Springe nei ynhâld

Shmi Skywalker

Ut Wikipedy
Shmi Skywalker
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse froulik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt slavinne
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Anakin Skywalker
Cliegg Lars
Watto
Qui-Gon Jinn
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1999

Shmi Skywalker is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hja is in slavinne dy't op 'e planeet Tatooine bedarret en it libben skinkt oan in soan, Anakin, mei wa't de hiele Skywalker Saga begjint. Shmi Skywalker waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). It personaazje waard yn dy film en yn it ferfolch Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) spile troch de Sweedske aktrise Pernilla August. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars spriek August ek de dialooch fan Shmi yn.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De eftergrûn fan Shmi Skywalker wurdt yn oare wurken út 'e Star Wars-franchise út 'e doeken dien. Har oarspronklike thúswrâld is ûnbekend, mar se wurdt as jong famke mei har âldelju ta slaaf makke troch piraten. Neitiid wurdt se ferskate kearen trochferkocht oan nije eigners, dy't har fan it iene planetestelsel meislepe nei it oare. Se libbet in dreech bestean en praat nea mear oer it lot fan har âlden, as se dêr al weet fan hat. Geandewei rekket Shmi bekend mei masines en hoe't dy reparearre wurde moatte, wat in weardefolle eigenskip yn in slaaf is foar eltse eigner. Uteinlik bedarret se yn 'e delsetting Mos Espa, op 'e woastynplaneet Tatooine. Dêr wurdt se eigendom wurdt fan 'e froulike gangster Gardulla de Hutt, dy't har by in weddenskip oer in podrace ferliest oan 'e ynklauwerige Toydariaan Watto. Dyselde lit har neitiid wurkje yn syn winkel yn twaddehâns technologyske ûnderdielen.

Op Tatooine rekket Shmi swier sûnder dat se mei in man op bêd west hat. (Jedi-master Qui-Gon Jinn leit dat letter út troch der op te wizen dat de Krêft sa sterk is yn har famylje, dat der gjin manlike partner nedich wie foar de befruchting.) Se befalt fan in soan, Anakin, yn wa't de Krêft noch sterker oanwêzich is as yn Shmi sels. Dat jout de jonge wetterflugge refleksen, eat dêr't Watto fan profitearret troch Anakin meidwaan te litten oan gefaarlike races yn swevende fiertugen dy't podracers hjitte. Troch weddenskippen op 'e útkomst ôf te sluten, ferriket de Toydariaan him danich oan Anakin, al stiet Shmi by eltse race deadseangsten út dat de jonge it net oerlibje sil.

As Anakin njoggen jier is, komt er yn 'e kunde mei de Jedi-master Qui-Gon Jinn, lykas te sjen is yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. Dyselde is mei syn frijwol follearde learling Obi-Wan Kenobi en keninginne Padmé Amidala fan Naboo op sleeptou ûnderweis nei Coruscant, de haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk. Hy ken fuortendaliks it potinsjeel fan Anakin wer, en hoewol't de jonge eins al te âld is om noch útein te setten mei Jedi-training, stiet Qui-Gon derop dat Anakin syn nije learling wurdt. Dêrta keapet Qui-Gon him frij en nimt him mei nei Coruscant. Shmi, dy't se derfan oertsjûge is dat it podracen nochris syn dea wurdt, hechtet har goedkarring oan 'e ôfreis fan har soan om't se him út Watto syn kloeren hawwe wol.

Neitiid moetet Shmi de boer en widner Cliegg Lars, dy't fereale op har rekket. Hy keapet har frij út slavernij en trout mei har, wêrnei't se styfmem foar syn syn foarsoan Owen wurdt. Sa't de film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones ferhellet, wurdt Shmi tsien jier nei't Anakin mei Qui-Gon ôfset is, ûntfierd troch Tusken-kapers, dy't har meifiere de woastyn fan Tatooine yn en har slim tramtearje. Cliegg, Owen en oare freonen fan harres geane har efternei, mar kinne har net fine. Anakin, dy't har pine fia de Krêft gewaarwurdt, reizget halje-trawalje nei Tatooine, dêr't er allinne de woastyn yn giet en syn mem opspoart. Hja is dan lykwols sa slim mishannele, dat se yn syn earms ferstjert. Anakin ûntstekt neitiid yn razernij en rûget de hiele clan Tusken-kapers út dy't ferantwurdlik is foar syn memme dea, de froulju en bern ynbegrepen. Dat barren is in wichtige stap op syn ôfgliidzjende paad nei de tsjustere kant fan 'e Krêft.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono