Cliegg Lars

Ut Wikipedy
Cliegg Lars
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske (Tatooinysk)
nasjonaliteit Flag of the Galactic Republic.svg Galaktysk
berop/amt boer
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Owen Lars
Shmi Skywalker
Beru Lars
geastlike heit George Lucas
ûntstean 2002

Cliegg Lars (útspr.: [ˈkliːɡ ˈlɑːɹz], likernôch: "kliik laarz") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in boer op 'e planeet Tatooine, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002). De rol fan Cliegg waard fertolke troch akteur Jack Thompson.

Fiktive biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cliegg Lars wurdt berne op 'e planeet Tatooine, yn 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel, as de soan fan Lef en Gredda Lars. Hy hat in broer dy't Edern hjit, mar dy komt mei fjirtjin jier om by in ûngemak mei in lânglider. As Cliegg folwoeksen wurdt, nimt er de pleats fan syn âldelju oer yn 'e neite fan 'e delsetting Anchorhead en wurdt er fochtboer, lykas syn heit foar him. Hy trout mei in frommeske dat Aika hjit en kriget mei har in soan, dy't se Owen neame. Likernôch fyftjin jier letter komt Aika te ferstjerren en wurdt Cliegg widner.

Inkele jierren letter komt Cliegg by in besyk oan 'e delsetting Mos Espa yn 'e kunde mei de slavinne Shmi Skywalker, dy't yn 'e winkel wurket fan Watto, in Toydariaanske keapman yn twaddehâns technologyske ûnderdielen. Hja reitsje fereale en Cliegg keapet har frij, wêrnei't se trouwe. Fia Shmi moetet Cliegg syn soan Owen syn lettere frou Beru Whitesun, dy't mei Shmi befreone is.

In jier as sân, acht nei't sy en Cliegg troud binne, wurdt Shmi op in dei ûntfierd by in oerfal troch in groep Tusken-kapers. Cliegg sammelet in kloft fan tritich boeren en set ôf de woastyn yn om syn wiif te rêden. Hja rinne lykwols yn in mûklaach fan 'e Tusken-kapers en der keare mar fjouwer fan harren libben werom. Cliegg is ien fan dy fjouwer; hy ferliest by it treffen in skonk, wat fierdere sykaksjes fan him behinderet. As de Jedi Anakin Skywalker by him oan 'e doar ferskynt, dy't de foarsoan fan Shmi is, fertelt Cliegg him dat it gjin sin mear hat om efter syn mem oan te gean, mei't har ferdwining no in moanne lyn is.

Anakin slacht de goerie fan syn styfheit yn 'e wyn. Troch oanwizings dy't er fan guon Jawa's kriget en syn fermogens as Jedi wit er syn mem yndie op te spoaren, mar tsjin dy tiid is Shmi sa slim mishannele, dat se yn syn earm ferstjert. Yn razernij rûget Anakin de hiele clan Tusken-kapers út dy't foar de dea fan syn mem ferantwurdlik is, de froulju en bern ynbegrepen, wat in grutte stap is op syn delgong nei de tsjustere kant fan de Krêft. Neitiid nimt er it stoflik omskot fan syn mem mei nei de pleats fan 'e famylje Lars, dêr't Shmi begroeven wurdt njonken Cliegg syn âlden en broer.

Koarte tiid letter komt Cliegg Lars te ferstjerren, mei't er troch it ferlies fan Shmi de wil om te libjen kwytrekke is. Syn pleats giet dêrnei oer op Owen en Beru.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Din Djarin • Cara Dune • Grogu • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Paz Vizsla • Sabine Wren