Springe nei ynhâld

Aayla Secura

Ut Wikipedy
Aayla Secura
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
seksefroulik
soarte personaazjeTwi'lek
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amtJedi-master
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Mace Windu
Yoda
Shaak Ti
Luminara Unduli
Plo Koon
geastlike heitGeorge Lucas
ûntstean2002

Aayla Secura (útspr.: [ˈeːlɑ səˈkuːɹɑ], likernôch: "ee-la suh-kûû-ra") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Sy is in Jedi-master fan it bûtenierdske ras fan 'e Twi'leks. Aayla Secura waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002). It personaazje waard yn dy film en yn it ferfolch en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) spile troch aktrise Amy Allen. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020) waard de dialooch fan Secura ynsprutsen troch stimaktrise Jennifer Hale, dy't ek in stimcameo yn 'e film Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) foar har rekken naam.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aayla Secura wurdt berne as in blauhûdige Twi'lek op 'e planeet Ryloth, dy't de thúswrâld fan 'e Twi'leks is. Omreden fan har oanberne Krêftgefoeligens wurdt se al jong nei de Jedi Timpel ta brocht, it haadkertier fan 'e Jedi Oarder op Coruscant, dêr't se oplaat wurdt ta Jedi-ridder. De Jedi dy't har fynt en nei Coruscant bringt, is Quinlan Vos, en dyselde nimt har letter ek oan as syn padawan. Hja foarmet dêrby in nauwe bân mei Vos en ûntjout har meitiid ta in Jedi-master.

Kloane-oarloggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wannear't yn 22 f.Sl.Y. de Separatistyske Krisis útbrekt, wêryn't de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels him besiket ôf te skieden fan 'e Galaktyske Republyk, wurde de Jedi Obi-Wan Kenobi en Anakin Skywalker en senator Padmé Amidala op 'e planeet Geonosis finzen nommen troch greve Dooku, de lieder fan 'e separatisten. Dyselde feroardielet harren ta de deastraf yn 'e Petranaki Arena yn it gefjocht mei ferskuorrende wylde bisten. Aayla Secura is ien fan 212 Jedi dy't troch Mace Windu, de foarsitter fan 'e Hege Jedi Ried, meinommen wurde nei Geonosis om Kenobi en de oaren te befrijen. As ien mar in minmachtich groepke oerlibbet Secura it gefjocht yn 'e arena en teffens de dêropfolgjende Earste Slach om Geonosis.

Dat treffen liedt ta it útbrekken fan 'e Kloane-oarloggen, en Secura wurdt in generaal yn Grutte Leger fan 'e Republyk, dat bestiet út 'e kloansoldaten dy't Jedi-master Sifo-Dyas mear as tsien jier earder op Kamino besteld hat. Hja kriget it befel oer it 327e Stjerrekorps en wurdt neitiid ynset op 'e dridzige planeet Escander, dêr't de separatisten in basis fêstige hawwe. Secura wurdt dêr finzen nommen troch de tsjustere Jedi Asajj Ventress, dy't har martelet foar ynformaasje, mar inkele oeren letter wurdt se befrijd troch de kloansoldaten fan har ienheid.

Op in letter stuit yn 'e oarloch wurdt it flottylje romteskippen fan Secura oanfallen yn 'e Slach by Quell. Har flaggeskip rekket swier skansearre en wurdt intere troch de oarlochsandroïden fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, mar Secura en har kloansoldaten witte fol te hâlden oant se ûntset wurde troch Anakin Skywalker en syn padawan Ahsoka Tano. It romteskip stoart letter del op 'e planeet Maridun, dêr't Secura en Ahsoka de striid oanbine mei de separatistyske troepen fan generaal Lok Durd, om 'e pleatslike boargerbefolking te beskermjen.

Ek is Aayla Secura oanwêzich yn 'e Jedi Timpel op Coruscant as de preemjejager Cad Bane it Jedi-haadkertier ynfiltrearret om 'e Jedi Holochron te stellen (in list mei nammen fan Krêftgefoelige bern út it hiele Stjerrestelsel). Hja helpt master Yoda by it befjochtsjen fan it zillo-bist dat Bane by wize fan ôfliedingsmaneuver yn 'e Timpel loslitten hat.

Oan 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen, yn 19 f.Sl.Y., hat Aayla Secura de lieding oer de kloansoldaten fan 'e Galaktyske Republyk by de gefjochten op 'e planeet Felucia. Kânselier Palpatine, dy't eins de boasaardige Sith-master Darth Sidious is, furdiget Oarder 66 út, ta de útfiering wêrfan't de kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk troch tadwaan fan syn hantlanger greve Dooku foarprogrammearre binne. Dat befel hâldt de moard troch de kloanen op harren eigen Jedi-ofsieren yn, in foarfal dat letter bekend wurdt as de Grutte Suvering fan 'e Jedi. As Secura en har kloansoldaten risselwearje om in kolonne separatistyske spinnetanks oan te fallen, iepenje de kloanen sûnder warskôging it fjoer op har. Mei't se op dat stuit ôflaat wurdt troch in hommels opfleanende fûgel, hat se net iens de tiid om har ljochtsabel te lûken foar't se trochsingele wurdt mei skotten út ploffergewearen en dearekket.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New HopeRaymus Antilles Wedge Antilles C-3PO Chewbacca Biggs Darklighter Jan Dodonna Obi-Wan Kenobi Beru Lars Owen Lars prinsesse Leia Organa R2-D2 Luke Skywalker Han Solo Wilhuff Tarkin Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back Lando Calrissian Boba Fett keizer Palpatine Firmus Piett Yoda
 yntrodusearre yn Return of the JediGial Ackbar Bib Fortuna Jabba de Hutt Mon Mothma Anakin Skywalker Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom MenaceSaché Adova Mas Amedda Eirtaé Ballory Sio Bibble Depa Billaba Jar Jar Binks Adi Gallia Nute Gunray Qui-Gon Jinn Ki-Adi-Mundi Eeth Koth Plo Koon Darth Maul Rugor Nass Padmé Amidala Quarsh Panaka Even Piell Yarael Poof Oppo Rancisis Sabé Sebulba Shmi Skywalker Darth Sidious Aurra Sing Roos Tarpals Saesee Tiin Rabé Tonsort Finis Valorum Watto Mace Windu Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clonesgreve Dooku Jango Fett Kit Fisto Agen Kolar Cliegg Lars Bail Organa Poggle de Mindere Aayla Secura Shaak Ti Darth Tyranus Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the SithStass Allie generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force AwakensBB-8 Kaydel Ko Connix Poe Dameron Finn Armitage Hux Maz Kanata kaptein Phasma Kylo Ren Rey Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi Larma D'Acy DJ Amilyn Holdo Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of SkywalkerZorii Bliss D-O Jannah Enric Pryde Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film)Ahsoka Tano Asajj Ventress Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue OneCassian Andor Galen Erso Jyn Erso Saw Gerrera Chirrut Îmwe K-2SO Orson Krennic Baze Malbus Raddus Bodhi Rook
 yntrodusearre yn SoloTobias Beckett L3-37 Enfys Nest Qi'ra Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media Ezra Bridger Din Djarin Grogu Kanan Jarrus Bo-Katan Kryze Satine Kryze de Mandaloriaan Savage Opress Fennec Shand Sifo-Dyas Hera Syndulla Sabine Wren Kazuda Xiono