Retcon

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Retcon, in Ingelske ôfkoarting foar retroactive continuity ("kontinuïteit mei weromwurkjende krêft"), is in technyk op it mêd fan 'e narratology. Dêrby wurde fêstige diëgetyske feiten yn in plot fan in wurk fan fiksje neitiid feroare, negearre of tsjinsprutsen troch in letter ferskynd wurk út deselde searje, sadat de ynterne kontinuïteit fan 'e searje brutsen wurdt. Der besteane ferskate motivaasjes foar in skriuwer, in filmmakker of in oare produsint fan fiksje om retcon tapasse te wollen:

  • Om mei it ferhaal fan in ferfolch in kant útgean te kinnen dy't oars ûnmooglik is (bgl. troch de dea fan in haadpersoan oan 'e ein fan in earder wurk te negearjen).
  • Om flaters en/of swierrichheden te ferhelpen dy't nei publikaasje yn in earder wurk oantroffen binne.
  • As antwurd op negative reäksjes fan fans op in earder wurk.
  • Om 'e ynterpretaasje fan in earder wurk oan te passen.
  • Om in searje oan 'e reäliteit oan te passen as oannames of foarsizzings oer de takomst yn in earder wurk mis blike te wêzen.

Retcon wurdt troch skriuwers, filmmakkers, ensfh. brûkt om harren kreätive frijheid te fergrutsjen, derfan útgeande dat de feroarings minder wichtich binne foar it publyk as it nije ferhaal dat troch sokke feroarings mooglik makke wurdt. Sa kin men bgl. troch it mei weromwurkjende krêft pleatsen fan in earder ferhaal yn in parallel universum populêre ferstoarne personaazjes weromhelje. Folle subtilere foarmen fan retcon komme faker foar, bgl. troch lytse plotpuntsjes mei weromwurkjende krêft te negearjen. In foarbyld dêrfan soe wêze kinne: de protagonist giet yn diel 1 fan hûs sûnder iten mei te nimmen en yn diel 2 wurdt dat feit as obstakel weinommen as er nea honger kriget.

It brûken fan retcon komt fral in protte foar yn pulpfiksje en yn soapsearjes op 'e tillefyzje. Ek yn strips, benammen dy dy't publisearre wurde troch langbesteande útjouwerijen as DC Comics en Marvel, dûkt it gauris op. Dat komt om't dy útjouwerijen al desennia lang deselde stripsearjes produsearje, dêr't in grut tal tekstskriuwers en striptekeners oan meiwurket. Dan glûpt der wolris wat tuskentroch dat net te rimen falt mei eardere foarfallen út deselde rige, sadat der wat opheldere of feroare wurde moat. Retcon is ek in faak foarkommende ferskynsel yn fideospultsjes en Japanske manga's.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.