Lânglider

Ut Wikipedy

In lânglider (Ingelsk: landspeeder, letterlik: "lânhastiger") is in fiktyf ferfiermiddel út 'e Star Wars-franchise. It is in soarte fan auto sûnder tsjillen, dy't gebrûk makket fan anty-graviteitstechnology om in lyts eintsje (30 sm oant 1/2 m) boppe de grûn te sweven. Lângliders wurde yn 'e films en tillefyzjesearjes fan 'e Star Wars-franchise sawol foar boargerlike as militêre doelen brûkt. De lânglider waard yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film.

Yn Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), it earste diel fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy, hat haadpersoan Luke Skywalker in lânglider fan it type X-34, dy't er yn 'e delsetting Mos Eisley ferkeapet foar't er syn thúswrâld Tatooine ferlit om him by it Rebelleferbûn te jaan. De X-34, dat nei alle gedachten noch altyd it bekendste model lânglider is, wurdt produsearre troch de SoroSuub Korporaasje en kin twa persoanen ferfiere: in piloat en in passazjier. Efter de stuollen foar dy beiden befine har magnetyske klammen dêr't androïden en oare bagaazje mei fêstset wurde kin. Dit type lânglider hat gjin dak, mar wol in útskober foarrút. De X-34 hat in lingte fan 3.40 m. De maksimale faasje bedraacht 250 km/o, en de maksimale hichte boppe de grûn is 1 m.

Oare modellen lângliders dy't yn 'e filmsearje fan Star Wars brûkt wurde, binne:

De sniegliders (snowspeeders), dy't de rebellen yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) ynsette by de ferdigening fan harren basis op 'e iisplaneet Hoth tsjin 'e AT-AT's fan 'e Keizerlike stoarmtroepers, binne eins oanpaste lângliders.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography en References, op dizze side.