Christophsis

Ut Wikipedy
Christophsis sa't de planeet te sjen is yn Star Wars: The Clone Wars (2008).

Christophsis is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars, út 2008. Yn it Star Wars-hielal makket de planeet diel út fan it planetestelsel mei deselde namme yn 'e sektor Savareen fan 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. It is in terrestryske planeet mei ien moanne, dy't Leesis hjit. De atmosfear is sykhelber foar de measte organismen en it terrein bestiet fierhinne út kristalline formaasjes. Christophsis hat in lânseigen floara en fauna, mar gjin lânseigen yntelligint ras fan bûtenierdske wêzens. It meastepart fan 'e befolking fan 'e planeet bestiet sadwaande út minsken. De haadstêd hjit Chaleydonia.

Oan it begjin fan 'e Kloane-oarloggen waard op 'e planeet de Earste Slach om Christophsis útfochten tusken de kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Galaktyske Republyk en de oarlochsandroïdestriidkrêften fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Troch tadwaan fan 'e Jedi Obi-Wan Kenobi, Anakin Skywalker en Ahsoka Tano waard dy striid wûn troch de Republyk. Twa jier letter fûn de Twadde Slach om Christophsis plak, wêrby't de Republyk it lêste brêgehaad fan 'e Konfederaasje op Christophsis besocht te ferneatigjen. Tsjin 'e eftergrûn fan dat treffen besochten de Jedi-master Quinlan Vos en de preemjejagerinne en eardere Sith-learlinge Asajj Ventress om 'e Sith-ridder greve Dooku te deadzjen. Doe't dy Vos oanfoel mei Kreftwjerljocht, offere Ventress, dy't geandewei harren misje fereale rekke wie op Vos, har libben foar sines op.

Nei't kânselier Palpatine de Galaktyske Republyk by in steatsgreep ûnder fuotten helle en ferfongen hie troch it Galaktysk Keizerryk mei himsels as autokratysk regearjend keizer, kaam Christophsis al rillegau ûnder Keizerlike oerhearsking. Jierren letter, ûnder de Galaktyske Boargeroarloch, wie de planeet in broeinêst fan ferset, dêr't ferskate sellen fan it Rebelleferbûn aktyf wiene.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin