Springe nei ynhâld

Sio Bibble

Ut Wikipedy
Sio Bibble
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske (Nabooaansk)
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt gûverneur
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Padmé Amidala
Quarsh Panaka
Sabé
Saché Adova
Rabé Tonsort
Eirtaé Ballory
Jar Jar Binks
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1999

Sio Bibble (útspr.: [ˈsaːi̭oʊ ˈbɪbəl], likernôch: "saai-jo bib-bul") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is de gûverneur fan 'e planeet Naboo ûnder keninginne Padmé Amidala. Bibble waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999) en kearde werom yn sa'n lyts roltsje dat it eins suver in cameo wie yn 'e beide oare dielen fan 'e Star Wars-prequeltrilogy: Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005). Bibble wie ek te sjen yn twa ôfleverings fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. It personaazje waard fertolke troch akteur Oliver Ford Davies.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sio Bibble wurdt berne op Naboo as in neisiet fan 'e oarspronklike minsklike kolonisten op dy planeet. Hy makket karriêre as politikus en wurdt ûnder it regear fan kening Veruna foar it earst keazen ta gûverneur (in amt dat op Naboo eins noch it measte liket op in minister-presidint).

Yn 32 f.Sl.Y., as Naboo ûnder it regear fan keninginne Padmé Amidala bûten de eigen skuld om yn in konflikt mei de machtige Hannelsfederaasje behelle rekket, is Bibble de earste dy't der aan fan kriget dat der in ynvaazje op til is. Nettsjinsteande dat leit Padmé it near op alles dat opfet wurde kinne soe as in die fan agresje. As it fermoeden fan Bibble wierheid wurdt, is de planeet sadwaande net by steat om himsels tsjin 'e besetting troch it leger oarlochsandroïden fan 'e Hannelsfederaasje te ferdigenjen.

Bibble wurdt yn 'e mande mei û.o. keninginne Padmé, kommandant fan 'e paleiswacht Quarsh Panaka en de keninklike hofdames Sabé, Rabé, Saché, Eirtaé en Yané finzen nommen yn it keninklik paleis yn 'e Nabooaanske haadstêd Theed. Hja wurde foar Nute Gunray brocht, de ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje, dy't wol dat de keninginne in ferdrach ûndertekenet dat de Hannelsfederaasje yn 'e praktyk de macht op Naboo jaan sil. As Padmé wegeret mei te wurkjen, wurdt it hiele selskip nei in finzenekamp stjoert.

Underweis wurde se befrijd troch de Jedi Qui-Gon Jinn en Obi-Wan Kenobi. Padmé en de oaren ûntsnappe neitiid fan 'e planeet om help te sykjen by kânselier Finis Valorum en de Galaktyske Senaat yn 'e haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk op Coruscant. Bibble bliuwt lykwols yn it selskip fan Saché en Yané op Naboo efter om lieding te jaan oan it ferset. Hja wurde al rillegau wer finzen nommen en letter wurdt Bibble yn in finzenekamp twongen om in boadskip yn te sprekken foar Padmé, wêryn't er har smeekt werom te kommen om't it ferlies oan libbens op 'e planeet "katastrofaal" is. De term "katastrofaal" is lykwols in koadewurd dat Saché him trochjûn hat om Padmé te warskôgjen dat it boadskip ôftwongen is.

Nei't Padmé-en-dy sûnder wat bedijd te hawwen fan Coruscant weromkeare, slút de keninginne in militêr bûnsgenoatskip mei de Gunganen, it ras fan bûtenierdske wêzens dat lânseigen is op Naboo. Dêrtroch slagget it har en ferslaan de Hannelsfederaasje. Neitiid wennet in befrijde Bibble de kremaasje fan 'e Jedi-ridder Qui-Gon Jinn by, dy't yn 'e striid omkommen is. Ek is er oanwêzich by in oerwinningsparade yn Theed, dêr't keninginne Padmé de Fredesglobe oan 'e Gungaanske lieder baas Nass oerhandiget.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei ôfrin fan 'e Nabookrisis tsjinnet Sio Bibble it hiele fierdere regear fan Padmé Amidala as har gûverneur. Wannear't hja har beide terminen as keninginne úttsjinne hat, behâldt er syn posysje ûnder har opfolchster, keninginne Réillata, dy har opfolchster, keninginne Jamillia, en dy har opfolchster, keninginne Neeyutnee. Yn 'e jierren nei de abdikaasje fan Padmé ûntwikkelet Bibble in nauwe mentorskipsrelaasje mei har eardere hofdame Saché Adova, dy't er klearstoomt om himsels op te folgjen.

Under it regear fan keninginne Neeyutnee beslút Bibble, dy't ûnderwilens op jierren rekket, om mei pinsjoen te gean. De ferwachting is dat Saché by ferkiezings ta de nije gûverneur fan Naboo keazen wurde sil, mar ear't dat barre kin, hellet kânselier Palpatine de Galaktyske Republyk ûnder fuotten en rjochtet yn it plak dêrfan it Galaktysk Keizerryk op, mei himsels as keizer. Hy leit it near op alle frije ferkiezings en stelt as opfolger fan Bibble op Naboo de eardere kommandant fan 'e paleiswacht Quarsh Panaka oan yn 'e nije posysje fan moff.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono