Poe Dameron

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Poe Dameron
personaazje út Star Wars
Poe Dameron (The Force Awakens).jpg
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Flag of the Galactic Republic.svg Galaktysk
berop/amt smokkelder, piloat, militêr
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Finn
BB-8
Leia Organa
Chewbacca
Rey
Kaydel Ko Connix
Amilyn Holdo
geastlike heit Lawrence Kasdan
J.J. Abrams
Michael Arndt
ûntstean 2015

Poe Dameron (útspr.: [ˈpoʊ ˈdæmərən], likernôch: "poo dem-muh-run") is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy is ien fan 'e protagonisten út 'e trije films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dy't tusken 2015 en 2019 makke waarden. It personaazje fan Dameron waard betocht troch de senarioskriuwers fan it earste diel, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, te witten: Lawrence Kasdan, Michael Arndt en J.J. Abrams. Poe Dameron is in minsklike man dy't himsels as piloat by it Ferset tsjin 'e Earste Oarder jûn hat. Syn bemachtigjen fan in stjerrekaart mei de lokaasje fan it geheime ballingsoard fan Jedi-master Luke Skywalker foarmet de iepeningsset fan 'e filmtrilogy. De rol fan Poe Dameron waard yn alle trije films fertolke troch akteur Oscar Isaac.

Fiktive biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn The Force Awakens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, wurdt Poe Dameron yntrodusearre as de bêste piloat fan it Ferset, in paramilitêre beweging dy't him oankantet tsjin 'e oanboazjende ynfloed fan 'e Earste Oarder. Dat is in út 'e restanten fan it Galaktysk Keizerryk gearklofte ekstremistyske organisaasje is dy't nearne foar tebekskrillet, mei as doel om 'e Nije Republyk ûnder fuotten te heljen en de hearskippij oer it Stjerrestelsel nei him ta te lûken. Luke Skywalker, de lêste Jedi, is weiwurden, en it Ferset is der alles oan gelegen om him te finen, mei't it ferlet hat fan syn stipe om 'e Earste Oarder te ferslaan.

Op 'e woastynplaneet Jakku ûntfangt Dameron in stjerrekaart fan ûntdekkingsreizger Lor San Tekka, dêr't de lokaasje fan it ferbliuwplak fan Luke Skywalker op fermeld stiet. De Earste Oarder sit Dameron lykwols op 'e hakken, en foar't er mei de stjerrekaart fuortkomme kin, wurdt de delsetting dêr't Tekka wennet, oerfallen troch in ienheid stoarmtroepers ûnder lieding fan kaptein Phasma en de Sith-ridder Kylo Ren. Wylst Kylo persoanlik Tekka deadet en de stoarmtroepers befel jout it hiele doarp ôf te slachtsjen, ferberget Dameron de ynformaasjedrager mei de stjerrekaart yn syn bolfoarmige robot BB-8, wêrnei't er dy fuortstjoert ear't er sels finzen nommen en ôffierd wurde kin.

Werom op in stjerreslachskip fan 'e Earste Oarder wurdt Dameron martele om te witten te kommen wêr't de ynformaasje oer de lokaasje fan Luke Skywalker bedarre is. Hy wegeret en doch de mûle iepen, mar troch de Krêft te brûken wit Kylo Ren neitiid dochs oan 'e weet te kommen dat er de ynformaasje oan BB-8 jûn hat. Underwilens is ien fan 'e stoarmtroepers, FN-2187, yn gewisseneed rekke troch it bloedbad dat syn maten yn it doarp op Jakku oanrjochte hawwe. Hy beslút te desertearjen, mar hat dêrfoar ferlet fan in piloat. Dêrom befrijt er Dameron, dy't him de namme 'Finn' jout. Se stelle in TIE-jager en naaie tegearre út, mar harren tastel rekket skansearre as se mei grou geskut besketten wurde, dat se moatte in needlâning yn 'e woastyn fan Jakku meitsje. Finn, dy't út 'e TIE-jager slingere wurdt, mient dat Dameron omkomt as it tastel yn driuwsân weisakket en ûnder de grûn ûntploft.

Finn fynt neitiid BB-8 werom, dy't yn it selskip is fan 'e jonge rommelsykster Rey. Efterfolge troch TIE-jagers fan 'e Earste Oarder ûntflechtsje se Jakku trijeresoam yn in stellen romteskip, de Millennium Falcon. Dat blykt earder stellen te wêzen fan syn rjochtmjittige eigners, Han Solo en syn ko-piloat, de Wookiee Chewbacca, en wurdt troch dyselden weromeaske. Finn, Rey en BB-8 reizgje mei Solo en Chewbacca nei de planeet Takodana, dêr't harren oanwêzigens oan 'e Earste Oarder rapportearrre wurdt troch in spionne. Se wurde oanfallen troch TIE-jagers en stoarmtroepers, mar dy wurde op 'e flecht dreaun as X-wjukjagers fan it Ferset harren te help komt. De oanfal fan it Ferset stiet ûnder lieding fan Poe Dameron, dy't de needlâning op Jakku dochs oerlibbe blykt te hawwen en neitiid syn eigen paad socht hat om fan 'e planeet ôf te kommen.

(Yn 'e ferboeking fan The Force Awakens, dy't yn 2015 troch Alan Dean Foster skreaun waard, wurdt útlein dat Dameron by de needlâning op Jakku ek út 'e TIE-jager slingere wie, en pas wer by bewustwêzen kaam doe't Finn al fuortgien wie. Hy sette ek ôf troch de woastyn en mette de rommelsiker Naka Iit, dy't er holp om te ûntkommen oan romtepiraten. By wize fan tank holp Iit him doe om werom te kearen nei it Ferset.)

De helm fan Poe Dameron yn 2015 útstald yn Disney's Hollywood Studios.

Tanksij it yngripen fan Dameron-en-dy wurde Finn en al syn selskipslju rêden, útsein de bewusteleaze Rey, dy't troch Kylo ûntfierd wurdt yn syn romtefear. Hy nimt har mei nei de Stjerredeaderbasis fan 'e Earste Oarder, in massaferneatigingswapen dat yn it binnenste fan in planeet boud is en sa krêftich is dat it hiele planetestelsels ferdylgje kin. Werom op 'e fersetsbasis op 'e planeet D'Qar riede de lieders fan it Ferset in militêre operaasje ta om 'e Stjerredeaderbasis te ferneatigjen foar't dy tsjin harren ynset wurde kin. Der wurdt besletten om Finn mei Solo en Chewbacca yn 'e Millennium Falcon nei de Stjerredeaderbasis te stjoeren om dy te ynfiltrearjen, sadat se it enerzjyskyld dat de planeet beskermet, útsette kinne. Dêrnei sil Dameron in oanfal fan it Ferset oanfiere, wêrby't de termale ossilator, it swakste punt fan 'e basis, bombardearre wurdt. As se dy witte op te blazen, sil der in keatlingreäksje begjinne dy't de hiele planeet ferdylget.

Wylst generaal Hux, de kommandant fan 'e Stjerredeaderbasis, risselwearret om mei syn skriklike wapen D'Qar te ferneatigjen, duorret it lang ear't Finn-en-dy it enerzjyskyld útkrije kinne. Dêrnei blike de X-wjukjagers fan it Ferset net folle út te rjochtsjen tsjin 'e pânsere bûtenkant fan 'e termale ossilator. As Chewbacca nei de moard op syn freon Han Solo troch Kylo Ren ûntstekt yn razernij en de eksplosiven ta ûntploffing bringt dy't hy en Solo pleatst hawwe, ûntstiet der lykwols in gat yn 'e bepânsering, dêr't Dameron syn X-wjukjager troch nei binnen fleane kin. Dêrnei is it foar him in kâld keunstke om 'e termale ossilator fan binnenút op te blazen, sadat de totale ferneatiging fan 'e Stjerredeaderbasis yn gong set wurdt.

Yn The Last Jedi[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) moat de basis fan it Ferset op D'Qar ûntromme wurde om't de lokaasje dêrfan bekend wurden is by de Earste Oarder. De evakuaasje ferkeart yn 'e lêste stadia as de float fan 'e Earste Oarder û.l.f. generaal Hux yn it planetestelsel fan D'Qar arrivearret. De lieding fan it Ferset, wêrûnder generaal Leia Organa en admiraal Gial Ackbar, jout opdracht ta in oanfal op 'e fijannige float troch de eigen X-wjukjagers en bommesmiters. De lieding fan dy aksje wurdt taparte oan Dameron.

De oanfal is eins bedoeld as in efterhoedegefjocht, dat de fijân ophâlde moat oant de lêste fersetssskippen it oerflak fan D'Qar ferlitten hawwe. Dameron sjocht lykwols in kâns om 'e Fulminatrix, in stjerreslachskip fan 'e Earste Oarder te ferdylgjen, en negearret befellen om him werom te lûken troch de oanfal troch te setten. Dêrby geane op ien nei alle bommesmiters fan it Ferset ferlern. De lêste, it tastel fan piloate Paige Tico, rekket skansearre en kin inkeld de lading bommen útgoaie as Paige dat sels hânmjittich docht. Hja offeret harsels op; de oanfal slagget en de Fulminatrix wurdt ferneatige, mar foar it Ferset is it in Pyrrusoerwinning, mei't de ferliezen dy't se lit hawwe net wer goed te meitsjen binne. Dameron wurdt neitiid troch Leia foar it negearjen fan befellen yn rang weromset fan luitenant-kolonel ta kaptein.

De restearjende fersetsfloat ûntsnapt nei de hyperromte en waant him feilich, mar de Earste Oarder hat in apparaat ûntwikkele wêrmei't skippen sels troch de hyperromte hinne folge wurde kinne. In heale minút nei't de fersetsfloat op in hiel oar plak de reële romte wer ynkomt, arrivearret dêr ek de float fan 'e Earste Oarder. By in oanfal troch de TIE-jagers fan 'e Earste Oarder wurdt de brêge fan 'e Raddus, it flaggeskip fan 'e fersetsfloat, rekke en slim skansearre, en alle oanwêzigen, wêrûnder de hiele lieding fan it Ferset, wurde de romte yn blaasd as alle lucht út 'e brêge nei bûten ta ûntsnapt. Dêrby komme admiraal Ackbar en de oare fersetslieders om, en inkeld Leia wit troch manipulaasje fan de Krêft te oerlibjen, hoewol't se slim ferwûne rekket.

Mei Leia bewusteleas yn 'e sikeboech en de oare lieders dea nimt fise-admiraal Amilyn Holdo it befel oer it Ferset oer. It is foar eltsenien dúdlik dat it gjin sin hat om nochris te besykjen en ûntkom fia de hyperromte, om't it Ferset noch mar brânstof hat foar ien hyperromtesprong, en de float fan 'e Earste Oarder gewoan folgje soe. De lytse romteskippen fan it Ferset binne flugger as de logge stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder, en kinne dêrom krekt bûten berik fan 'e grutte plofferkanonnen bliuwe. Der ûntstiet in relatyf stadige efterfolging mei minder-as-ljochtfaasje troch de reële romte, dy't lykwols net mear as in pear dagen duorje kin foar't it Ferset troch de branje hinne is.

Nei in oanfarring mei Holdo ferliest Dameron alle fertrouwen yn 'e fise-admiraal. As Finn en monteur Rose Tico, de jongere suster fan Paige, by him komme mei in eigenbetocht plan om 'e fersetsfloat te rêden, seit Dameron harren dêrom syn stipe ta. It idee is om it apparaat wêrmei't de Earste Oarder it Ferset troch de hyperromte folget, te sabotearjen, mei't dêr mar ien eksimplaar fan bestiet. Finn, dy't in desertearre stoarmtroeper is, wit it te finen en Rose kin it útsette. Wat se misse is in koadebrekker om harren tagong te ferskaffen ta de romte mei it apparaat, dat efter slot en skoattel bewarre wurdt. In holografysk petear mei fersetssympatisante Maz Kanata ferwiist harren datoangeande nei in gokker yn it kasinoresort Canto Bight, dy't in reade blom op it revêr fan syn kolbêrjaske draacht. Dameron en luitenant Kaydel Ko Connix, dy't it mei him hâldt, helpe Finn, Rose en Dameron syn robot BB-8 stilwei út te piken, sadat se yn in lyts romtefear troch de hyperromte nei Canto Bight reizgje kinne.

Hieltyd mear romteskippen fan it Ferset komme sûnder brânstof te sitten en wurde troch de Earste Oarder oan grôt sketten, en úteinlik is inkeld in flaggeskip, de kruser Raddus, noch oer, dêr't alle fersetsbemannings gearbrocht binne. Mar ek dat skip driget sûnder brânstof te reitsjen. Fise-admiraal Holdo risselwearret om alle opfarrenden yn lytse transportskippen fuort te stjoeren. Dameron fynt dat plan lef en nutteleas, mei't de transportskippen warleas wêze sille foar de kanonnen fan 'e Earste Oarder. Mei luitenant Connix en inkele oare meistanners komt er dêrom yn opstân en nimt it befel oer de kruser oer. Underwilens komme Finn, Rose en BB-8 werom fan Canto Bight, dêr't se de master-koadebrekker troch omstannichheden mist hawwe, mar ynstee út it pleatslike tichthûs de lûsje hacker DJ oppikt hawwe foar de put. Harren misje oan board fan it fijannige flaggeskip rint lykwols op in mislearring út as se trappearre wurde troch Finn syn eardere befelfierend ofsier, kaptein Phasma, dy't harren yn 'e hechten slaan lit.

Oan board fan 'e kruser fan it Ferset brekke Holdo-en-dy los, wêrnei't Dameron en Connix har op 'e brêge ferskânzje. As de doarren fan 'e brêge iepenbrutsen wurde, is it lykwols Leia Organa dy't dertroch komt en Dameron mei in ploffer op ferdôvingsstân bewusteleas sjit. De evakuaasje fan it skip wurdt dêrnei ferfette. As er wer bykomt, leit Leia oan Dameron út dat se no deunby de planeet Crait binne, dêr't noch in âlde basis is út 'e tiid fan it Rebelleferbûn, mear as tritich jier lyn. De transportskippen sille, kamûflearre foar de efterfolgjende stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder, de fersetslju nei Crait bringe, wylst de fijân trochgiet mei it efterfolgjen fan 'e Raddus as dy de planeet foarby fljocht. Dameron moat tajaan dat dat eins bêst in goed plan is. Der moat lykwols al immen oan board fan 'e kruser bliuwe om 'e Earste Oarder mei te lokjen. It is Holdo dy't dy taak op har nimt. It plan fan 'e fersetslju mislearret lykwols as oan board fan it fijannige flaggeskip de koadebrekker DJ syn frijheid keapet troch generaal Hux op 'e transportskippen fan it Ferset opmerksum te meitsjen. Dêrop iepenet de Earste Oarder it fjoer op 'e transportskippen, dy't ien foar ien ferneatige wurde.

As fise-admiraal Holdo sjocht de Earste Oarder op it punt stiet om it Ferset út te rûgjen, keart se har kruser om en offeret se har eigen libben op troch by wize fan selsmoardaksje nei de hyperromte te springen dwers troch de float fan 'e Earste Oarder hinne. Dat betsjut eins dat se de fijannige float raamt mei de faasje fan it ljocht, wêrby't se gâns stjerreslachskippen hielendal nei gychem helpt en de rest slimme skea tabringt. Oankommen op Crait sykje de lêste 400 leden fan it Ferset beskûl yn 'e âlde rebellebasis yn in berch oan 'e útein fan in útstrutsen sâltflakte. Dêr krije se selskip fan in kloft foks-eftige wêzens dy't fan kristal makke lykje te wêzen en lânseigen op 'e planeet binne. Finn, Rose en BB-8, dy't ûntsnapt binne troch de gaos dy't de aksje fan Holdo op it fijannige flaggeskip oanrjochte, jouwe harren der ek by. De reuseftige feilichheidsdoar blykt de iennichste yn- en útgong te wêzen. Kylo Ren en generaal Hux liede de Earste Oarder nei Crait ta, dêr't de oanfal ynset wurdt mei AT-AT's en in belegeringskanon dat troch de feilichheidsdoar hinne komme kin. Dameron beslút mei in kloft fersetslju, ûnder wa Finn en Rose, in wraam op it belegeringskanon te dwaan mei ferâldere lângliders dy't tritich jier efter de tiid binne en troch gebrek oan ûnderhâld suver útinoar falle. Dy ûnferskrokken oanfal mislearret lykwols en moat opjûn wurde.

Wannear't de Earste Oarder mei it belegeringskanon troch de feilichheidsdoar hinne brekt, ferskynt ynienen Jedi-master Luke Skywalker op it toaniel. Hy giet lykme-allinne nei bûten ta om syn omkesizzer Kylo Ren út te daagjen. Dêrmei hâldt er de oanfal fan 'e Earste Oarder op 'e rebellebasis lange tiid op. Underwilens liede de kristallen foksen de fersetslju nei in útgong fan 'e basis, dy't lykwols tichtset is troch in ynstoarting, wêrby't reuseftige rotsblokken delkommen binne. De kristallen wêzens kinne troch in lyts gatsje ûntkomme, mar de fersetslju sitte fêst. Rey en Chewbacca arrivearje mei de Millennium Falcon. As Rey de Krêft brûkt om 'e rotsblokken fansiden sweve te litten, kinne alle fersetslju ta de basis út en oan board fan 'e Millennium Falcon gean, wêrnei't se mei dat skip ûntkomme.

Yn The Rise of Skywalker[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) hawwe Dameron, Finn en Chewbacca in geheime moeting mei in kontaktpersoan dy't harren ynformaasje taspilet ôfkomstich fan in anonime sympatisant fan it Ferset binnen de Earste Oarder. Sa ûntdekke se dat keizer Palpatine, dy't mear as tritich jier lyn yn 'e Slach by Endor omkommen is, wer út 'e dea opstien is, dat er him op 'e ferburgen planeet Exegol befynt, en dat er in reuseftige float stjerreslachskippen boud hat dy't er de Lêste Oarder neamd. Rey lêst yn 'e notysjes fan har âlde master Luke Skywalker dat men ferlet hat fan in Sith-artefakt dat in 'weifiner' hjit om Exegol te berikken. Der binne mar twa fan sokke weifiners, en Kylo Ren hat de iene al yn syn besit. Dameron, Finn, Chewbacca, Rey en de robots BB-8 en C-3PO sette mei-inoar yn it romteskip de Millennium Falcon ôf nei de woastynplaneet Pasaana, dêr't neffens Luke in oanwizing ferburgen wêze soe om 'e twadde weifiner op te spoaren.

Op Pasaana oankommen, krije de leden fan 'e groep al rillegau pleatslike stoarmtroepers efter har oan. Se wurde finzen nommen, mar daliks wer befrijd troch in mysterieuze frjemdling mei in gesichtsbedekkende helm op, dy't Lando Calrissian blykt te wêzen, in held fan it Rebelleferbûn út 'e Galaktyske Boargeroarloch. Lando fertelt Dameron-en-dy dat hy en Luke yn it ferline op Pasaana tegearre omdôch socht hawwe nei in artefakt dat harren de lokaasje fan 'e twadde weifiner dúdlik meitsje soe. Se bedarren op Pasaana om't se in agint fan 'e Sith folgen, in Ochi fan Bestoon. Dy syn spoar rekken se lykwols op Pasaana bjuster; it is ûnbekend wat der fan him wurden is, mei't syn romteskip noch altyd yn 'e woastyn stiet. Dameron-en-dy beslute dat se it skip fan Ochi trochsykje moatte en sette ôf de woastyn yn. Ear't se it romteskip fan Ochi berikke kinne, reitsje se lykwols allegearre fêst yn driuwsân. Se kinne harsels net befrije en geane ien foar ien kopke-ûnder.

Ynstee dat se deageane, sakje Dameron-en-dy lykwols dwers troch it plafon in ûndergrûnsk gongestelstel yn. Dêre fine se it bonkerak fan Ochi werom, en yn syn besit treffe se it artefakt oan dat se sykje: in dagge mei op it limmet in ynskripsje yn 'e taal fan 'e Sith. C-3PO is de iennichste dy't it lêze kin, mar syn programmatuer ferbiedt him lykwols om dingen út 'e Sith-taal oer te setten, sadat er harren net fertelle kin wat de ynskripsje ynhâldt.

Wannear't it selskip út it gongestelsel ûntkommen is, ornearret Dameron dat se net werom kinne om 'e Millennium Falcon op te heljen, mei't it by dat romteskip no sûnder mis optilt fan 'e stoarmtroepers. Ynstee beslute hy en de oaren dêrom de planeet mei it romteskip fan Ochi te ferlitten. Foar't Dameron, Finn en Chewbacca it âlde skip ree hawwe om op te starten, giet Rey allinnich de woastyn yn foar in konfrontaasje mei Kylo, waans oanwêzigens se op Pasaana gewaarwurdt. As se net op 'e tiid weromkomt, set Chewbacca efter har oan, mar hy wurdt finzen nommen troch Kylo syn trewanten, de Ridders fan Ren. Finn sjocht hoe't dyselden Chewbacca yn in romtefear lade, en warskôget Rey, dy't de Krêft brûkt om it romtefear werom nei de planeet te lûken. Kylo brûkt lykwols de Krêft om har tsjin te kearen, en dy ynspanning is tefolle foar Rey, dat se ferliest de behearking oer de Krêft. In ûntlading fan Krêftwjerljocht, heech yn loft, soarget derfoar dat it romtefear ûntploft. Rey is raar gesteld, mei't se mient dat se Chewbacca ombrocht hat.

Akteur Oscar Isaac, de fertolker fan 'e rol fan Poe Dameron, op 'e San Diego Comic-Con fan 2015.

De Sith-dagge is ek ferlern gien, mei't Chewbacca dy by him hie. C-3PO oppenearret dat de tekst no inkeld yn syn ûnthâld opslein leit, mar dat nimmen derby kin, of it moat wêze dat syn ûnthâld fierders hielendal wiske wurde soe. Nei't Dameron, Finn en Rey fêststeld hawwe dat de robot R2-D2, dy't by generaal Leia Organa efterbleaun is op 'e fersetsbasis, geregeldwei in back-up makket fan it ûnthâld fan C-3PO, beslute se dat yn dit gefal it doel de middels hilliget. Dameron ken in ekspêr yn roboatika dy't in ûnthâldswisking útfiere kin. Dyselde is lykwols fêstige op 'e planeet Kijimi, dêr't er leaver net wer hinne gean soe, om't er der fijannen makke hat. Hy beslút der lykwols mar it bêste fan te hoopjen en set koers dêrhinne.

Op Kijimi blykt it te wrimeljen fan 'e stoarmtroepers. It selskip wurdt lykwols net troch de Earste Oarder fûn, mar troch Zorii Bliss, in froulike smokkelder dy't Dameron raar sitte litten hat. It docht bliken dat Dameron foarhinne ek in smokkelder wie. Zorii wol Dameron earst fermoardzje en dan útleverje oan 'e stoarmtroepers foar de preemje dy't op syn holle set is. Mar se lit har troch Rey beprate om 'e groep te helpen, wêrnei't se harren by de robotsmid Babu Frik bringt. As de ûnthâldswisking by C-3PO útfierd is, blykt dat de ynskripsje bestiet út 'e koördinaten fan 'e lokaasje fan 'e twadde weifiner. Rey fernimt op Kijimi wer de oanwêzigens fan Kylo Ren, waans stjerreslachskip yn in baan om 'e planeet arrivearre is. Mar se wurdt ek de oanwêzigens fan Chewbacca gewaar, dy't oan board fan dat stjerreslachskip is. Dameron, Finn en Rey riddenearje dan út dat der op Pasaana twa romtefearen west hawwe moatte: ien dêr't Finn Chewbacca yngean seach, en in oarenien dat Rey by fersin ferneatige hat.

Se beslute ta in rêdingsmisje en ynfiltrearje it stjerreslachskip. Dameron en Finn witte de sel te finen dêr't Chewbacca fêstholden wurdt. Se befrije him en besykje dan de Millennium Falcon te berikken, dy't troch Kylo syn hantlangers nei de konfrontaasje op Pasaana yn in hangaar fan it stjerreslachskip set is. BB-8, de no oan ûnthâldsferlies lijende C-3PO en D-O, in lyts robotsje dat se oan board fan it romteskip fan Ochi oantroffen hawwe, binne streekrjocht nei de Millennium Falcon gien om it útnaaien fan 'e hiele groep ta te rieden. As Dameron, Finn en Chewbacca hàst harren doel berikt hawwe, wurde se lykwols ynsletten troch stoarmtroepers en moatte se belies jaan. Se wurde finzen nommen, wêrnei't generaal Enric Pryde, de ûnderbefelhawwer fan 'e Earste Oarder, opdracht jout om harren stânrjochtlik te eksekutearjen. It trio wurdt lykwols rêden troch generaal Hux, dy't harren fertelt dat hy de anonime sympatisant is dy't it Ferset de ynformaasje oer Exegol en keizer Palpatine taspile hat. Dameron, Finn en Chewbacca witte de Millennium Falcon te berikken, pikke Rey op en ûntkomme.

Se reizgje nei de koördinaten út 'e ynskripsje op 'e Sith-dagge, dy't in plak oantsjutte op 'e moanne Kef Bir, yn it planetestelsel Endor. Dat is it plak dêr't mear as tritich jier lyn de wrakstikken fan 'e twadde Deadsstjer delkommen binne, nei't dat romtestasjon en massaferneatigingswapen troch it Rebelleferbûn ferneatige wie yn 'e Slach by Endor. De weifiner blykt yn ien fan 'e reuseftige wrakstikken te sitten, dat in eintsje út 'e kust yn see delkommen is. Om't de Millennium Falcon by de lâning op Kef Bir skea oprûn hat en earst reparearre wurde moat, beslút Rey út tiidneed de reuseftige weagen yn in lyts boatsje te trotsearjen. Kylo Ren, dy't yn syn TIE-jager boppe-op it wrakstik fan 'e Deadsstjer lânet, makket Rey de twadde weifiner ôfhandich en fernielt it ding. Nei in konfrontaasje mei Kylo, wêrby't se him earst deadlik ferwûnet en dan genêst, flechtet Rey yn Kylo syn TIE-jager. Dameron en de oaren ferlitte Kef Bir yn 'e reparearre Millennium Falcon.

Palpatine is poerrazen oer de bemuoienis fan Dameron-en-dy. Hy stjoert in stjerreslachskip fan 'e Lêste Oarder nei Kijimi ta om dy planeet te ferneatigjen by wize fan machtsdemonstraasje. Dameron is raar gesteld as er dat heart. Werom op 'e basis fan it Ferset docht bliken dat generaal Leia Organa ûnderwilens ferstoarn is. Hja hat de lieding oer it Ferset oerdroegen oan Dameron. Dy ferantwurdlikheid weaget te swier op syn skouders, dat hy freget Finn om mei-befelfierder te wurden, in foarstel dêr't dyselde mei ynstimt.

Underwilens stjoert Rey, dy't mei Kylo syn weifiner it paad nei Exegol ûntdekt, de koördinaten fan har rûte troch oan R2-D2. Dameron en Finn komme fanwegen mei alle skippen dêr't it Ferset noch oer beskikt en folgje Rey nei Exegol, wylst Chewbacca en Lando Calrissian mei de Millennium Falcon ôfsette om help te sykjen. As de float fan it Ferset by Exegol arrivearret, set Dameron mei de rest fan 'e piloaten de oanfal yn op 'e oermacht fan keizer Palpatine syn Lêste Oarder. Se lije swiere ferliezen yn 'e ûngelikense striid en litte de moedfearren hingje. As de need it heechst is, arrivearret der lykwols in alderûnbidichst grutte float fan romteskippen fan alderhanne slach en soarte út it hiele Stjerrestelsel wei, mei oan board âlde bekenden en nije bûnsgenoaten. De float wurdt oanfierd troch Chewbacca en Lando yn 'e Millennium Falcon, dy't fersterking krigen hawwe fan in oare held út 'e Galaktyske Boargeroarloch, Wedge Antilles. Dan keare de kânsen en begjint it Ferset de stjerreslachskippen fan 'e Lêste Oarder te ferneatigjen. Dameron komt yn dy striid op in hier nei om, mar wurdt rêden troch Zorii Bliss, dy't mei Babu Frik en oaren oan 'e ferneatiging fan Kijimi ûntkommen is.

Palpatine brûkt Krêftwjerljocht om yn 'e loft boppe him de romteskippen fan it Ferset oan te fallen. Dêrtroch rekket de Lêste Oarder wer oan 'e winnende hân. Mar nei't Rey de weropstiene keizer foargoed de dea ynjage hat, meitsje Dameron-en-dy regaad en weve ôf mei de fijân. De Slach by Exegol rint út op 'e ferneatiging fan 'e Lêste Oarder en in grutte oerwinning foar it Ferset. Neitiid keart de grutte float fan it Ferset werom nei hûs om dêr ek in ein te meitsjen oan 'e hearskippij fan 'e Earste Oarder. Werom op 'e basis fan it Ferset fiere Dameron en syn freonen de oerwinning. Hysels dielt in momint mei Zorii, op wa't er, nei't it skynt, fereale is, mar oft sy syn gefoelens beäntwurdet, bliuwt ûndúdlik. Neitiid moetet Dameron Finn en Rey yn in emosjonele weriening.

Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jierren film akteur
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
1980 Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back
1983 Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi
1999 Star Wars: Episode I – The Phantom Menace
2002 Star Wars: Episode II – Attack of the Clones
2005 Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith
2008 Star Wars: The Clone Wars
2015 Star Wars: Episode VII – The Force Awakens Oscar Isaac
2016 Rogue One: A Star Wars Story n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2017 Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi Oscar Isaac
2018 Solo: A Star Wars Story n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2019 Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker Oscar Isaac

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Din Djarin • Cara Dune • Grogu • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Paz Vizsla • Sabine Wren