Anna Boleyn

Ut Wikipedy
Tekening troch Hans Holbein de Jonge

Anna Boleyn, (Blickling (Norfolk)?, 1501 - Londen, 19 maaie 1536) wie de twadde frou fan Hindrik VIII en keninginne fan Ingelân fan 1533 oant 1536.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anne Boleyn wie de dochter fan Thomas Boleyn, greve fan Wiltshire, en Elisabeth Howard. Har bertejier is net wis, en soe ek 1502 wêze kind hawwe. Troch har heit waard sy ûnder de hoede brocht fan Margaretha fan Eastenryk, de dochter fan Maximiliaan I, keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Tusken 1513 en 1514 wenne sy yn de Lege Lannen en dêrnei inkele jierren yn Frankryk.

Nei har weromkomst yn Ingelân waard sy, nei alle gedachten, hofdame fan Mary Tudor, de suster fan Hindrik VIII in eardere frou fan de Frânske kening. Yn de maaitiid fan 1523 ferlove sy har mei Lord Henry Percy, de takomstige 6e greve fan Northumberland. Doe't syn heit fia kardinaal Thomas Wolsey dat hearde, kearde dizze him tsjin it houlik.

Yn 1527 wie Anna hofdame fan Catharina fan Aragón, de earste frou fan Hindrik. It die bliken dat Hindrik al fan 1525 ôf in amoureuze relaasje ûnderhâlde mei Anna, dy't yn 1527 algemien bekend waard. En sy naam gjin genoegen mei in posysje fan allinnich matresse. Neidat ûnderhannelings mei paus Clemens VII oer de skieding fan Hindrik VIII en Catharina mislearre wienen (sy koe him gjin manlike neisieten jaan), ferstjitte hy syn earste frou yn 1531 en boaske temûk mei Anna Boleyn. Doe't lang om let de ferklearring fan syn earste houlik ferneatige waard koe syn houlik mei Anna Boleyn yn juny 1533 offisjeel fêstlein wurde.

Yn septimber 1533 joech Anna it libben oan har dochter Elizabeth, de lettere keninginne Elizabeth I. Yn de trije jier dy't dêrnei folgen krige sy trije miskreammen. Hindrik wie fan betinken dat op syn houlik mei Anna in flok rêste en Jane Seymour ferskine op it toaniel as nije maitresse yn in lange rige. Yn 1536 lit Hindrik Anna arresteare en oerbringen nei de Tower of London op beskuldiging fan troubrek en ynsest en waarden har fiif saneamde frijers en harsels ûnthalze. Neffens histoarisy wie sy net alhiel ûnskuldich en hie sy net in heechsteand karakter.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]