Bail Organa
Bail Organa personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske (Alderaansk) | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | politikus, kening | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Leia Organa Padmé Amidala Mon Mothma | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 2002 |
Bail Organa (folút: Bail Prestor Organa) is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in politikus ôfkomstich fan 'e planeet Alderaan, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002). De rol fan Organa waard fertolke troch akteur Jimmy Smits.
Fertolkings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It personaazje fan Bail Organa kaam yn 'e Star Wars-franchise foar it earst foar yn inkele sênes út Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999), it earste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, dy't lykwols by de montaazje fan dy film fuortknipt waarden. Yn dy sênes waard Organa spile troch akteur Adrian Dunbar. Letter waard it personaazje fan Dunbar retcond ta in oar personaazje mei de namme Bail Antilles.
It publyk krige Bail Organa foar it earst te sjen yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), wêryn't de rol fertolke waard troch Jimmy Smits. Deselde akteur kroep op 'e nij yn 'e hûd fan Organa foar de films Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) en Rogue One: A Star Wars Story (2016). Yn 'e tekenfilmsearjes Star Wars: The Clone Wars en Star Wars: Rebels hie it personaazje fan Organa yn inkele ôfleverings in gastrol, wêrby't de dialooch ynsprutsen waard troch stimakteur Phil LaMarr.
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bail Organa wurdt berne op 'e planeet Alderaan, ien fan 'e Kearnwrâlden fan it Stjerrestelsel, as Bail Prestor. As jongeman komt er yn 'e kunde mei kroanprinsesse Breha Organa, út it Keninklik Hûs Organa fan Alderaan. Hja reitsje fereale en trouwe mei-inoar, wêrby't Bail de efternamme fan syn frou oannimt. As Breha op op 'e troan komt en keninginne fan Alderaan wurdt, kriget Organa de titel fan kening, hoewol't syn frou regearret en hy dus eins in prins-gemaal is. Dêrnjonken is er lykwols ek ûnderkening fan Alderaan, oftewol pleatsferfanger foar syn frou.
Organa giet al jong yn 'e polityk en nei't Breha keninginne wurden is, fertsjintwurdiget er Alderaan yn 'e Galaktyske Senaat op Coruscant as senator. Dêr is er yn 'e lêste jierren fan 'e Galaktyske Republyk in ynfloedrike stim foar frede en in foaroansteand lieder fan 'e faksje dy't krewearret om 'e ideälen fan 'e Republyk, lykas demokrasy en rjochtfeardichheid, heech te hâlden.
Under de Kloane-oarloggen wurket Organa gauris gear mei lykstimde senators, lykas Padmé Amidala fan Naboo en Mon Mothma fan Chandrila, yn syn besykjen om 'e boargeroarloch tusken de Republyk en de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels (KUS) del te bêdzjen en in freedsume oplossing foar it konflikt te sykjen troch diplomasy. Hy is in tsjinstanner fan wetsfoarstellen foar it opfieren fan 'e produksje fan kloansoldaten foar it Grutte Leger fan 'e Republyk en it takennen fan mear foech oan kânselier Palpatine.
Organa is fierders de driuwende krêft efter Flechtlingekonferinsje fan Alderaan, in oerlis op topnivo oer de opfang fan 'e flechtlingen dy't de wyk nimme moatten hawwe foar it oarlochsgeweld. Inkele kearen rekket Organa aktyf yn 'e Kloane-oarloggen behelle, lykas wannear't syn humanitêre helpmisje nei de planeet Christophsis oanfallen wurdt troch de separatisten, of wannear't er mei humanitêre help foar de bewenners fan Ryloth troch de blokkade hinne brekt dy't de KUS om dy planeet hinne ynsteld hat.
Oan 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen hellet kânselier Palpatine de Galaktyske Republyk ûnder fuotten en rjochtet yn it stee dêrfan it Galaktysk Keizerryk op mei himsels as autokratysk regearjend keizer. By de steatsgreep wit Organa Coruscant libben en wol te ûntflechtsjen. Nei't Padmé Amidala yn it kreambêd ferstoarn is nei befallen te wêzen fan in twilling, jout de Jedi-master Yoda it famke, Leia, oan Organa, wylst it jonkje, Luke, troch de Jedi-master Obi-Wan Kenobi earne oars ferburgen wurdt. It wurdt nammentlik fan it heechste belang achte dat de heit fan 'e bern, de ta de tsjustere kant fan de Krêft ferfallen Jedi-ridder Anakin Skywalker, dy't no de Sith-ridder Darth Vader wurden is, net fan it bestean fan syn soan en dochter ôfwit. Organa nimt Leia mei nei Alderaan, dêr't hy en Breha de poppe foar har eigen oannimme.
Under it Keizerryk behâldt Organa syn sit yn wat no de Keizerlike Senaat hjit, mar hy moat tige hoeden operearje om net de oandacht fan 'e keizer en syn neiste trewant Darth Vader te lûken. Yn it djipste geheim binne hy en Mon Mothma behelle yn 'e tarieding foar in fersetsbeweging dy't in iepen opstân tsjin it skrikbewâld fan 'e keizer begjinne sil. Dêrby hat Organa benammen de rol fan finansier. Meitiid folget syn dochter, prinsesse Leia, yn syn fuotleasten. Hja folget Organa op as senator foar Alderaan en is teffens by it Rebelleferbûn belutsen.
De lêste kear dat Organa syn oannommen dochter moetet, jout er har opdracht om 'e ûnderdûkte Jedi-master Obi-Wan Kenobi op te spoaren en om help te freegjen, wylst er sels nei Alderaan giet om 'e planeet op oarloch ta te rieden. Dêrmei is er lykwols te let, want Alderaan wurdt (sa't te sjen is yn Star Wars: Episode IV – A New Hope út 1977) koart dêrnei ferdylge troch de Deadsstjer, it nije massaferneatigingswapen fan 'e keizer, wêrby't Organa, syn frou Breha en alle oare miljarden bewenners fan 'e planeet omkomme.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |