Springe nei ynhâld

Kaptein Phasma

Ut Wikipedy
kaptein Phasma
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse froulik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt militêr
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Finn
generaal Hux
Kylo Ren
Rose Tico
geastlike heit J.J. Abrams
ûntstean 2015

Kaptein Phasma (Ingelske útspr.: [ˈfæzmə], likernôch: "fêz-muh) is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise. Hja is ien fan 'e antagonisten yn 'e earste beide films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dy't tusken 2015 en 2017 makke waarden. It personaazje fan Phasma waard betocht troch J.J. Abrams, de regisseur en mei-senarioskriuwer fan it earste diel, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens. Kaptein Phasma is in minsklike frou dy't fungearret as kommandante fan 'e stoarmtroepers fan 'e faksistoïde Earste Oarder. Se is folslein ûnmeilydsum en draacht altyd in sulverkleurige stoarmtroeperwapenris, kompleet mei gesichtsbedekkende helm. De rol fan Phasma waard yn beide films fertolke troch aktrise Gwendoline Christie.

It personaazje kaptein Phasma waard betocht troch J.J. Abrams, de regisseur en ien fan 'e trije senarioskriuwers fan 'e film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. Hy recycle foar har uterlik in ôfwiisd konsept dat optocht wie foar in oar personaazje, Kylo Ren. Har namme wie in ferbastering fan 'e titel fan 'e horrorfilm Phantasm, út 1979.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn The Force Awakens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens wurdt kaptein Phasma yntrodusearre as se de stoarmtroepers fan 'e diktatoriale en faksistoïde Earste Oarder oanfiert dy't de Sith-ridder Kylo Ren assistearje by de oerfal op 'e delsetting Tuanul, op 'e woastynplaneet Jakku. Nei't se it doarp yn 'e macht hawwe, fiere Phasma en har manskippen sûnder wifkjen it befel fan Ren út om alle ynwenners te deadzjen. Inkeld stoarmtroeper FN-2187 kriget gewisseneed en kin him der net ta bringen om mei te dwaan oan it bloedbad.

Werom oan board fan it stjerreslachskip de Finalizer, yn in baan om Jakku, sprekt Phasma FN-2187 oan om't er sûnder tastimming syn helm ôfdien hat. It docht bliken dat se syn falen yn 'e delsetting wol opmurken hat, en se jout him opdracht om himsels oan te melden foar werkondisjonearring. Ynstee beslút FN-2187 te desertearjen en ûntkomt fan it stjerreslachskip tegearre mei de finzennommen piloat Poe Dameron fan it Ferset, dy't him de namme 'Finn' jout. Phasma is oanwêzich as de desersje fan Finn ûntdutsen wurdt en merkt dan op dat er de regels nea earder brutsen hat.

Tsjin 'e ein fan 'e film, as Finn mei Han Solo en Chewbacca de Stjerredeaderbasis fan 'e Earste Oarder ynfiltrearre is, nimme hy en syn maten kaptein Phasma yn gizeling en sette har ûnder druk om it enerzjyskyld fan 'e basis út te skeakeljen. Der is praat fan dat se har dêrnei yn in ôffalpletter smite sille om fan har ôf te kommen, mar dat wurdt net yn byld brocht.

Yn The Last Jedi

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) komt kaptein Phasma pas wer yn byld as Finn yn 'e mande mei de monteur Rose Tico, de hacker DJ en de robot BB-8 it reuseftige flaggeskip fan 'e Earste Oarder ynfiltrearre is mei as doel om it apparaat te sabotearjen dat de Earste Oarder brûkt om 'e flechtsjende float fan it Ferset te folgjen by sprongen troch de hyperromte. Finn liedt harren nei de lokaasje fan it apparaat ta en DJ wit mei syn hackersfeardichheden de doar iepen te krijen, mar ear't Rose de sabotaazje útfiere kin, wurde se finzen nommen troch Phasma en har stoarmtroepers. Inkeld BB-8 ûntkomt mei't er kamûflearre is mei in omkeard swart jiskefet oer him hinne.

DJ keapet neitiid syn frijheid troch it Ferset te ferrieden, wêrnei't Phasma befel jout dat Finn en Rose stânrjochtlik eksekutearre wurde moatte. Dêr heakket se oan ta dat se net simpelwei deasketten wurde meie mei ploffers. Om't se wol dat de eksekúsje "stadich en pynlik" is, jout se opdracht om Finn en Rose mei laserhelleburden te ûnthalzjen. Ear't dat syn beslach krije kin, raamt fise-admiraal Amilyn Holdo fan it Ferset de kruser Raddus mei ljochtfaasje yn 'e float fan 'e Earste Oarder. It flaggeskip, de 60 km brede Supremacy, brekt dêrtroch midstwa. Yn 'e gaos dy't dan útbrekt, wit BB-8 Finn en Rose fan harren boeiens te befrijen, wêrnei't hja de striid oanbine mei de stoarmtroepers dy't harren deadwaan soene. Dêrby nimt Finn it op tsjin Phasma, dy't him oermânsk wurdt en oer de râne fan in ôfgrûn hinne slacht. Hy komt lykwols ûnskansearre wer boppe yn 'e lift dêr't er yn delkommen is, en slacht Phasma del. Dêrby brekt er har masker, sadat der in stik fan har gesicht bleat komt, om har loftereach hinne. Phasma byt him in mislediging ta, mar dan rekket it roaster los dêr't se op leit en falt se oant se yn 'e djipte weiwurdt yn 'e flammen fan in útslaande brân. Dat oerlibbet se blykber net, want se komt neitiid net mear yn 'e films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy foar.

Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gwendoline Christie spile de rol fan kaptein Phasma yn beide films.
jierren film akteur
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
1980 Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back
1983 Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi
1999 Star Wars: Episode I – The Phantom Menace
2002 Star Wars: Episode II – Attack of the Clones
2005 Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith
2008 Star Wars: The Clone Wars
2015 Star Wars: Episode VII – The Force Awakens Gwendoline Christie
2016 Rogue One: A Star Wars Story n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2017 Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi Gwendoline Christie
2018 Solo: A Star Wars Story n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2019 Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker

De yntroduksje fan it personaazje fan kaptein Phasma yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens late ta krityk, mar net om't der wat mei wie. Krektoarsom, in protte filmkritisy en fans fûnen it suver krimineel dat in antagonist mei sa'n grut potinsjeel mar sa'n bytsje ynset waard. Neffens regisseur Rian Johnson hie Phasma mar sa'n lytse rol om't de film in tiidslimyt en in grutte samling oare personaazjes hie, dy't ek allegear oan bod komme moasten. Deselde krityk wie op 'e nij te hearren nei't Phasma yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi omkaam. Sa neamde Jesse Schedeen har "in bytsje in teloarstelling". Hy ferliek har op negative wize mei de preemjejager Boba Fett út 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy, doe't er skreau: "sels Fett hie noch de ear om Han Solo te slim ôf te wêzen foar't er skandlik oan syn ein kaam." De populariteit fan Phasma mank fans fan 'e franchise die bliken út 'e populariteit fan merchandising om har personaazje hinne. Sa wie it action figure fan kaptein Phasma it bêst ferkeapjende fan alle personaazjes út The Force Awakens.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono