Springe nei ynhâld

Unthalzing

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ûnthalzjen)
Unthalze lichems yn Peking (1905).

Unthalzing, of ûnthaadzje en ûntholje, is it skieden fan 'e holle fan in persoan fan syn of har lichem. It is ûnmooglik foar in minske om sa'n ferwûning te oerlibjen, fanwegen trije dingen. Yn it foarste plak ûntnimt it ferwiderjen fan 'e holle oan alle oare organen de autonome funksjes dy't ûnmisber binnen om it lichem yn it libben te hâlden. Twad krije de harsens troch it trochsnijen fan 'e hals gjin bloed en dus ek gjin soerstof mear, mei as gefolch dat se net mear funksjonearje kinne. En trêd wurdt troch it trochsnijen fan 'e hals ek de halsslachier trochsnien, wat ien fan 'e fluchste manieren is om in minske deabliede te litten. De tiidwurden dy't yn geef Frysk by it haadwurd 'ûnthalzing' hearre, binne: ûnthalzje, ûntholje, it yn ûnbrûk rekke ûnthaadzje en de holle ôfslaan.

De term 'ûnthalzing' kin ferwize nei in foarfal dat by fersin plakfynt en wêrby't in deade falt trochdat hy of sy, bygelyks troch in masine of in ûntploffing, by ûngelok ûntholle wurde. Fierders is selsmoard troch ûnthalzing seldsum, mar net ûnbesteand. Yn 'e regel ferwiist ûnthalzing lykwols nei in foarm fan 'e deastraf, wêrby't lju dy't skuldich befûn binne oan in swierdernôch misdriuw eksekutearre wurde troch harren de holle ôf te slaan. Soks waard yn West-Jeropa benammen yn 'e Midsiuwen, de Renêssânse en de iere Moderne Tiid in protte dien. Lange tiid wie it in soarte fan earestraf, dy't foarbeholden wie oan eallju, wylst gewoane lju, as se de deastraf oplein krigen, ophongen waarden.

Lannen dêr't ûnthalzing noch in wettige foarm fan 'e deastraf is:
     wetlik mooglik, mar yn ûnbrûk
     wetlik mooglik en yn gebrûk.

Unthalzing waard (en wurdt noch) dien mei in heksebile, in swurd of soms mei in mês. Under it Skrikbewâld, nei de Frânske Revolúsje, ûntwikkele dokter Joseph-Ignace Guillotin de nei him ferneamde guillotine, in apparaat mei in falmês dat troch in skuor oan in koarde loslitten wurdt. Dat wie eins bedoeld as in humanere wize fan it útfieren fan ûnthalzings as troch in boal mei in bile of swurd, dy't wolris mis sloech, of, noch slimmer, heal mis sloech. Guon bekende persoanen dy't troch ûnthalzing oan har ein kamen, wiene Anna Boleyn, de saneamd oerhuorrige frou fan kening Hindrik VIII fan Ingelân; de Ingelske humanistyske Renêssânseskriuwer en politikus sir Thomas More; de Ingelske admiraal sir Walter Raleigh, keninginne Marije I fan Skotlân; de Nederlânske greven fan Egmont en Hoarne; kening Loadewyk XVI fan Frankryk; en dy syn frou, Marie Antoinette.

Unthalzing mei de guillotine gie oant fier yn 'e tweintichste iuw troch; it lêste gefal wie dat fan Hamida Djandoubi, yn Frankryk, yn 1977. Ek yn nazy-Dútslân wie de guillotine in faak foarkommende metoade fan eksekúsje, dêr't nei skatting tusken 1933 en 1945 16.500 mei ombrocht binne, wêrûnder Sophie en Hans Scholl en de oare leden fan 'e fersetsgroep die Weiße Rose. Tsjintwurdich is ûnthâlzing noch yn fjouwer lannen in wettige foarm fan 'e deastraf. Yn Jemen, Iraan en Katar wurdt ûnthalzing as sadanich yn 'e wet neamd, mar wurdt it net mear yn 'e praktyk brocht. Yn Saûdy-Araabje, lykwols is ûnthalzing noch wettich en wurdt it ek noch geregeldwei yn 'e praktyk brocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.