Fennec Shand

Ut Wikipedy
Fennec Shand
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse froulik
soarte personaazje minske, cyborg
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt hiermoardneresse,
preemjejagerinne,
hierlinge, consigliere
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Boba Fett
Din Djarin
Grogu
geastlike heit Jon Favreau
ûntstean 2019

Fennec Shand is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hja waard yn 2019 yntrodusearre yn in minder wichtige rol yn 'e live-actiontillefyzjesearje The Mandalorian, mar groeide yn it twadde seizoen fan dy searje en yn 'e spin-offsearje The Book of Boba Fett út ta ien fan 'e haadpersoanen. De geastlike heit fan it personaazje wie tillefyzjeprodusint Jon Favreau. Fennec Shand is in hiermoardneresse, preemjejagerinne en hierlinge dy't yn 'e fyfde ôflevering fan seizoen 1 fan The Mandalorian skynber omkomt. Letter docht bliken dat har libben rêden is troch de Mandaloriaanske preemjejager Boba Fett, wêrby't dielen fan har lichem ferfongen binne troch sybernetika. Dat makket Shand ta in cyborg. Hja stiet by Fett yn 'e skuld en wurdt syn partner. Tegearre krewearje se om it misdie-ympearium fan Jabba de Hutt oer te nimmen. De rol fan Fennec Shand wurdt spile troch aktrise Ming-Na Wen. Hja spriek ek de dialooch yn foar Shand yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Bad Batch. Shand wurdt beskôge as in favoryt fan 'e fans fan 'e franchise.

Skepping fan it personaazje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It personaazje fan Fennec Shand waard betocht troch Jon Favreau, de foarnaamste tillefyzjeprodusint fan 'e searje The Mandalorian. In grut diel fan har persoanlikheid waard ynspirearre troch it bist dêr't se nei ferneamd is, de fennek (Vulpes zerda), in lyts soarte foks dat foarkomt yn 'e woastinen fan Noard-Afrika en it Midden-Easten. Krekt as dat bist is Shand sawol predator as proai, en de eigenskippen fan 'e fennek, lykas fernimstigens, slûchslimmens, linigens, it fermogen om yn folsleine stilte te bewegen en it fermogen om te oerlibjen ûnder drege omstannichheden, kinne ek oan Fennec Shand taskreaun wurde.

In fennek, it bist dêr't it personaazje fan Fennec Shand nei ferneamd waard.

Fiktive biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn The Mandalorian[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fennec Shand waard foar it earst yntrodusearre yn Chapter 5: The Gunslinger, de fyfde ôflevering fan seizoen 1 fan 'e live-actionsearje The Mandalorian. Hja komt dêrút nei foarren as in hiermoardneresse en hierlinge dy't mysterieus is en tige gefaarlik. Oer har ferline is net folle bekend, útsein dat se wurke hat foar de wichtichste misdiesyndikaten fan it Stjerrestelsel, wêrûnder dy fan 'e Hutts.

In jonge, asprirearjende preemjejager, Toro Calican, wol de preemje ynje dy't Shand op 'e holle pleatst is, net sasear om it jild as wol om in reputaasje foar himsels te winnen. Hy freget dêrfoar de help fan 'e protagonist fan 'e searje, de fêstige Mandaloriaanske preemjejager Din Djarin. Tegearre spoare se Shand op yn 'e Dunesee op 'e planeet Tatooine, oerlibje har mûklaach, komme har oer it mad en nimme har finzen. As Djarin eefkes fuort is, besiket Shand om Calican tsjin him op te setten, troch derop te wizen dat Djarin ek socht wurdt. Ynstee dat Calican har frijlit, sjit er har lykwols yn 'e búk en lit har yn 'e woastyn efter om te stjerren, wylst er op eigen manneboet efter Djarin oangiet. De ôflevering einiget as in ûnidentifisearre persoan op it lichem fan Shand ta rint.

Jon Favreau, de geast-like heit fan Din Djarin.

Shand keart werom yn Chapter 14: The Tragedy, de sechsde ôflevering fan seizoen 2. Dêryn docht bliken dat har libben rêden is troch de Mandaloriaanske preemjejager Boba Fett. Dy hat de stikkene dielen fan har lichem ferfongen troch sybernetika, sadat se no in cyborg is, en hy hat har dêrnei fersoarge hat oant se opbettere. Dêrtroch stiet se no djip by him yn 'e skuld en is se syn partner wurden. Se reizget mei Fett nei de planeet Tython om te besykjen syn wapenris werom te krijen fan Din Djarin. Yn ruil foar de wapenris betinget Djarin harren meiwurking oan 'e rêding fan syn beskermeling Grogu, dy't troch de stoarmtroepers fan moff Gideon ûntfierd is.

Dat, yn Chapter 15: The Believer en Chapter 16: The Rescue fjochtsje Shand en Fett oan 'e kant fan Djarin tsjin 'e restanten fan it Galaktysk Keizerryk, wêrby't se úteinlik de jonge Grogu witte te befrijen. Oan 'e ein fan 'e lêste ôflevering, nei't harren skuld oan Djarin ôfbetelle is, keare Shand en Fett werom nei Tatooine, dêr't se it paleis fan 'e deade gangster Jabba de Hutt binnenkringe en syn opfolger en eardere majordomo Bib Fortuna deasjitte. Dêrnei nimt Fett plak op 'e troan fan Jabba, mei Shand oan syn side.

Ming-Na Wen spilet Fennec Shand yn 'e tillefyzje-searjes The Mandalorian en The Book of Boba Fett.

Yn Star Wars: The Bad Batch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Bad Batch, dy't 28 jier foàr de foarfallen yn The Mandalorian spilet, komt yn 'e ôflevering Cornered in jongere Shand foar, dy't op dat stuit as preemjejagerinne wurket en besiket de preemje op 'e holle fan Omega te ynjen. Op it romtestasjon Pantora moetet se Omega en wit har fertrouwen te winnen, mar Hunter, de lieder fan 'e 'Bad Batch', hat har troch. Omega pykt út mei de oaren en hoewol't Shand harren efterfolget op in stellen glydmotor, witte se te ûntkommen.

Yn 'e ôflevering Bounty Lost dûkt Shand wer op as Omega ûntfierd is troch de preemjejager Cad Bane. Dy is fan doel har út te leverjen oan 'e Kaminoaanske wittenskipper Taun We. Shand makket Taun We dea en befjochtet Bane om't se ynhierd is om Omega by Nala Se te bringen, in oare Kaminoaanske wittenskipper. Underwilens wurdt Omega rêden troch de oare leden fan 'e 'Bad Batch', en se ûntkomme op 'e nij. Shand komt foar dat Bane harren efterfolgje kin troch syn romteskip te sabotearjen. As se har falen oan Nala Se rapportearret, seit dy dat alles goed is salang't Omega mar net yn 'e hannen fan 'e Kaminoaanske earste minister Lama Su falt, foar wa't Taun We wurke. Om't Shand dat foarkomd hat, betellet Nala Se dochs de ôfsprutsen priis.

Yn The Book of Boba Fett[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn The Book of Boba Fett is Fennec Shand mei Boba Fett ien fan 'e haadpersoanen. De searje giet fierder dêr't The Mandalorian einige. Fett besiket it misdie-ympearium fan Jabba de Hutt oer te nimmen, en Shand tsjinnet dêrby as syn rjochterhân, oftewol syn consigliere, om it yn maffiatermen te sizzen. Se helpt by it runnen fan it misdiesyndikaat en by it útskeakeljen fan rivalen. As Fett risselwearret foar oarloch mei it Pyke-syndikaat om 'e hearskippij oer Tatooine, rekrutearret Shand Din Djarin om oan harren side te fjochtsjen. Neitiid nimt se diel oan 'e striid tsjin 'e Pykes en harren bûnsgenoaten, foar't se de lieder fan it Pyke-syndikaat út 'e wei rommet en teffens de ferriedlike boargemaster fan Mos Espa en de lieders fan 'e misdiefamyljes dy't it tsjin Fett yn 'e kant set hawwe.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono