Springe nei ynhâld

Aurra Sing

Ut Wikipedy
Aurra Sing
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse froulik
soarte personaazje Palliduvaansk
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt preemjejager
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Boba Fett
Hondo Ohnaka
Tobias Beckett
geastlike heit Doug Chiang
ûntstean 1999

Aurra Sing is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise. Hja is in froulike preemjejager dy't ta it bûtenierdske ras fan 'e Palliduvanen heart. Sing waard troch Lucasfilm-meiwurker Doug Chiang ûntwikkele foar de film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999), dêr't se úteinlik inkeld in koarte cameo yn hie. Se spile in prominintere rol yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. De rol fan Sing waard yn The Phantom Menace spile troch aktrise Michonne Bourriague, wylst de dialooch fan it personaazje yn The Clone Wars ynsprutsen waard troch stimaktrise Jaime King.

Aurra Sing waard ûntwikkele troch Doug Chiang, in meiwurker fan 'e filmstudio Lucasfilm, nei't Star Wars-betinker George Lucas frege hie om mear útwurke personaazjes dy't mank it publyk te sjen wêze soene by de Boontajûnsklassiker, de podrace troch de woastyn op 'e planeet Tatooine, dy't diel útmakket fan 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). It wie nea de bedoeling dat Sing dêryn in grutte rol krije soe, mar úteinlik hie se inkeld in cameo wêrby't se in pear tellen yn byld brocht waard. Foar de tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020) waard Sing wer fan stâl helle, en yn ferskate ôfleverings waard doe har personaazje fierder útwurke. Har dialooch waard dêrby ynsprutsen troch stimaktrise Jaime King. Yn maaie 2018 makke King har man Kyle Newman buorkundich dat it de bedoeling west hie dat Sing yn ien fan 'e skraste ôfleverings fan 'e searje omkomme soe.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aurra Sing is in froulike, benei minsklike Palliduvaanse, dy't berne is op Nar Shaddaa, de grutste moanne fan Nal Hutta, de thúswrâld fan 'e Hutts. Har heit hat se nea kennen en har mem wie te earm om foar har soargje te kinnen. Al hiel jong is se omreden fan har Krêftgefoeligens opnommen yn 'e Jedi Oarder, mar as se folwoeksen wurdt, ferlit se de Oarder sûnder ea Jedi-ridder wurden te wêzen. Om dyselde tiid hinne lit se in comlink yn har harsens ynbouwe; dat liedt ta har opmerklikste lichemsskaaimerk: in antenne dy't har út 'e holle stekt.

Neitiid set se útein mei in bestean as preemjejagerinne en hiermoardneresse, wêrby't se al rillegau in reputaasje opbout fanwegen har ûnmeilydsumens en har feardichheden as skerpskutter. Sing hat yn dy snuorje gedoente mei sawol de Mandaloriaanske preemjejager Jango Fett as de Sith-ridder Darth Maul. Teffens hat se in koarte romantyske relaasje mei de piraat Hondo Ohnaka. Om 'e tiid fan 'e Nabookrisis hinne is Sing mank it publyk oanwêzich by de Boontajûnsklassiker, in spektakulêre podrace troch de woastyn op 'e planeet Tatooine, dy't dat jiers wûn wurdt troch de njoggenjierrige minsklike jonge Anakin Skywalker.

Yn 'e Kloane-oarloggen smyt Sing de lapen gear mei de jonge preemjejager Boba Fett, de soan/kloan fan Jango Fett, dy't út is op wraak op Jedi-master Mace Windu foar de dea fan Jango yn 'e Earste Slach om Geonosis (sjoch: Star Wars: Episode II – Attack of the Clones). Boba sabotearret it romteskip fan Windu en lit it delstoarte op in planeet Vanqor. Hy, Sing en de preemjejagers dy't harren meistanners binne, nimme dan leden fan 'e bemanning yn gizeling om Mace Windu nei harren ta te lokjen. Fett komt sekuer foar om geweld tsjin syn mei-kloanen te brûken, mar Sing hat net sokke skrupules en fermoardet Windu syn ûnderbefelhawwer. Uteinlik wurde Fett-en-dy opspoard troch de Jedi-ridders Plo Koon en Ahsoka Tano. Boba wurdt finzen nommen en Sing naait út yn Boba syn romteskip, de Slave I. Mei't dat lykwols earder ûnklear makke is troch Ahsoka, stoart it del op Vanqor. Koon en Ahsoka nimme oan dat Sing dêrby omkommen is, mar eins is se noch yn libben. Se wurdt neitiid út it wrak rêden troch Hondo Ohnaka.

Letter wurdt Sing ynhierd troch it ûnderwrâldfiguer Ziro de Hutt om senator Padmé Amidala fan Naboo te fermoardzjen, dy't er ferantwurdlik hâldt foar syn finzenskip. De slûpmoard op Padmé wurdt lykwols oant twaris ta feridele troch Ahsoka, dy't Sing wer op 'e hakken sit. Nei de twadde kear wurdt Sing yn 'e hechten nommen en as finzene oerbrocht nei Coruscant, de haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk. Hja wit letter lykwols te ûntsnappen, wernei't se mei it team fan 'e preemjejager Cad Bane dielnimt oan 'e oanslach op 'e sit fan 'e Galaktyske Senaat. Se nimme ferskate senators yn gizeling en witte dêrmei de befrijing fan Ziro de Hutt de beävensearjen foar't er harren slagget om te ûntkommen.

Hoe't it ôfrint mei Sing wurdt nea sjen litten, mar yn 'e film Solo: A Star Wars Story (2018) wurdt de krimineel Tobias Beckett priizge troch de smokkelder Lando Calrissian om't er Sing út 'e ljochten holpen hat. Beckett reägearret dêrop troch te sizzen dat hý har net fermoarde hat; dat wie de swiertekrêft. Hy hat har inkeld in triuwke jûn.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono