Springe nei ynhâld

Depa Billaba

Ut Wikipedy
Depa Billaba
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse froulik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt Jedi-master
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Mace Windu
Yoda
Ki-Adi-Mundi
Oppo Rancisis
Plo Koon
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1999

Depa Billaba (útspr.: [ˈdiːpa ˈbɪlaːba], likernôch: "dii-pa bil-laa-ba") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Sy is in minsklik Jedi-master en teffens in lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoer fan 'e Jedi Oarder. Depa Billaba waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). It personaazje waard yn dy film en it ferfolch Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) spile troch aktrise Dipika O'Neill Joti. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Bad Batch (fan 2021 ôf) waard de dialooch fan Depa Billaba ynsprutsen troch stimaktrise Archie Panjabi.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Depa Billaba wurdt berne as dochter fan minsklike âlden op 'e planeet Chalacta. Hja hat in suster dy't Sar Labooda hjit. As jonge bern wurde sy en har suster finzen nommen troch romtepiraten, dy't harren âldelju fermoardzje. De famkes wurde rêden troch Jedi-master Mace Windu, dy't harren omreden fan harren oanberne Krêftgefoeligens nei de Jedi Timpel ta bringt, it haadkertier fan 'e Jedi Oarder op Coruscant. Dêr wurde se allebeide oplaat ta Jedi-ridder. Billaba wurdt dêrby de padawan fan Windu sels. Hja ûntjout har ta in foaroansteande Jedi en komt bekend te stean om har feardichheid mei de ljochtsabel. Meitiid wurdt se beneamd ta lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoersorgaan fan 'e Jedi Oarder, dêr't se tsjinnet njonken har eardere master Windu.

Yn 32 f.Sl.Y., as de Nabookrisis útbrekt, tsjinnet Depa Billaba noch as lid fan 'e Hege Jedi Ried. Se is behelle yn 'e rieplachtings fan 'e ried oer de krisis sels, mar ek oer it wer opdûken fan 'e Sith, de âlde aartsfijannen fan 'e Jedi, fan wa't oannommen waard dat se tûzenen jierren lyn al útrûge wiene.

Billaba is fierders ek oanwêzich as master Qui-Gon Jinn de njoggenjierrige Anakin Skywalker foar de Ried bringt, dy't sa sterk yn de Krêft is dat Qui-Gon derfan oertsjûge rekke is dat er de Utkarde is dêr't de oerâlde profesijen fan 'e Jedi gewach fan meitsje. De leden fan 'e Ried, ûnder wa Billaba, binne it deroer iens dat in leeftyd fan njoggen jier fierstente let is om noch oan in oplieding ta Jedi te begjinnen, en master Yoda wurdt grutte eangst yn 'e jonge gewaar, wat in negative emoasje is. De Ried beslút Qui-Gon syn fersyk om Anakin dochs noch oan 'e Jedi-training begjinne te litten, ôf te wizen.

Nei it ferstjerren fan Qui-Gon yn 'e Slach om Naboo by in konfrontaasje mei de Sith Darth Maul, kundiget Qui-Gon syn eardere padawan Obi-Wan Kenobi oan dat er hoe dan ek gehoar jaan sil oan 'e lêste wurden fan syn âlde master, wêrmei't dyselde him frege hat om Anakin ta Jedi te trainen. De Ried beslút mei tsjinnichheid om dêr tastimming foar te ferlienen. Depa Billaba is ien fan 'e leden 'e Hege Jedi Ried dy't mei Yoda en Mace Windu nei Naboo ta reizgje. Hja is dêr oanwêzich by de kremaasje fan Qui-Gon Jinn en de oerwinningsparade yn 'e haadstêd Theed.

Kloane-oarloggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wannear't yn 22 f.Sl.Y. de Separatistyske Krisis útbrekt, wêryn't de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels him besiket ôf te skieden fan 'e Galaktyske Republyk, is Depa Billaba noch altyd lid fan 'e Hege Jedi Ried. Hja is net ien fan 'e Jedi-ridders dy't troch Mace Windu meinommen wurde om op 'e planeet Geonosis de ta de deastraf feroardiele Jedi Obi-Wan Kenobi en Anakin Skywalker en senator Padmé Amidala te rêden. Har suster Sar Labooda, dy't wol mei Windu giet, is ien fan in protte Jedi dy't yn 'e Earste Slach om Geonosis komme te sneuveljen.

Dat treffen liedt ta it útbrekken fan 'e Kloane-oarloggen, en Billaba wurdt in generaal yn Grutte Leger fan 'e Republyk, dat bestiet út 'e kloansoldaten dy't Jedi-master Sifo-Dyas mear as tsien jier earder op Kamino besteld hat. Yn 'e striid op 'e planeet Haruun Kal rekket se swierferwûne by in konfrontaasje mei generaal Grievous, de cyborg dy't de opperbefelhawwer is fan 'e oarlochsandroïdelegers fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Billaba rekket yn koma en wurdt oerbrocht nei de sikeboech fan 'e Jedi Timpel op Coruscant, dêr't se in healjier lang ûnoansprekber bliuwt foar't se wekker wurdt.

Nei't se refalidearre is, ûndergiet Billaba in yngeande beoardieling fan har fysike en mentale sûnens, foar't se werbefêstige wurdt yn har âlde funksjes. Yn 'e tiid dat se yn 'e Jedi Timpel oan it refalidearjen is, wurdt Billaba har belangstelling lutsen troch in Jedi-jongeling dy't Caleb Dume hjit. Nei't se wer sûn ferklearre is, nimt se him oan as har padawan. Oan 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen, yn 19 f.Sl.Y., rekket Billaba by in nije konfrontaasje mei generaal Grievous, yn 'e Trêde Slach om Mygeeto, op 'e nij ferwûne, hoewol diskear net botte slim.

Koarte tiid letter furdiget kânselier Palpatine, dy't eins de boasaardige Sith-master Darth Sidious is, Oarder 66 út, ta de útfiering wêrfan't de kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk foarprogrammearre binne. Dat befel hâldt de moard troch de kloanen op harren eigen Jedi-ofsieren yn, in foarfal dat letter bekend wurdt as de Grutte Suvering fan 'e Jedi. Dêrby iepenje de soldaten fan 'e Kloanetaakgroep 99, dêr't Billaba op Mygeeto it befel oer fiert, ynienen it fjoer op Billaba. Hja warret de earste skotten út harren ploffergewearen ôf mei har ljochtsabel en hjit har padawan Caleb Dume om út te naaien. Om foar te kommen dat se him op syn flecht delsjitte, offeret Billaba har op troch sels net te besykjen om te ûntkommen. Ynstee bliuwt se stean en wurdt úteinlik trochsingele mei skotten, dat se it bestjert. Dêrmei jout se Dume de kâns om wei te wurden yn 'e bosken. Hy ûntkomt sa oan 'e Grutte Suvering en wurdt letter bekend as Jedi-master ûnder de namme Kanan Jarrus.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono