Scarif

Ut Wikipedy
Scarif sa't de planeet te sjen is yn Rogue One: A Star Wars Story (2016).

Scarif is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story (2016). Scarif makket diel út fan it planetestelsel mei deselde namme fan 'e sektor Abrion, yn 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. It is in terrestryske planeet mei in diameter fan 9.112 km en gjin inkele eigen moanne. Op it oerflak hearsket in tropysk klimaat. De planeet bestiet foar it meastepart út oseaan, mei hjir en dêr in mei wielderige plantegroei oerdutsen arsjipel fan fulkanyske eilannen, dy't wite sânstrannen oan 'e kust hawwe.

Op Scarif is gjin lânseigen yntelliginte soarte bûtenierdske wêzens ta ûntwikkeling kommen. De wrâld is in basis fan 'e striidkrêften fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk, dêr't in romteskipswerf, trainingsfasiliteiten foar stoarmtroepers en it Keizerlik Argyfkompleks fêstige binne. Scarif leit sadwaande yn in militêre útslutingssône, dêr't de tagong ferbean is foar lju dy't der neat te sykjen hawwe. De Keizerlike Striidkrêften hawwe de hiele planeet omsletten mei in ûntrochkringber enerzjyskyld, dêr't mar ien poarte yn sit dy't iepene en sletten wurde kin.

Yn Rogue One: A Star Wars Story wurdt de planeet ynfiltrearre troch in team fan it Rebelleferbûn, dêr't û.o. de krimineel Jyn Erso, de rebel Cassian Andor, de werprogrammearre Keizerlike oarlochsandroïde K-2SO, de piloat Bodhi Rook, de Beskermer fan 'e Whills Chirrut Îmwe en de hierling Baze Malbus diel fan útmeitsje. Wylst de oaren by wize fan ôfliedingsmaneuver in wraam dogge op it Keizerlik garnizoen, kringe Jyn, Cassian en K-2SO it argyf binnen, dêr't se de blaudrukken stelle fan 'e Deadsstjer. Dat is in nij Keizerlik massaferneatigingswapen yn 'e foarm fan in bolfoarmich romtestasjon ter grutte fan in lytse moanne, dat beskikt oer in superlaserkanon sa krêftich, dat der hiele planeten mei ferdylge wurde kinne.

Hoewol't it hiele team by de wanhopige misje komt te sneuveljen, slagget it harren om 'e blaudrukken troch te stjoeren nei de rebellefloat. Neitiid ferskynt boppe Scarif de Deadsstjer, ûnder befel fan grut-moff Wilhuff Tarkin, dy't in skot mei lege yntinsiteit op 'e planeet ôfsjitte lit. Dêrby wurdt it argyfkompleks (te let) ferneatige, mar de konsintrysk útwreidzjende skokweagen ferdylgje al it libben op it planeetoerflak.

De sênes bûtendoar op Scarif waarden opnommen op 'e eilannen Gan en Baresdhoo fan it atol Laamu, yn 'e Malediven. Ek op 'e loftmachtbasis RAF Bovington, yn Ingelân, waarden inkele sênes opnommen dy't plakfûnen op 'e planeet, en it metrostasjon Canary Wharf yn Londen die tsjinst as de binnenkant fan it argyfkompleks.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin