Rugor Nass

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Baas Nass)
Rugor Nass
personaazje út Star Wars
Rugor Nass.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) baas Nass
sekse manlik
soarte personaazje Gungaansk
nasjonaliteit Flag of the Galactic Republic.svg Galaktysk
berop/amt politikus
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Roos Tarpals
Jar Jar Binks
Padmé Amidala
Qui-Gon Jinn
Obi-Wan Kenobi
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1999

Rugor Nass (útspr.: [ˈɹuːɡɔɹ ˈnæːs], likernôch: "rûû-gor nês"), better bekend as baas Nass, is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is de wichtichste polityk lieder fan 'e Gunganen, in ras fan bûtenierdske wêzens dat lânseigen is op 'e planeet Naboo. It personaazje waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). Nass waard hielendal mei special effects staljûn; syn dialooch waard ynsprutsen troch de Ingelske akteur Brian Blessed.

Fiktive biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rugor Nass is berne op 'e planeet Naboo. Hy begjint syn karriêre troch te tsjinjen yn it leger fan 'e Gunganen. Letter klimt er op ta hearsker ('baas') oer de Gunganen fan 'e ûnderwetterstêd Otoh Gunga, op 'e boaiem fan 'e Paongamar. As sadanich is er it ynfloedrykste lid fan 'e Gungaanske Hege Ried, dy't alle Gunganen bestjoert. Nass ferballet de knoffelige Jar Jar Binks út Otoh Gunga om't er syn persoanlike ûnderseeboat by in ûngelok total loss fearn hat. Dat hat plak foarôfgeande oan 'e foarfallen yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999), it earste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy.

Yn The Phantom Menace[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koart nei't de Hannelsfederaasje yn 32 f.Sl.Y. úteinset is mei syn ynvaazje fan Naboo, keart Jar Jar yn Otoh Gunga werom, mei yn syn sok twa Jedi, de master Qui-Gon Jinn en de padawan Obi-Wan Kenobi. Om't er sûnder tastimming weromkeard is, wurdt Jar Jar dêrop finzen set troch Nass syn kaptein fan 'e wacht, Roos Tarpals. De Jedi besykje Nass derfan te oertsjûgjen dat de Hannelsfederaasje gjin ûnderskie meitsje sil tusken de minsklike Nabooanen en de Gunganen, mar Nass is fan miening dat it om in konflikt giet dêr't syn folk neat mei te krijen hat, dat hy wegeret him dermei te bemuoien. Hy makket de Jedi der wol opmerksum op dat de fluchste wei nei Theed, de minsklike haadstêd fan Naboo, troch de holle kearn fan 'e planeet liedt. Qui-Gon Jinn freget dêrom in ûnderseeboat te lien en Jar Jar Binks as gids, fersiken dêr't Nass oan foldocht.

Nei't se de minsklike stêden op it drûge fan Naboo beset hawwe, keare de androïdelegers fan 'e Hannelsfederaasje har tsjin 'e Gungaanske stêden ûnder wetter, nettsjinsteande de neutraliteit fan 'e Gunganen. Nass wurdt dêrtroch twongen om Otoh Gunga te ûntromjen en mei syn folk beskûl te sykjen op harren hillige plak, djip yn 'e sompen. Underwilens reizget de Nabooaanske keninginne Padmé Amidala alhiel nei Coruscant om help by de Galaktyske Senaat en kânselier Finis Valorum te sykjen, mar hja keart sûnder wat bedijd te hawwen werom. Dan lit se har troch Jar Jar nei it skûlplak fan Nass-en-dy liede. Har doel is om him te bepraten ta de foarming fan in militêr bûnsgenoatskip.

Foar't se dat fersyk dwaan kin, wurdt de keninginne ûnderbrutsen troch ien fan har hofdames. It docht bliken dat de 'keninginne' eins de hofdame Sabé is, dy't út omtinkens fan feilichheid it plak fan 'e keninginne ynnommen hat. De 'hofdame' dy't har yn it wurd falt, is de wiere Padmé Amidala. Dat blyk fan fertrouwen docht in protte om 'e wrok dy't nei iuwen fan ûnmin tusken de Nabooanen en de Gunganen bestiet, te oerwinnen. Nass slút in ferdrach mei Padmé oer gearwurking by de ferdriuwing fan 'e Hannelsfederaasje. Om Jar Jar Binks te earjen foar syn rol yn it gearbringen fan harren beide folken, beneamt Nass him (ta syn skrik) ta generaal fan it Gungaanske leger.

Neitiid marsjearje de Gunganen û.l.f. Jar Jar (bystien troch de kundige kaptein Tarpals) op om slach te leverjen mei it androïdeleger fan 'e Hannelsfederaasje. Underwilens bestoarmje keninginne Padmé en har gefolch it keninklik paleis yn Theed. Nabooaanske piloaten wurde befrijd en lansearje harren romtejagers om 'e blokkade fan 'e Hannelsfederaasje te brekken. De moedige Gunganen wurde fan 'e nederlaach tsjin 'e oermacht fan 'e androïden rêden as de jonge Anakin Skywalker it flaggeskip fan 'e float fan 'e Hannelsfederaasje ferneatiget, mei as gefolch dat alle androïden yn 'e sliepstân geane. Yn Theed nimt Padmé de Neimoïde Nute Gunray, de ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje, kriichsfinzen, wêrmei't de oarloch einiget.

Neitiid nimt baas Nass diel oan in oerwinningsparade troch de strjitten fan Theed, dêr't hy en de Gungaanske soldaten lûd tajûchheid wurde troch de Nabooaanske befolking. Oan 'e ein fan 'e parade ûntfangt Nass út 'e hannen fan Padmé Amidala de Fredesglobe as teken fan duorjende freonskip tusken de Nabooanen en de Gunganen.

Yn Revenge of the Sith[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earne yn 'e tsien jier tusken de Nabookrisis en it útbrekken fan 'e Kloane-oarloggen yn wurdt Nass as haad fan 'e Gungaanske Hege Ried opfolge troch baas Lyonie. Oan 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen is Nass yn 'e film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) koart te sjen as er mei Jar Jar Binks dielnimt oan 'e lykprekaasje fan Padmé Amidala.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Cara Dune • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Paz Vizsla • Sabine Wren • Kazuda Xiono