BB-8

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
BB-8
personaazje út Star Wars
BB-8 (Star Wars-The Force Awakens).jpg
persoanlike bysûnderheden
sekse gjint
soarte personaazje robot
nasjonaliteit Flag of the Galactic Republic.svg Galaktysk
berop/amt astromeganisiên
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Poe Dameron
Rey
Finn
Chewbacca
D-O
geastlike heit J.J. Abrams
Neal Scanlan
ûntstean 2015

BB-8 (Ingelske útspr.: [ˈbiːbiː ˈeːt], likernôch: "bii-bii eet") is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. It is in wyt-mei-oranjekleurige robot mei in bolfoarmich 'lichem' en in frij bewegende, koepelfoarmige 'holle'. It is ien fan 'e protagonisten út 'e trije films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dy't tusken 2015 en 2019 makke waarden. BB-8 waard betocht troch J.J. Abrams, de regisseur en ien fan 'e senarioskriuwers fan it earste diel, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens. It is in astromeganisiênrobot dy't eigendom is fan Poe Dameron, in piloat fan it Ferset. It personaazje waard yn alle trije film fertolke troch sawol in marionet as in radiografysk bestjoerde roboatyske ienheid. De yntroduksje fan BB-8 waard tige goed ûntfongen troch sawol filmkritisy as fans, en hy ûntjoech him yn koarte tiid ta ien fan 'e populêrste personaazjes út Star Wars.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

BB-8 waard ûntwurpen op basis fan in skets makke troch J.J. Abrams, de regisseur fan Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), dy't ek meiwurke oan it tastânkommen fan it senario foar dy film. De robot waard fierder staljûn troch special effects-technikus Neal Scanlan. De namme fan it personaazje waard ek troch Abrams betocht, dy't letter útlei dat "8" likernôch de foarm fan 'e robot wie, en "B" yn mindere mjitte ek.

Foar de werjefte fan BB-8 waarden sân ûnderskate marionetten makke, dy't betsjinne waarden troch poppespilers Dave Chapman en Brian Herring. It measte fan dy sân waard in stôkmarionet ynset, dy't betsjinne waard troch Chapman. Dêrnjonken makke Neal Scanlan in radiografysk bestjoerber rekwisyt, dat er live op 'e filmset betsjinne. Yn 'e postproduksje fan 'e films waarden de op dy wize opnommen bylden oanfolle mei fisuele effekten. De lûden fan BB-8 waarden fersoarge troch Ben Schwartz en Bill Hader.

Fiktive biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn The Force Awakens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, wurdt BB-8 yntrodusearre as de astromeganisiênrobot fan Poe Dameron, de bêste piloat fan it Ferset. It twatal is derop útstjoerd om in stjerrekaart yn ûntfangst te nimmen fan 'e ûntdekkingsreizger Lor San Tekka, yn in lytse delsetting op 'e woastynplaneet Jakku. De kaart soe de lokaasje oantsjutte fan it ballingsoard fan Luke Skywalker, de lêste Jedi-master, waans stipe it Ferset nedich is yn 'e striid tsjin 'e faksistyske en diktatoriale Earste Oarder. Ear't Dameron en BB-8 fuortkomme kinne, wurdt it doarp oerfallen troch stoarmtroepers fan 'e Earste Oarder ûnder lieding fan kaptein Phasma en de Sith-ridder Kylo Ren. Dameron jout de ynformaasjedrager mei de kaart yn bewarring oan BB-8 en hjit de robot om út te naaien, wylst er sels de striid mei de stoarmtroepers oanbynt en úteinlik finzen nommen wurdt.

BB-8 ûntkomt troch de woastyn, mar wurdt letter fongen troch de rommelsiker Teedo, dy't him foar losse ûnderdielen ferkeapje wol. Hy wurdt lykwols rêden troch in oare rommelsiker, in jonge frou dy't fan Rey hjit. It pleatslike ûnderwrâldfiguer Unkar Plutt wol BB-8 tsjin in hege priis fan Rey keapje, mar hja wegeret. Letter sjocht BB-8 in man omrinnen yn it jaske fan Dameron. Dat blykt Finn te wêzen, in desertearre stoarmtroeper dy't mei help fan Dameron fan it stjerreslachskip fan Kylo Ren ûntkommen is. Se hawwe lykwols in needlâning yn 'e woastyn meitsje moatten wêrby't Dameron omkommen is. Finn, dy't BB-8 út 'e ferhalen fan Dameron weromken, biedt oan om 'e robot werom te bringen nei it Ferset. Ear't Rey dêr op antwurdzje kin, wurde se oanfallen troch TIE-jagers fan 'e Earste Oarder. It trijetal stelt in âld romteskip, dat de Millennium Falcon blykt te wêzen, en ûntkomt fan Jakku.

Neitiid foegje Han Solo, de rjochtmjittige eigner fan 'e Millennium Falcon, en syn ko-piloat, de Wookiee Chewbacca, har by BB-8-en-dy. Solo en de oaren oertsjûgje BB-8 derfan om harren de stjerrekaart sjen te litten, mar Solo stelt fêst dat it inkeld in diel fan in gruttere kaart is en op himsels ûnbrûkber. Op 'e planeet Takodana meitsje se kontakt mei it Ferset. Dan docht ek bliken dat Dameron de needlâning yn 'e woastyn wol deeglik oerlibbe hat, en dat er syn eigen paad socht hat om fan Jakku ôf te kommen. Op 'e fersetsbasis op D'Qar treft BB-8 in oare robot oan, R2-D2, dy't it restearjende part fan 'e stjerrekaart blykt te hawwen. Beide dielen mei-inoar wize de planeet Ahch-To oan as de lokaasje dêr't Luke Skywalker him weromlutsen hat.

Yn The Last Jedi[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) is BB-8 as astromeganisiênrobot oan board fan 'e X-wjukjager fan Poe Dameron belutsen by de slach tsjin 'e Earste Oarder by de planeet D'Qar. As it wapensysteem fan 'e jager defekt rekket, besiket er it op alderhanne manearen te reparearjen, mar dat slagget net. Uteinlik rêdt er de reparaasje dochs op troch mei de holle in hurde klap op 'e wapensysteemkompjûter te jaan.

Letter beselskippet BB-8 Finn en Rose Tico op harren misje om 'e float fan it Ferset te rêden nei it kasino-resort Canto Bight, om dêre de master-koadebrekker te finen nei wa't Maz Kanata harren ferwiisd hat. Ear't se de man opspoare kinne, wurdt BB-8 lykwols troch in dronken kasinogast oansjoen foar in gokautomaat en fol mei muntjild stoppe. Finn en Rose wurde troch de pleatslike plysje mei in stroomstjitwapen útskeakele op fertinking fan foutparkearjen en yn 'e sel smiten, wylst BB-8 mei hurde hân it kasino útset wurdt. Neitiid ûndernimt de robot op eigen manneboet in rêdingsaksje troch it plysjeburo binnen te kringen en de plysjes út te skeakeljen troch se te besjitten mei alle muntjild dat him tatroppe is. Tsjin dy tiid binne Finn en Rose lykwols al út 'e sel litten troch de hacker DJ, mar se binne de oare kant útgien. BB-8 jout him by DJ as dy in romteskip stelt, en tegearre rêde se Finn en Rose wannear't it fuortflechtige duo ynsletten wurdt troch de efterfolgjende plysje.

Nei't er mei Finn, Rose en DJ troch in hyperromtesprong weromkeard is by de float fan it Ferset, dy't mei in legere faasje as dy fan it ljocht troch de reële romte efternei sitten wurdt troch de float fan 'e Earste Oarder, nimt BB-8 ek diel oan harren ynfiltraasje fan it flaggeskip fan 'e Earste Oarder. Finn, Rose en DJ ferklaaie har oan board fan dat skip as militêren fan 'e Earste Oarder, en BB-8 kriget fan Finn in momkape troch in leech swart jiskefet op 'e kop oer him hinne te setten. As Finn, Rose en DJ yn 'e fâle rinne en finzen nommen wurde, is BB-8 de iennichste dy't op frije fuotten bliuwt. DJ keapet syn frijheid troch de boel te ferrieden, mar kaptein Phasma beoarderet de eksekúsje fan Finn en Rose. Ear't dat syn beslach krije kin, wurdt de float fan 'e Earste Oarder lykwols raamd troch de fersetskruser fan fise-admiraal Holdo. Yn 'e gaos dy't dêr it gefolch fan is, wit BB-8 Finn en Rose te befrijen. Trijeresom ûntkomme se yn in stellen romtefear fan it fijannige flaggeskip.

Finn, Rose en BB-8 jouwe har by de fersetslju dy't op 'e planeet Crait beskûl socht hawwe yn in âlde basis fan it Rebelleferbûn út 'e Galaktyske Boargeroarloch, mear as tritich jier earder. Dêr wurdt BB-8 weriene mei Dameron. De fersetslju reitsje ynsletten troch troepen fan 'e Earste Oarder, mar Jedi-master Luke Skywalker en syn learling Rey rêde harren. Sa kinne BB-8 en de oaren yn 'e Millennium Falcon fan Crait ûntkomme.

Yn The Rise of Skywalker[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) giet BB-8 mei Poe Dameron, Finn, Rey, Chewbacca en de androïde C-3PO op in misje om 'e twadde 'weifiner' op te spoaren. Dat is in apparaat dat it paad wiist nei de ferburgen Sith-planeet Exegol, dêr't de boasaardige keizer Palpatine wer út 'e dea opstien is en in mânske oarlochsfloat boud hat, dy't er de Lêste Oarder neamt. Hy is oanwêzich by de aventoeren op Pasaana, dêr't er himsels en Rey helpt te ûntkommen oan efterfolgjende stoarmtroepers.

As it selskip it romteskip fan 'e deade Sith-trewant Ochi fan Bestoon nimt om fan Pasaana te ûntkommen, fynt BB-8 oan board in lyts robotsje dat D-O hjit. Hy bringt it wer ta libben troch de akku op te laden. Fan dat stuit ôf bliuwt D-O deunby BB-8. Letter beselskippet BB-8 syn freonen nei de planeet Kijimi, dêr't in ekspêr yn roboatika it ûnthâld fan C-3PO wisket sadat dyselde de ynskipsje op 'e dagge fan Ochi oersette kin. Hy is oanwêzich by de misje oan board fan it stjerreslachskip fan Kylo Ren om 'e finzen nommen Chewbacca te befrijen. Dêr fine se yn in hangaar de Millennium Falcon werom, en BB-8, D-O en de no oan ûnthâldsferlies lijende C-3PO riede de ôfreis fan harrensels en de oaren mei it romteskip ta.

BB-8 is ek oanwêzich by de misje nei de moanne Kef Bir, de lokaasje fan 'e twadde 'weifiner'. Letter folget er mei de rest fan it Ferset Rey nei Exegol. Dêr weve se foargoed ôf mei keizer Palpatine en syn Lêste Oarder. BB-8 nimt wer oan 'e striid diel as de astromeganisiên fan Poe Dameron. Nei de weromkear nei de fersetsbasis op Ajan Kloss is BB-8 oanwêzich as it Ferset de oerwinning fierd. Dêrnei reizget er mei Rey nei Tatooine, dêr't sy de ferlitten pleats fan it Lars-Skywalker-laach besiket en de ljochtsabels fan Luke en Leia bedobbet. BB-8 is der as iennichste tsjûge fan as Rey neitiid de namme 'Rey Skywalker' oannimt.

Op 'e tillefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

BB-8 hat in ûnderstypjende byrol yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Resistance (2018-2020). Hy komt ek foar yn fjouwer ôfleverings fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: Forces of Destiny (2017-2018). Sands of Jakku en BB-8 Bandits spylje allebeide fuort nei't Rey him op Jakku fûn hat. Dêryn helpt Rey him om in nachtwachterwjirm en in groep banditen te ûntrinnen. Yn Tracker Trouble helpt er Rey, Finn en Han Solo om koart nei de ôfreis fan Jakku in stjoerderke dat efterfolging mooglik makket fan 'e romp fan 'e Millennium Falcon te ferwiderjen. Yn Shuttle Shock, dat plakfynt ûnder de reis nei Canto Bight, wurdt BB-8 koartsletten troch in konfrontaasje mei in elektrokutearjende 'romtekwab', wêrnei't er reparearre wurde moat troch Finn en Rose Tico.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Din Djarin • Cara Dune • Grogu • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Paz Vizsla • Sabine Wren