Kaydel Ko Connix

Ut Wikipedy
Kaydel Ko Connix
personaazje út Star Wars
Lieutenant Connix.jpg
persoanlike bysûnderheden
sekse froulik
soarte personaazje minske (Dulathiaansk)
nasjonaliteit Flag of the Galactic Republic.svg Galaktysk
berop/amt militêr
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Poe Dameron
Amilyn Holdo
Finn
Rose Tico
Leia Organa
geastlike heit J.J. Abrams
ûntstean 2015

Kaydel Ko Connix is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise. Hja komt foar yn 'e trije films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dy't tusken 2015 en 2019 makke waarden. Se is in froulike luitenant yn it Ferset tsjin 'e Earste Oarder. It personaazje fan Connix waard betocht troch J.J. Abrams, de regisseur fan it earste diel fan 'e ferfolchtrilogy, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens. De rol fan Connix waard yn alle trije films spile troch aktrise Billie Lourd.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aktrise Billie Lourd, dy't de rol fan Kaydel Ko Connix spile, is de dochter fan Carrie Fisher, dy wrâldferneamd waard as prinsesse Leia yn 'e oarspronklike Star War-trilogy. Hja die earst audysje foar de rol fan Rey, mar ferlear dêrby fan Daisy Ridley. J.J. Abrams, de regisseur fan Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, skoep doe spesjaal foar Lourd it personaazje fan Connix. Dat wurdt yn 'e trije films fan 'e ferfolchtrilogy inkeld "luitenant Connix" neamd, mar yn it companionboek Star Wars: The Force Awakens: The Visual Dictionary, dat skreaun waard troch Pablo Hidalgo, wurdt se identifisearre mei har folsleine namme as "Kaydel Ko Connix".

Fiktive biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn The Force Awakens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens Star Wars: The Force Awakens: The Visual Dictionary is Connix ôfkomstich fan 'e planeet Dulathia. Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, wurdt se yntrodusearre as in ûnderofsier yn it floatkommando fan it Ferset, stasjonearre yn 'e basis op 'e planeet D'Qar. By de militêre operaasje om 'e Stjerredeaderbasis fan 'e Earste Oarder te ferneatigjen, is Connix belutsen as ferkearslieder.

Yn The Last Jedi[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) is Connix nei de krisis om 'e Stjerredeaderbasis hinne befoardere ta de rang fan luitenant. By de ûntromming fan 'e fersetsbasis op D'Qar hat sy de lieding oer de efterhoede. Sels ûntkomt se nauwerneed yn it alderlêste romteskip fan it planeetoerflak. Neitiid kriget se de funksje fan sensoroperaasje-ofsier oan board fan 'e kruser Raddus, it flaggeskip fan 'e fersetsfloat.

Nei't de lieding fan it Ferset foar it meastepart omkomt by in foltreffer fan in TIE-jager fan 'e Earste Oarder op 'e brêge fan 'e Raddus, nimt fise-admiraal Amilyn Holdo it befel oer de flechtsjende fersetsfloat oer. Mei kaptein Poe Dameron fasilitearret Connix, bûten it witten fan Holdo om, de ôfreis fan Finn, Rose Tico en de robot BB-8 foar in misje om it apparaat te sabotearjen dat de Earste Oarder brûkt om 'e fersetsfloat troch de hyperromte te folgjen.

Letter is Connix ien fan ferskate fersetsofsieren dy't de rebûlje fan Dameron tsjin Holdo stipet, om't se fan miening binne dat de plannen fan 'e fise-admiraal de delfal fan it Ferset betsjutte sille. De rebûlje wurdt lykwols delslein, en neitiid is Connix ien fan 'e oerbleaune 400 fersetslju dy't op 'e planeet Crait beskûl sykje yn in âlde basis fan it Rebelleferbûn út 'e Galaktyske Boargeroarloch. Dêr reitsje se ynsletten troch de troepen fan 'e Earste Oarder. Mei de oaren wurdt Connix úteinlik rêden troch Rey, om te ûntkommen yn 'e Millennium Falcon.

Yn The Rise of Skywalker[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) helpt Connix by it opsetten fan it nije haadkertier fan it Ferset op Ajan Kloss, wêrmei't se it fertrouwen fan generaal Leia Organa nei har dielname oan 'e rebûlje fan Poe Dameron werom wit te winnen. Letter fjochtet se yn 'e Slach om Exegol tsjin 'e float fan stjerreslachskippen fan 'e Lêste Oarder fan 'e út 'e dea opstiene keizer Palpatine. Dêrby nimt se oan board fan it fersetsskip Resurgent, yn 'e mande mei û.o. Rose Tico, diel oan 'e oanfal op 'e navigaasjetoer fan 'e Ivige Sith. Nei de oerwinning fiert se by weromkear op 'e basis feest mei de oare fersetslju.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Din Djarin • Cara Dune • Grogu • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Paz Vizsla • Sabine Wren