Springe nei ynhâld

Hutts

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hutt (Star Wars))
Jabba de Hutt sa't er te sjen wie yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi.

Hutts (inkeltal: Hutt; útspr.: [ˈhʌt]; likernôch: "hat") binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise. Se binne ôfkomstich fan Nal Hutta, in planeet mei ferskate moannen, wêrfan't Nar Shaddaa, de grutste, ek bewenne wurdt. De namme fan Nal Hutta betsjut "Glorieus Juwiel". De Hutts slane lykwols ek op in protte oare wrâlden foar master op, wêrûnder Tatooine.

Uterlik en ekology

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It uterlik fan Hutts is foar minske-eagen grotesk. It binne obese wêzens mei in lichemsfoarm en in manear fan fuortbeweging dy't sterk lykje op dy fan in slak, mar dan mei in pear earms en folle grutter. Harren foarein, mei in fertikaal boppeliif, is like lang of langer as in minske. It horizontale ûnderliif is likernôch fjouwer meter lang en einiget yn in stompe sturt. Yn Return of the Jedi wurdt neamd dat Hutts as twafuotters berne wurde, mar dat harren "rompskonken" letter mei-inoar fergroeie troch gebrek oan beweging. Hutts kinne wol mear as tûzen jier libje as se net dea reitsje troch in ûngemak of geweld.

Hutts soene har op aseksuele wize fuortplantsje en har jongen yn in bûdel grutbringe oant se selsstannich oerlibje kinne. Yn 'e Star Wars-kanon hawwe de Hutts twa ûnderskate geslachten; dêrmei liket de bewearing út 'e iere Star Wars-literatuer dat se allegear hermafroditen binne, retcond te wêzen. Fierders wurde Hutts foarsteld as oanhelle mei in net te sêdzjen fretterigens, ynklauwerigens en lust. Dêrfandinne dat Hutts har benammen talizze op yllegale praktiken, dêr't in protte en fluch jild mei te fertsjinjen falt.

De Hutts sprekke Hutteesk, dat yn it Stjerrestelsel in lingua franca is foar de organisearre misdie, en sadwaande ek sprutsen wurdt troch net-Hutts. De taal waard foar de film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi ûntwurpen troch lûdstechnikus Ben Burtt, dy't de fonology derfan, nei't it skynt, basearre op it Ketsjûa, de taal fan 'e Inka's.

Foar't de Alde Republyk fêstige waard, wiene de Hutts ien fan 'e dominante soarten yn it Stjerrestelsel. Hoewol't se nea in ryk bouden, rikte harren ynfloed fier troch hannel en misdie. Hjoed de dei behearskje de Hutts in "spesjale autonome regio" fan 'e Galaktyske Republyk en letter fan it Galaktysk Keizerryk, de saneamde 'Hutt-romte'. Dy is frij bleaun fan direkte behearsking troch de sintrale oerheid troch syn ôfhandigens en wetteleazens, en troch it belied fan 'e Hutts om mei alle winen mei te waaien.

It eigen 'regear' fan 'e Hutts is de facto de Grutte Hutt-Ried, dy't bestiet út 'e ynfloedrykste en meast foaroansteande Hutt-lieders. As hja diplomatike omgong hawwe moatte mei in macht fan bûten, wize hja op ad hoc-basis ien fan harren oan as 'steatshaad'. Nettsjinsteande it bearen fan legitimiteit spegelet dit kleptokratysk regear de korrupte libbenswize fan syn leden, en hinget de Grutte Hutt-Ried oer ta ynstabiliteit, mei't liedende Hutt-famyljes inoar sûnder ein temûk beoarlogje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin