Raddus

Ut Wikipedy
Raddus
personaazje út Star Wars
Raddus.jpg
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje Mon Calamari
nasjonaliteit Flag of the Galactic Republic.svg Galaktysk
berop/amt admiraal
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Mon Mothma
Jyn Erso
Cassian Andor
geastlike heit Chris Weitz
ûntstean 2016

Raddus is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy waard yn 2016 yntrodusearre yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story. De geastlike heit fan it personaazje wie de oarspronklike senarioskriuwer fan dy film, Chris Weitz. Raddus is in bûtenierdsk wêzen fan it ras fan 'e Mon Calamari en in admiraal fan it Rebelleferbûn. Hy waard spile troch akteur Paul Kasey. Yn guon sênes waard in animatroanyske replika brûkt, bestjoerd troch Patrick Comerford. De dialooch fan Raddus waard ynsprutsen troch stimakteur Stephen Stanton.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Admiraal Raddus is yn Rogue One: A Star Wars Story in tige sterk personaazje. Spedial effects-technikus Neal Scanlan sei oer bûtenierdske wêzens yn Star Wars: "We hawwe altyd besocht om in foarbyld út 'e echte wrâld te hawwen foar wa't dy wêzens wêze meie, en yn dit gefal brûkten we Churchill. […] We hawwe [Churchill] net inkeld brûkt as in fisueel sjabloan foar de lichemsfoarm, mar ek as foarbyld om 'e rol te spyljen en ta útdrukking te bringen fia de akteur." Stephen Stanton, de stimakteur dy't de dialooch fan Raddus ynspriek, sei dat er him foar it betinken fan 'e karakteristike stim fan 'e admiraal ynspirearje litten hie troch Churchill, mar ek troch de fertolking troch akteur George C. Scott fan 'e Amerikaanske generaal George S. Patton yn 'e biografyske film Patton (1970).

Fiktive biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarôfgeande oan Rogue One[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Raddus wurdt yn it jier 65 f.Sl.Y. berne yn 'e poalstreken fan 'e oseaanwrâld Mon Cala, as ien fan 'e Mon Calamari, in amfibysk ras fan bûtenierdske wêzens. Hy is tige yntelligint en klimt op ta de posysje fan boargemaster fan 'e stêd Nystullum. Letter jout er him by de kriichsmacht fan Mon Cala en beklaait er in funksje by de planetêre ferdigening. Yn 'e Kloane-oarloggen fjochtet Raddus op syn thúswrâld tsjin 'e besetting troch de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Nei de steatsgreep troch kânselier Palpatine en de fêstiging fan it Galaktysk Keizerryk hat Raddus de lieding oer de ferdigening fan Mon Cala tsjin 'e ynvaazje fan Keizerlike stoarmtroepers ûnder lieding fan grut-moff Wilhuff Tarkin. Wannear't alle ferset op 'e planeet de kop yndrukt wurdt, is Raddus ien fan 'e earste Mon Calamari dy't him by it Rebelleferbûn jout om 'e striid tsjin it Keizerryk fuort te setten.

Yn Rogue One[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story (2016) wurdt admiraal Raddus yntrodusearre as de haadpersoanen, de krimineel Jyn Erso en de rebel Cassian Andor, fan harren misje nei Jedha en Eadu weromkeare yn it haadkertier fan it Rebelleferbûn op 'e moanne Yavin-IV mei nijs oer de Deadsstjer. Dat is in nij massaferneatigingswapen fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk yn 'e foarm fan in bolfoarmich romtestasjon ter grutte fan in lytse moanne. It hat in superlaserkanon dat sa krêftich is, dat der yn ien skot hiele planeten mei ferdylge wurde kinne. Jyn har heit, de briljante wittenskipper Galen Erso, dy't ûnder twang meiwurke hat oan 'e ûntwikkeling fan 'e Deadsstjer, hat har foar syn dea in holografysk boadskip stjoerd, wêryn't er út 'e doeken dien hat dat er mei opsetsin in swak plak yn 'e Deadsstjer ynboud hat dat de rebellen brûke kinne om it romtestasjon te ferneatigjen. Hy hat Jyn opdracht jûn om dêrta de blaudrukken fan 'e Deadsstjer, dy't opslein binne yn it Keizerlik Argyfkompleks op 'e planeet Scarif, te stellen en oan it Rebelleferbûn troch te spyljen.

Sadwaande besiket Jyn de lieders fan 'e rebellen oer te heljen ta in wraam mei de rebellefloat op Scarif. Hja kriget dêrfoar stipe fan 'e stânhêfte Raddus, dy't wegeret en gean in gefjocht út 'e wei, sels as de kâns op súkses lyts is. De measte oare rebellelieders ornearje lykwols dat in oanfal op it swier ferdigene Scarif sinleas is, en dat harren mei de foltôging fan 'e Deadsstjer inkeld noch de kar rêst tusken oerjefte en flecht. Mon Mothma, de polityk liedster fan it Rebelleferbûn, stelt fêst dat der net genôch stipe is foar de misje nei Scarif. Dêrop stalle Jyn en Cassian Andor op eigen manneboet in misje gear en sette ôf nei Scarif. Wylst harren selskipslju dêr by wize fan ôfliedingsmaneuver in oanfal op it Keizerlik garnizoen útfiere, ynfiltrearje Jyn en Cassian de argyfklûs.

As de rebellen op Yavin-IV kommunikaasje tusken Keizerlike troepen opfange dêr't yn sprutsen wurdt fan in rebelle-oanfal op Scarif, beslút Mon Mothma dat se foar in foldongen feit steld binne, en dat se no wol fjochtsje moatte. Admiraal Raddus is op dat stuit al oan board fan syn kruser om 'e float te risselwearjen foar in wraam op Scarif. De oankomst fan 'e rebellefloat by Scarif hat lykwols ta gefolch dat de Keizerlike troepen de poarte slute yn it planetêre enerzjyskyld dat de hiele planeet omjout. Dat hâldt ek de ferstjoering fan grutte hoemannichten data tsjin, en Raddus ûntfangt berjocht fan 'e planeet dat er hoe dan ek de poarte yn it enerzjyskyld sjen moat iepen te brekken, sadat Jyn en Cassian him de stellen blaudrukken tastjoere kinne. Raddus set dêrop in hammerkopkorvet yn, dy't in fijannich stjerreslachskip raamt en fansiden triuwt by in oar stjerreslachskip op. De fertize skipswrakken swalkje fan koers en botse op 'e generatorfasiliteit dy't it enerzjyskyld om 'e planeet hinne opwekket. It skyld wurdt dêrtroch deäktivearre, krekt op 'e tiid om 'e troch Jyn ferstjoerde blaudrukken fan 'e Deadsstjer te ûntfangen.

Wylst de Deadsstjer arrivearret en alle libben op Scarif ferdylget, de groep rebellen op it planeetoerflak ynbegrepen, besiket de rebellefloat mei de blaudrukken te ûntkommen. It arrivearjen fan in Keizerlike float ûnder befel fan Darth Vader komt dat lykwols foar. It flaggeskip fan Raddus en ferskate oare rebelleskippen wurde dêrtroch opheind, wêrby't de admiraal omkomt. Vader interet sels de kruser fan Raddus, dêr't er mei syn ljochtsabel in bloedbad oanrjochtet ûnder de bemanning. De ynformaasjedrager mei de blaudrukken fan 'e Deadsstjer wurdt lykwols fan hân ta hân trochjûn oant er in lytser romteskip berikt, de korvet Tantive IV, dy't him út 'e búk fan 'e kruser losmakket en ûntkomt. Neitiid wurdt it plak fan Raddus yn it Rebelleferbûn ynnommen troch in oare Mon Calamari, admiraal Ackbar.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Din Djarin • Cara Dune • Grogu • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Paz Vizsla • Sabine Wren