Alderaan

Ut Wikipedy
Alderaan sa't de planeet te sjen is yn Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977).

Alderaan is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise. De planeet waard yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. Yn dy film wurdt Alderaan, de thúsplaneet fan it personaazje prinsesse Leia, ferneatige troch it ynsetten fan 'e Deadsstjer, in reuseftige romtestasjon anneks massaferneatigingswapen. De opdracht ta de ferwoastging fan 'e planeet wurdt jûn troch grut-moff Wilhuff Tarkin, in neiste hantlanger fan 'e boasaardige keizer Palpatine en de kommandant fan 'e Deadsstjer. De ferdylging fan 'e wrâld is benammen te witen oan 'e stipe dy't it keningshûs fan Alderaan oan it Rebelleferbûn jout yn 'e boargeroarloch tsjin it skrikbewâld fan 'e keizer en syn Galaktysk Keizerryk.

Yn 'e Star Wars-franchise wurdt Alderaan ôfskildere as in ierdske planeet mei griene kontininten en blauwe oerflaktewetters. Neffens The Illustrated Star Wars Universe fan Kevin J. Anderson (1995) en Star Wars: The Essential Guide to Planets and Moons (1998) fan Daniel Wallace, Scott Kollins en Brandon McKinney, wurdt Alderaan oerdutsen troch flakten, wâlden en berchtmen, mar hat de wrâld gjin oseänen, inkeld in poalsee dy't by 't winter tichtfriest en tûzenen rivieren en marren. Alderaan is ryk oan bioferskaat, mei fral in protte ferskillende soarten floara en fauna.

It lânskip fan Alderaan.

De befolking fan Alderaan bestiet foar it meastepart út minsken. De stêden dy't hja bewenje, binne boud yn harmony mei de natoer, lykas yn 'e wanden fan reuseftige kleauwen of op stelten ûnder it oerflak fan 'e poalsee. De haadstêd, Aldera, is boud op in eilantsje yn 'e midden fan in kratermar. Alderaan stiet bekend om syn produksje fan en wurdearring foar keunst en om it hege nivo fan syn ûnderwiis. De Alderaanjers drage it idee út dat frede komt troch demilitarisearring. De planeet is in demokratyske monargy, dy't foarme is ûnder it Keninklik Hûs Antilles, mar letter troch houlik oergien is yn 'e hannen fan it Keninklik Hûs Organa. Leia har pleechheit Bail Organa is kening. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan 'e Hege Ried fan Alderaan, en de útfierende macht yn dy fan it regear mei oan it haad de earste foarsitter en ûnderkening.

De ferneatiging fan Alderaan yn Star Wars: Episode IV betsjutte dat it lânskip fan 'e planeet pas fierder útwurke wurde koe doe't oan 'e ein fan 'e 1990-er en it begjin fan 'e 2000-er jierren de Star Wars-prequeltrilogy makke waard, dy't yn 'e ynterne gronology fan 'e franchise foarôfgiet oan Episode IV. Yn 'e film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) komt Alderaan foar it earst yn byld. Dêrfoar waarden opnamen fan in berchlânskip brûkt, filme yn 'e Alpen yn 'e neite fan it Switserske Grindelwald, dy't troch tafoeging fan fisuele effekten oanpast wiene.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.

planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin