Ziro de Hutt

Ut Wikipedy
Ziro de Hutt
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Ziro Desilijic Tiure
sekse manlik
soarte personaazje Hutt
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt gangster
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Jabba de Hutt
greve Dooku
Padmé Amidala
geastlike heit Henry Gilroy
Steven Melching
Scott Murphy
ûntstean 2008

Ziro de Hutt (Ingelsk: Ziro the Hutt), wiere namme: Ziro Desilijic Tiure, is in fiktyf bûtenierdsk personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy waard yn 2008 yntrodusearre yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars en wie letter ek te sjen yn ferskate ôfleverings fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. De geastlike heiten fan it personaazje wiene de senarioskriuwers fan 'e film, Henry Gilroy, Steven Melching en Scott Murphy. Ziro de Hutt is in heechpleatste gangster yn ien fan 'e misdiesyndikaten fan 'e Hutts. Hy is in omke fan 'e bekendere Jabba de Hutt. De dialooch fan Ziro waard ynsprutsen troch stimakteur Corey Burton.

Fiktive biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ziro de Hutt wurdt berne op 'e planeet Sleheyron en folget it tradisjonele wurkpaad fan 'e Hutts troch him te ûntjaan ta in gangster. Hy klimt op ta in heechpleatst ûnderwrâldfiguer yn it misdiesyndikaat fan syn clan, dy't ûnder lieding stiet fan syn bekendere omkesizzer Jabba de Hutt. Ziro bemachtiget de titel "Master fan 'e Hutt-clan" en op it hichtepunt fan syn macht, yn it tiidrek fan 'e delgong fan 'e Galaktyske Republyk, hat er it foar it sizzen yn sân planetestelsels. Meitiid ferlit er de romte dy't troch de Hutts behearske wurdt om him nei wenjen te setten op 'e planeet Coruscant, it sintrum fan it Stjerrestelsel en de sit fan it regear fan 'e Republyk.

It is bekend dat Ziro teminsten twa bruorren hat: de fierders anonime heit fan Jabba en in Ebor de Hutt. In oar ynfloedryk famyljelid is Gorga Desilijic Aarrpo, dy't de clan fertsjintwurdiget yn 'e Grutte Hutt Ried. Ziro hat teminsten ien bern, syn soan Hiro de Hutt. Oer Ziro syn priveelibben is net folle bekend, útsein dat er op in stuit in seksuele relaasje hân hat mei Sy Snootles, de Pa'lowick-sjongster út 'e entoeraazje fan syn omkesizzer Jabba.

Yn 'e Star Wars-gronology wurdt Ziro yntrodusearre yn it earste jier fan 'e Kloane-oarloggen, 22 f.Sl.Y., wannear't er belutsen rekket by in geheime gearspanning mei de Sith-ridder greve Dooku tsjin syn omkesizzer Jabba. Neffens Ziro sels wurdt er troch Dooku ta meiwurking twongen. It plan is om Jabba syn jonge soan Rotta, Ziro syn âldomkesizzer, te ûntfieren en de Jedi dêr de skuld foar op 'e lea te skowen. Sa moat Jabba yn in posysje brocht wurde dat er net oars kin as weromslaan nei de Jedi, wêrnei't dyselden him perfoarst deadzje of yn it tichthûs smite sille. Dat sil dan it paad klearje foar Ziro om it liederskip oer harren Hutt-clan oer te nimmen as bûnsgenoat fan Dooku syn Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels tsjin 'e Galaktyske Republyk.

It rint lykwols oars. It slagget de Jedi Anakin Skywalker en Ahsoka Tano om Rotta, dy't fêstholden wurdt yn in ferlitten kleaster op 'e planeet Teth, te rêden en mei syn heit te ferienjen. Ta oermjitte fan ramp ûntdekt senator Padmé Amidala, dy't har mei de kwestje bemuoit om't se yn it geheim mei Anakin troud is, de belutsenens fan Ziro by de ûntfiering en bringt dy út oan Jabba. Neitiid ferdwynt Ziro efter de traaljes. Sels dêrwei is syn berik lang, mei't er de preemjejagerinne en hiermoardneresse Aurra Sing ynhiert om by wize fan wraak Padmé út 'e wei te romjen. Dat mislearret lykwols troch de tuskenkomst fan Ahsoka Tano.

Geandewei de Kloane-oarloggen komt de Grutte Hutt Ried ta de konklúzje dat it foar harren te gefaarlik is om Ziro oan syn lot oer te litten, syn kennis fan 'e ynterne wurking fan harren beried yn acht nommen. Dêrom nimme se de preemjejager en hierling Cad Bane yn 'e earm, dy't se betelje om Ziro út te brekken. Mei in team dêr't Aurra Sing ek wer diel fan útmakket, fiert Bane in oanslach op 'e Galaktyske Senaat op Coruscant út, wêrby't ferskate senators yn gizeling nommen wurde. Op dy wize witte se Ziro te befrijen, wêrnei't se him oerdrage oan 'e Grutte Hutt Ried. De glûpske Ziro wit ek oan 'e Hutts te ûntkommen, werby't er de argiven fan 'e Hutt Ried stelt. Neitiid siket er beskûl op Teth, mar yn 21 f.Sl.Y. betellet Jabba Sy Snootles om syn omke dea te sjitten en de argiven werom te heljen.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ziro wie de earste Hutt yn 'e Star Wars-franchise dy't Basaalsk (werjûn as Ingelsk) spriek, de lingua franca fan it Stjerrestelsel, ynstee fan it fiktive Hutteesk. Oarspronklik wie dat net sa bedoeld, mar hied er Hutteesk yn in lyts mikrofoantsje sprekke moatten, wêrnei't in fertaalapparaat syn wurden omsette yn Basaalsk. Dat idee waard lykwols skrast om't de produsinten fan Star Wars: The Clone Wars (2008) bang wiene dat de jongere sjoggers net begripe soene wat it fertaalapparaatsje wie.

Uterlik en persoanlikheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ziro de Hutt wurdt yn 'e film Star Wars: The Clone Wars foarsteld as in grutte pearse Hutt mei griene eagen. Syn lichem is oerdutsen mei yn it tsjuster opljochtsjende kosmetika en hy hat in tatoeaazje fan in sinne op 'e búk. Hy draacht ferskate ringen oan syn fingers. Fan karakter is Ziro deun, ambisjeus en wreed, mar hy hat mar in lytse hertsje en smeekt gau om syn libben te sparjen as er mei in wapen bedrige wurdt. Hy sprekt lispeljend en lêbich en mei in stim dy't te heech is foar in wêzen fan syn grutte. (De reden dêrfoar wie dat Star Wars-betinker George Lucas spesifyk frege hie om Ziro klinke te litten as Truman Capote.)

Keppele oan syn flamboyante uterlik soarge syn oermjitte dramatysk hâlden en dragen derfoar dat guon kommentators nei de premiêre fan 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars, yn 2008, krityk hiene op it personaazje fan Ziro de Hutt, dat se as in anty-homoseksueel stereotype seagen. Regisseur Dave Filoni reägearre dêrop troch derop te wizen dat Hutts in soartemint slakken wiene, dy't gjin geslachten hiene en dus ek net homoseksueel wêze koene. (Yn 2014 waard de offisjele lêzing oer de anatomy fan 'e Hutts lykwols oanpast: sûnt hâldt de Star Wars-kanon út dat de Hutts wol deeglik ûnderskate geslachten hawwe.) Oare media fûnen de oantigings fan homofoby fierstente fier gean; sa beskôge Gizmodo it personaazje fan Ziro as "klearebare teätrale healwizens yn in franchise dy't derom bekend stiet dat er himsels [oars] fierstente serieus nimt." Hoe dan ek, Ziro wie in favoryt fan it produksjeteam, dat dêrom besleat him werom te heljen foar ferskate ôfleverings fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono