter stjoert Padmé har en de Nabooaanske legerkaptein Tonra nei Tatooine om dêr alle slaven frij te keapjen dy't se fine kinne. Hoewol't Padmé oan Sabé freget om Shmi Skywalker, de mem fan Anakin, te sykjen, kin se har net fine (om't Shmi tsjin dy tiid al frijkocht is troch en troud is mei de boer Cliegg Lars). Op Tatooine wurket Sabé undercover by in wetteropslach ûnder de momkape fan in hanneler dy't Sobon hjit.

As kânselier Palpatine de Galaktyske Republyk ûnder fuotten hellet en ferfangt troch it Galaktysk Keizerryk mei himsels as keizer, komt dat as in skok foar Sabé, dy't in goede yndruk fan Palpatine hie. Noch grutter is de skok as har op Tatooine net folle letter it nijs berikt dat Padmé stoarn is. Dat bart nei't se befallen is fan 'e twilling Luke en Leia, de bern fan Anakin. Mei't Anakin ûnderwilens troch Palpatine ferlaat is nei de tsjustere kant fan de Krêft en de Sith-ridder Darth Vader wurden is, ferliest Padmé troch syn ferrie de wil om te libjen en stjert se. Dy gong fan saken wurdt troch de Jedi-ridders Yoda en Obi-Wan Kenobi lykwols strang geheim holden; nei de bûtenwrâld ta wurdt inkeld útbrocht dat Padmé en har bern yn it kreambêd omkommen binne.

Sabé fermoedet dat har freondinne fermoarde is en giet tegearre mei kaptein Tonra op ûndersyk út. Op Coruscant brekke se yn yn it appartemint fan Padmé, dêr't se û.o. de opnamen fan 'e befeiligingskamera's feilichstelle. It ûndersyk rint dea en as net folle letter de Galaktyske Boargeroarloch útbrekt tusken it Galaktysk Keizerryk en it Rebelleferbûn, jout Sabé har by de opstannelingen. Nei de foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) en it earste duël fan Darth Vader mei syn soan Luke Skywalker op Bespin, hat Sabé in tafallige moeting mei Darth Vader op 'e planeet Vendaxa en wurket se tydlik mei him gear om 'e wierheid oer de dea fan Padmé te witten te kommen. Vader lit har libje, in feit dêr't er letter mei tramtaasjes foar bestraft wurdt troch keizer Palpatine.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono