Springe nei ynhâld

Sebulba

Ut Wikipedy
Sebulba
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
seksemanlik
soarte personaazjeDug
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amtkoereur
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Anakin Skywalker
Watto
geastlike heitGeorge Lucas
ûntstean1999

Sebulba is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Dug fan 'e planeet Malastare en in koereur dy't dielnimt oan in race troch de woastyn op 'e planeet Tatooine. Sebulba waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). Hy wie folslein it resultaat fan fisuele effekten; syn dialooch waard ynsprutsen troch stimakteur Lewis MacLeod.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sebulba is in Dug, dy't berne is op Malastare, de thúswrâld fan 'e Dugs. Hy wie ienris in slaaf, mar wist syn frijheid te winnen troch syn talinten as koereur. Sebulba is tige arrogant en kompetatyf, en skrillet net tebek foar falskspyljen as er dêrmei in race winne kin. Dêrom hat er syn podracer foarsjoen fan in ferskaat oan yllegaal wapenreau dat er brûkt om tsjinstanners dy't er oars net de baas kinne soe, lytsman te meitsjen. (Sa sit der yn syn loftermotor bgl. in flammewerper ynboud.)

Yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace nimt Sebulba diel oan 'e Boontajûnklassiker, in race troch de woastyn fan 'e planeet Tatooine, dêr't er de ferwachte winner is. Hy bewissiget him fan syn kânsen op 'e oerwinning troch al ier yn race in oare dielnimmer, Mawhonic, út te skeakeljen en neitiid noch ferskate oare koereurs dy't driigje de lieding fan it fjild fan him oer te nimmen.

Ien fan 'e oare koereurs is de njoggenjierrige minsklik slavejonge Anakin Skywalker. Dyselde giet troch sabotaazje fan Sebulba mar dreech fan start en kriget, op 'e nij troch Sebulba syn tadwaan, oan 'e ein fan 'e twadde omgong suver in deadlik ûngemak. Mar syn wetterflugge, troch de Krêft ûnderstipe refleksen rêde him. Anakin komt werom, en Sebulba en hy stride om it earste plak oant Sebulba mei syn cockpit te ticht by de motors fan 'e podracer fan Anakin komt en delstoart. Dat klearret it paad foar it winnen troch Anakin fan 'e Boontajûnklassiker, wêrmei't er tagelyk syn frijheid wint.

Om't er yn it mulle sân fan 'e woastyn delkomt, oerlibbet Sebulba it delstoarten fan syn podracer. Hy giet neitiid troch mei racen oant de Kloane-oarloggen al lang en breed úteinset binne. Dêrnei jout er it podracen deroan en set er útein mei in nije karriêre yn it 'kriichsracen', in noch ekstremere sport.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New HopeRaymus Antilles Wedge Antilles C-3PO Chewbacca Biggs Darklighter Jan Dodonna Obi-Wan Kenobi Beru Lars Owen Lars prinsesse Leia Organa R2-D2 Luke Skywalker Han Solo Wilhuff Tarkin Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back Lando Calrissian Boba Fett keizer Palpatine Firmus Piett Yoda
 yntrodusearre yn Return of the JediGial Ackbar Bib Fortuna Jabba de Hutt Mon Mothma Anakin Skywalker Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom MenaceSaché Adova Mas Amedda Eirtaé Ballory Sio Bibble Depa Billaba Jar Jar Binks Adi Gallia Nute Gunray Qui-Gon Jinn Ki-Adi-Mundi Eeth Koth Plo Koon Darth Maul Rugor Nass Padmé Amidala Quarsh Panaka Even Piell Yarael Poof Oppo Rancisis Sabé Sebulba Shmi Skywalker Darth Sidious Aurra Sing Roos Tarpals Saesee Tiin Rabé Tonsort Finis Valorum Watto Mace Windu Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clonesgreve Dooku Jango Fett Kit Fisto Agen Kolar Cliegg Lars Bail Organa Poggle de Mindere Aayla Secura Shaak Ti Darth Tyranus Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the SithStass Allie generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force AwakensBB-8 Kaydel Ko Connix Poe Dameron Finn Armitage Hux Maz Kanata kaptein Phasma Kylo Ren Rey Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi Larma D'Acy DJ Amilyn Holdo Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of SkywalkerZorii Bliss D-O Jannah Enric Pryde Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film)Ahsoka Tano Asajj Ventress Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue OneCassian Andor Galen Erso Jyn Erso Saw Gerrera Chirrut Îmwe K-2SO Orson Krennic Baze Malbus Raddus Bodhi Rook
 yntrodusearre yn SoloTobias Beckett L3-37 Enfys Nest Qi'ra Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media Ezra Bridger Din Djarin Grogu Kanan Jarrus Bo-Katan Kryze Satine Kryze de Mandaloriaan Savage Opress Fennec Shand Sifo-Dyas Hera Syndulla Sabine Wren Kazuda Xiono