Kessel (Star Wars)

Ut Wikipedy
Kessel sa't de planeet te sjen is yn Solo: A Star Wars Story (2018).

Kessel is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't foar it earst neamd waard yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), it earste diel fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy. De planeet waard as setting yn 'e Star Wars-kanon yntrodusearre yn Spark of Rebellion, de pilotôflevering fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels, út 2014, en ferskynde foar it earst op it wite doek yn 'e film Solo: A Star Wars Story (2018). De opnamen foar de sênes op Kessel yn dy film waarden dien yn 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire.

Yn it Star Wars-hielal makket Kessel diel út fan it planetestelsel mei deselde namme fan 'e sektor Kessel fan 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. It is in terrestryske planeet mei in diameter fan likernôch 7.200 km, mei trije moannen, in deilingte fan 12 oeren en in jierlingte fan 322 dagen. It planetestelsel fan Kessel wurdt omjûn troch de Akkadeeske Draaistream, in tichte, ûnferkende dize, dêr't mar ien paad troch is: it saneamde Kesselfliet, in meänderjende trochgrong.

Kessel hat in tige waarm, near klimaat mei in foar de measte soarten wêzens sykhelbere atmosfear. De planeet stiet benammen bekend om syn minen, dêr't saneamde speserijen wûn wurde, mar ek 'coäxium', in tige folatile stof dy't brûkt wurdt as branje foar romteskippen. De mynbou op Kessel is yn 'e hannen fan 'e misdiesyndikaten fan 'e Pykes, dy't slaven ynsette om coäxium en speserijen te winnen. De minen binne lykwols inkeld op it keale, ûnfruchtbere noardlik healrûn te finen; it súdlik healrûn is oerdutsen mei wielderige fegetaasje en bestiet foar in grut part út natoerreservaten.

Yn Solo: A Star Wars Story reizget de jonge Han Solo mei syn jeugdleafde Qi'ra, syn freon Chewbacca, syn mentor Tobias Beckett, de gokker en smokkelder Lando Calrissian en dy syn robot L3-37 yn 'e Millennium Falcon nei Kessel om coäxium te stellen foar Dryden Vos, in heechpleatst ûnderwrâldfiguer binnen it misdiesyndikaat Karmozinen Dage. De dieverij slagget, hoewol't L3-37 by fersin in slave-opstân yn 'e myn feroarsaket en dêrby fatale skea oprint. Mar as it selskip mei it coäxium fan Kessel besiket te ûntkommen, wurdt it Kesselfliet tichtset troch in stjerreslachskip fan it Galaktysk Keizerryk.

Sadwaande moatte se útwike yn 'e ûnferkende dize. Efterfolge troch Keizerlike TIE-jagers en in reuseftich wêzen mei tentakels dat yn 'e dize libbet, kinne se op it nipperke ûntkomme oan in swart gat trochdat Beckett de motors fan 'e Falcon opfiert mei in dripke coäxium. Mei help fan Qi'ra slút Lando it ûnthâld fan L3-37 oan op 'e boardkompjûter fan 'e Millennium Falcon, wêrmei't er dy beiden mei-inoar ferraant. Troch it gebrûk fan 'e navigaasjedatabase fan L3-37, dy't neffens Lando de bêste yn it Stjerrestelsel wêze soe, slagget it Han om in paad werom út 'e dize te finen en dêrby de Keizerlike blokkade alhiel te omsilen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin