Springe nei ynhâld

Beru Lars

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Beru Whitesun)
Beru Lars
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Beru Whitesun
sekse froulik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt boerinne
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Owen Lars
Luke Skywalker
Shmi Skywalker
Obi-Wan Kenobi
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1976

Beru Lars (útspr.: [bəˈɹuː], likernôch: "buh-rûû"), berne as Beru Whitesun, is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hja is in boerinne op 'e planeet Tatooine en de de muoike en pleechmem fan 'e jonge Luke Skywalker. Har man hjit Owen. Beru Lars waard yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. It personaazje waard yn Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) spile troch Shelagh Fraser en yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) en de tillefyzjesearje Obi-Wan Kenobi troch Bonnie Piesse.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beru is net berne op 'e planeet Tatooine, mar rekket der op in ynterstellêre reis strâne as har romteskip stikken giet. (Dat bart yn 'e tsien jier romte dy't tusken de films Star Wars: Episode I – The Phantom Menace en Star Wars: Episode II – Attack of the Clones út 'e Star Wars-prequeltrilogy yn sit.) Yn 'e delsetting Mos Espa komt Beru yn 'e kunde mei Shmi Skywalker, in slavinne fan 'e Toydariaan Watto, dy't foar him yn 'e winkel stiet dêr't er ûnderdielen fan romteskippen ferkeapet. De beide froulju reitsje befreone en fia Shmi, dy't op it punt stiet om frijkocht te wurden troch de boer Cliegg Lars, dy't mei har trouwe wol, moetet Beru Cliegg syn foarsoan Owen Lars, op wat se fereale wurdt. Net folle letter trout se mei him. Om't Owen syn heite opfolger is op 'e fochtbuorkerij wurdt Beru dan boerinne.

Yn 22 f.Sl.Y. wurdt Shmi ûntfierd troch Tusken-kapers en mishannele oant se oan har ferwûnings beswykt (lykas te sjen yn Attack of the Clones). Cliegg Lars, dy't dan foar de twadde kear widner wurdt, komt koarte tiid letter te ferstjerren. Yn 19 f.Sl.Y. bringt de Jedi Obi-Wan Kenobi de bernleaze Owen en Beru in poppe, de soan fan Shmi har foarsoan en Owen syn styfbroer Anakin Skywalker. Owen en Beru stimme dermei yn om it jonkje grut te bringen. Se ferkeare ûnder de yndruk dat Anakin yn 'e ûnlijichheden om 'e steatsgreep fan 'e boasaardige keizer Palpatine hinne ombrocht is om't er in Jedi wie. Om 'e jonge tsjin sa'n selde lot te beskermjen, lizze Owen en Beru it near op alles dat mei de Jedi te krijen hat. Se besykje Luke waarm te krijen foar it boerewurk, eat dêr't de jonge, dy't smacht nei aksje en aventoer, gjin boadskip oan hat.

Yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope, as Luke njoggentjin jier is, keapet Owen fan 'e Jawa's in pear androïden, R2-D2 en C-3PO. Ien dêrfan, R2-D2, befettet de troch it Rebelleferbûn stellen blaudrukken fan 'e Deadsstjer, in nij romtestasjon anneks massaferneatigingswapen fan keizer Palpatine. Luke ûntdekt yn R2-D2 in boadskip fan syn twillingsuster (al wit er net dat se dat is), prinsesse Leia Organa fan Alderaan, oan Obi-Wan. As R2-D2 útnaait, giet Luke him efternei en bedarje se by Obi-Wan, dy't dan al krapoan tweintich jier as in klúzner yn 'e woastyn fan Tatooine tahâldt. Wylst Luke fuort is, wurdt de pleats oerfallen troch stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk, dy't op 'e siik nei de beide androïden binne. Dyselden fermoardzje Owen en Beru. As Luke letter syn omke en muoike dea oantreft, jout er him by Obi-Wan om as Jedi traint te wurden.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono