Quarsh Panaka
Quarsh Panaka personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske (Nabooaansk) | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | militêr, gûverneur | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Padmé Amidala Sio Bibble Sabé Saché Adova Rabé Tonsort Eirtaé Ballory Jar Jar Binks | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1999 |
Quarsh Panaka (útspr.: [ˈkʷɑɹʃ pɑˈnaːkə], likernôch: "kwarsj pa-naa-kuh") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in militêr ofsier en letter de gûverneur fan 'e planeet Naboo. Panaka waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). It personaazje waard fertolke troch de swarte akteur Hugh Quarshie.
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iere jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Quarsh Panaka wurdt berne op Naboo en giet al ier by de kriichsmacht fan syn thúswrâld. Yn syn jonkheid docht er ûnderfining yn oarlochssitewaasjes op troch yndieling by in spesjale taakgroep foar de bestriding fan romtepiraterij, dy't gearstald is út militêren fan ferskate planeten. Meitiid klimt er troch de rangen op nei de posysje fan opperbefelhawwer fan 'e Keninklike Nabooaanske Befeiligingsmacht, mei tafersjoch oer de paleiswacht, de út frijwilligers besteande befeiligingsgarde (in soarte fan lânmacht) en it romtejagerkorps. Hy trout mei Mariek Panaka.
Nabookrisis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 32 f.Sl.Y., as Naboo ûnder it regear fan keninginne Padmé Amidala yn in konflikt mei de machtige Hannelsfederaasje behelle rekket, stiet Panaka machteleas om in besetting fan Naboo troch de fijân foar te kommen. Yn 'e mande mei û.o. keninginne Padmé, gûverneur Sio Bibble, en de troch himsels útkeazen keninklike hofdames Sabé, Rabé, Saché, Eirtaé en Yané, wurdt er finzen nommen yn it keninklik paleis yn 'e Nabooaanske haadstêd Theed. As Padmé wegeret en ûndertekenje in ferdrach dat de Hannelsfederaasje yn 'e praktyk de macht op Naboo jaan soe, wurdt de hiele groep nei in finzenekamp stjoert.
Underweis wurde se befrijd troch de Jedi-ridders Qui-Gon Jinn en Obi-Wan Kenobi. Bibble bliuwt mei Saché en Yané efter op Naboo, mar Padmé, Panaka en de oaren ûntsnappe yn it keninklik romteskip fan 'e planeet om help te sykjen by kânselier Finis Valorum en de Galaktyske Senaat yn 'e haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk op Coruscant. Nei't it selskip sûnder wat bedijd te hawwe fan Coruscant weromkeart, is Panaka der tsjûge fan hoe't de keninginne in militêr bûnsgenoatskip slút mei de Gunganen, it ras fan bûtenierdske wêzens dat lânseigen is op Naboo.
Wylst de Gunganen yn in iepen fjildslach de striid mei it androïdeleger fan 'e Hannelsfederaasje oangeane, bestoarmje Padmé en har gefolch it besette keninklik paleis yn Theed. Dêrby bliuwt Panaka deunby de keninginne. Harren groepke wurdt op in stuit finzen nommen en yn 'e troanseal foar Nute Gunray brocht, de Neimoïdyske ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje. Wannear't in oare groep mei de hofdame Sabé, dy't as de keninginne ferklaaid is, de fijân yn betizing bringt, witte Padmé en Panaka de liifwachten fan Gunray út te skeakeljen en himsels kriichsfinzen te nimmen. Dan is it gau dien fan de besetting en de oarloch.
Neitiid wennet Panaka de kremaasje fan 'e sneuvele Jedi Qui-Gon Jinn by, en teffens nimt er diel oan 'e oerwinningsparade fan 'e Nabooanen en de Gunganen yn Theed. Hy is ferantwurdlik foar de oerdracht fan 'e fan oarlochsmisdieden beskuldige Gunray en dy syn ûnderbefelhawwer Rune Haako oan 'e autoriteiten fan 'e Republyk.
Lettere jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei ôfrin fan 'e Nabookrisis tsjinnet Quarsh Panaka it hiele fierdere regear fan Padmé Amidala as har kommandant fan 'e kriichsmacht. Nei't dyselde har beide terminen as keninginne úttsjinne hat, giet se yn 'e polityk en wurdt se keazen ta senator foar Naboo. Panaka draacht dan syn wurk as har liifwacht oer oan syn omkesizzer Gregar Typho, wylst er sels militêr kommandant bliuwt ûnder Padmé har opfolchster, keninginne Jamillia. Twa jier letter komt in oare omkesizzer fan Panaka, Versé, dy't as assistinte fan Padmé wurket, om by in mislearre oanslach op it libben fan 'e senator.
Under it regear fan keninginne Neeyutnee beslút Sio Bibble, dy't ûnderwilens op jierren rekket, om mei pinsjoen te gean as gûverneur fan Naboo. De ferwachting is dat er by ferkiezings opfolge wurde sil troch syn pupil Saché Adova, mar ear't dat barre kin, hellet kânselier Palpatine de Galaktyske Republyk ûnder fuotten en rjochtet yn it plak dêrfan it Galaktysk Keizerryk op, mei himsels as keizer. Hy leit it near op alle frije ferkiezings en stelt Panaka op Naboo oan as opfolger fan Bibble, yn 'e nije posysje fan moff. Hoewol't er yn 'e grûn gjin ferkearde man is, hinget Panaka tefolle oan syn trou oan Palpatine, dy't ek fan Naboo komt, om te trochsjen hoe skriklik dy syn bewâld is. Panaka beklaait de funksje fan gûverneur fan Naboo sechstjin jier lang, oant er yn 3 f.Sl.Y. by in bomoanslach deade wurdt troch de rebellen fan 'e fersetsgroep fan Saw Gerrera.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |