Asajj Ventress
Asajj Ventress personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | froulik | |
soarte personaazje | Dathomiryske Zabrak | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | Jedi, Sith, hiermoardneresse, preemjejagerinne | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
greve Dooku Savage Opress Anakin Skywalker Ahsoka Tano Obi-Wan Kenobi | |
geastlike heit | Genndy Tartakovsky George Lucas | |
ûntstean | 2003 |
Asajj Ventress (útspr.: [əˈsaːʒ ˈvɛntrəs], likernôch: "uh-saazj ven-trus), is in fiktyf bûtenierdsk personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hja waard yn 2003 yntrodusearre yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Clone Wars en kearde letter werom yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars en de dêropfolgjende tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. De geastlike heiten fan it personaazje wiene Star Wars-betinker George Lucas en animator Genndy Tartakovsky. Asajj Ventress is in Jedi dy't ferfalt ta de tsjustere kant fan de Krêft en de learlinge wurdt fan 'e Sith-ridder greve Dooku. As hiermoardneresse fjochtet se tsjin 'e Jedi, mar nei't Dooku har ferriedt, wurdt se preemjejagerinne en neitiid helpt se geregeldwei har eardere Jedi-fijannen, sadat se har eardere misdieden stadichoan goedmakket. De dialooch fan Ventress waard yn Star Wars: Clone Wars ynsprutsen troch stimaktrise Grey DeLisle en yn Star Wars: The Clone Wars troch Nika Futterman.
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn seizoen 3 fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars wurdt de eftergrûn fan Asajj Ventress beljochte. Se wurdt berne as in Zabrak op 'e planeet Dathomir yn in clan fan Nachtheksen: froulike beoefensters fan de Krêft dy't dêrta gjin formele training ûndergien hawwe. As bern wurdt Ventress as slavinne ferkocht, mar se wurdt befrijd troch de Jedi-master Ky Narec, dy't har omreden fan har Krêftgefoeligens oannimt as padawan (Jedi-learling). Nei't har master fermoarde wurdt troch de kriichshear Osika Kirske, rekket Ventress derfan oertsjûge dat de Jedi Oarder Narsec oan syn lot oerlitten hat. Se fettet in tesinzgjende hate op foar de Jedi en ferfalt ta de tsjustere kant fan 'e Krêft.
Yn Star Wars: Clone Wars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It personaazje fan Asajj Ventress waard yntrodusearre yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Clone Wars (2003-2005). Dêryn ferskynt se alderearst as de Sith-ridder greve Dooku op 'e planeet Rattatak arrivearret om dy by syn separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels te foegjen. Yn in arena is er tsjûge fan in gladiatorgefjocht, wêrby't Ventress it opnimt tsjin ferskate tsjinstanners. Se ferslacht harren allegearre en beweart neitiid in Sith te wêzen. As Dooku blike lit hoe'n bespotlike noasje oft er dat fynt, falt se him oan, mar hy ferslacht har sûnder muoite. Nettsjinsteande dat is er ûnder de yndruk fan har fermogens, dat hy nimt har oan as syn ynformele learling.
Letter yn 'e searje besiket Ventress yn opdracht fan 'e Dooku syn master Darth Sidious de Jedi-ridder Anakin Skywalker te fermoardzjen. Dêrta bejeftiget Dooku har mei in pear ljochtsabels wêrfan't de hânsels oaninoar fêstset wurde kinne om ien dûbelblêdich wapen te foarmjen mei in lichte bûging yn 'e midden. Nei't se ôfset is, merkt Sidious tsjin Dooku op dat se sûnder mis fale sil, mar dat it in nuttige test wêze sil fan 'e fermogens fan Anakin. Ventress lokket Anakin nei de moanne Yavin-IV ta, dêr't se in ljochtsabelduël útfjochtsje fan it oerwâld oan 'e ruïnes fan 'e Massassi-timpels ta. Hoewol't Ventress yn 't earstoan de boppehân hat yn it gefjocht, wurdt Anakin har úteinlik oermânsk troch de Krêft op brute wize yn te setten, sadat se oer de râne fan in ôfgrûn knoffelet.
Yn Star Wars: The Clone Wars (film)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars (2008), dy't yn it earste jier fan 'e Kloane-oarloggen spilet, is Ventress as de learlinge fan greve Dooku belutsen by in gearspanning om 'e misdiesyndikaten fan 'e Hutts oer te heljen ta in bûnsgenoatskip mei de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels tsjin 'e Galaktyske Republyk. Om't de Hutts de hannelsrûtes troch de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel behearskje is sa'n bûnsgenoatskip fan grut belang. Ventress ûntfiert dêrom Rotta, de jonge soan fan 'e ynfloedrike gangster Jabba de Hutt, wylst Dooku besiket om 'e Jedi dêrfoar de skuld op 'e lea te skowen.
Yoda, de grutmaster fan 'e Jedi Oarder, jout Anakin Skywalker en syn nije padawan Ahsoka Tano opdracht om derfoar te soargjen dat it jonkje mei syn heit weriene wurdt. Anakin, Ahsoka en de robot R2-D2 folgje it spoar fan 'e ûntfierders nei de planeet Teth, dêr't se by in ferlitten kleaster yn in mûklaach rinne fan in kloft oarlochsandroïden, oanfierd troch Ventress. Se witte út 'e fâle te ûntkommen mei de jonge Rotta, en kape in rynkrank transportromteskip, dêr't se mei nei Tatooine reizgje. Anakin syn eardere master Obi-Wan Kenobi hastiget him efter Anakin-en-dy oan nei Teth, dêr't er in kloft kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk helpt by de ferovering fan it kleaster en Ventress ferslacht yn in duël mei de ljochtsabel. Hoewol't it har slagget en ûntkom, is har misje fierhinne op in mislearring útrûn.
Yn Star Wars: The Clone Wars (searje)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neitiid keart Ventress werom yn 'e earste fiif seizoenen fan 'e op de film folgjende tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020). Yn it earste seizoen reizget se ôf nei de moanne Rugosa om as gesant fan greve Dooku in bûnsgenoatskip te sluten tusken de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels en de planeet Toydaria. De kening fan 'e Toydarianen fielt dêr neat foar, mar hy stiet Ventress ta om it mei har oarlochsandroïden op te nimmen tsjin 'e âlde Jedi-master Yoda, om te bewizen hokke side superieur is. Wannear't dy har ferslacht en de kening beslút om 'e kant fan 'e Galaktyske Republyk te kiezen, jout Dooku oan Ventress tastimming om 'e kening te fermoardzjen, sadat se it nochris prebearje kinne mei syn opfolger. Yoda keart dat plan lykwols tsjin en Ventress is twongen om 'e wyk te nimmen.
Neitiid oarderet Dooku har om foar de separatisten te spionearjen op 'e isolearre planeet Kamino, dêr't de kloanen foar it Grutte Leger fan 'e Republyk produsearre wurde. De ynljochtings dy't se sammelet, binne bedoeld om brûkt te wurden foar in ynfal op Kamino troch generaal Grievous, de cyborg dy't oan it haad fan 'e androïdelegers fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels stiet. Letter befrijt Ventress de kriichsfinzen nommen Nute Gunray, de ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje en ien fan 'e lieders fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Dêrfoar moat se it opnimme tsjin syn bewekkers, ûnder wa de Jedi Luminara Unduli en Ahsoka Tano.
Lang om let begjint Dooku syn master, Darth Sidious, de emosjoneel ynstabile Ventress as in probleem te sjen, en oarderet er Dooku om har te fermoardzjen. Dooku besiket dat te dwaan troch har te ferrieden wylst se yn in gefjocht ferwikkele is mei de Jedi Anakin Skywalker en Obi-Wan Kenobi. Ventress rekket ferwûne, mar oerlibbet it treffen. Neitiid swart se wraak tsjin Dooku en freget se har folk, de Nachtsusters fan Dathomir, om help. Dyselden stjoere Savage Opress, de broer fan Sidious syn eardere learling Darth Maul, om 'e nije ynformele learling fan Dooku te wurden. De bedoeling is dat Opress it fertrouwen fan syn master winne sil om him dan út namme fan Ventress te fermoardzjen. Dat plan mislearret lykwols as Opress Ventress likefolle begjint te haatsjen as Dooku en besiket om har beiden út 'e ljochten te helpen.
Yn seizoen 4 jout Ventress har wer by de Nachtsusters. Hja ûndergiet in ritueel dat har ta in folweardich lid fan dy mienskip makket, mar har plannen wurde fannijs dwerseide as de androïdelegers fan generaal Grievous in ynvaazje fan Dathomir útfiere en de Nachtsusters ôfslachtsje. Letter helpt Ventress in team fan preemjejagers ûnder lieding fan Boba Fett by in gefaarlike, mar winstjaande misje. Se wit har einlings te fermoedsoenjen mei it ferline as se in nije takomst as preemjejagerinne foar harsels weilein sjocht. Hoewol't se har noch altyd skuldich fielt oer hoe't se Opress brûkt hat, lit se har dêr net troch tsjinhâlde om him op te spoaren mei de bedoeling om 'e priis dy't him op 'e holle stiet te ynkassearjen. Ventress fynt him op 'e planeet Raydonia, dêr't se arrivearret as Opress en syn broer Darth Maul op it punt steane om 'e Jedi-master Obi-Wan Kenobi te deadzjen. Obi-Wan en Ventress nimme it tegearre op tsjin 'e bruorren, mar hoewol't se dyselden ferslane, witte Opress en Maul yn harren romteskip út te piken.
Yn seizoen 5 wurdt Ahsoka Tano, de padawan fan Anakin Skywalker, derfan fertocht ferantwurdlik te wêzen foar in bomoanslach en in dêropfolgjende moard. Ventress giet, as preemjejagerinne, efter Ahsoka oan en pakt har op in hier nei op, mar úteinlik beslút se har te helpen op it betingst dat se sels rehabilitearre wurde sil. Letter hantlanget se foar Anakin by syn syktocht nei de wiere dieder, dy't Ahsoka har freondinne en mei-padawan Bariss Offee blykt te wêzen.
Yn oare media
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferhaal fan Asajj Ventress giet fierder yn 'e roman Star Wars: Dark Disciple (2015), fan Christie Golden. Dat boek is basearre op 'e ûnfoltôge bleaune ôfleverings fan Star Wars: The Clone Wars. Ventress jout har yn it ferhaal by Jedi-master Quinlan Vos, dy't op in misje stjoerd is om greve Dooku te deadzjen. Geandewei harren aventoeren rekket se fereale op Vos. As dyselde troch Dooku ferlaat wurdt ta de tsjustere kant fan de Krêft, slagget it Ventress om him te ferlossen. As Dooku Vos mei Krêftwjerljocht besiket te deadzjen, offeret Ventress harsels op om him te rêden. Vos bringt neitiid har stoflik omskot werom nei Dathomir, dat se har dêr yn geast by de oare fallen Nachtsusters jaan mei.
In oare roman wêryn't Asajj Ventress foarkomt, is The Cestus Deception (2004), fan Steven Barnes, dy't folle earder yn har libben spilet. Dêryn reizget se yn opdracht fan Dooku nei Ord Cestus, dêr't se yn 'e saneamde Biodroïdekrisis út 'e skaden wei in misje fan Obi-Wan Kenobi besiket te dwerseidzjen. Se nimt it letter yn in duël op tsjin sawol Kenobi as in oare Jedi-master, Kit Fisto, mar hoewol't se Fisto wit te ûntwapenjen, wurdt se ferwûne en op 'e flecht dreaun troch Obi-Wan. Fierders is Ventress ek in haadpersoan yn in ferskaat oan strips en fideospultsjes yn it ramt fan 'e Star Wars-franchise.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |