Companionboek

Ut Wikipedy

In companionboek is in non-fiksjeboek dêr't ynformaasje yn gearfandele is oer in útjefte op it mêd fan fiksje, almeast in romansearje, mar soms ek ien inkele ferneamde roman. It 'beselskippet' dan sa'n romansearje of roman, en dêr komt de Ingelske namme companion book wei, dy't letterlik "selskipsboek" betsjut. Kwa ynhâld kinne companionboeken frijwat útinoar rinne, mar beskate dingen dy't der eins altyd yn steane, binne:

  • biografyen fan 'e personaazjes;
  • de eftergrûn fan 'e ferhalen of it ferhaal;
  • de gedachten fan 'e auteur oer syn of har wurk;
  • relevant nijs oer it beskreaune wurk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Carl, Lillian Stewart en Helfers, John, The Vorkosigan Companion, 2008 (Tekno Books), werpublisearre New York, 2010 (Baen Books), 978-1 43 91 33 798.