Oseaanplaneet
In oseaanplaneet, wetterwrâld, akwaplaneet of pantalassyske planeet is in type planeet dat in grutte hoemannichte wetter yn floeibere foarm befettet. Dêrby kin it gean om oseänen oan it planeetoerflak, mar ek ûnder it oerflak, as ûndergrûnske oseänen. As it giet om oseänen oan it planeetoerflak, kin der in hydrosfear bestean wêrby't alle of hast alle drûge lân derûnder strûpt. Mar ek planeten dy't grutte drûge kontininten befetsje, mar wêrfan't dochs dúdlik it meastepart fan it oerflak út oseänen bestiet, wurde oseaanplaneten neamd. In goed foarbyld dêrfan is de Ierde. De skaaimerken fan oseaanplaneten jouwe oanwizings foar harren skiednis en de formaasje en ûntwikkeling fan harren hiele planetestelsel. Fan grut belang is it potinsjeel fan oseaanplaneten om libbene organismen fuort te bringen en te ûnderstypjen.
Soms wurdt de term 'oseaanplaneet' ek brûkt foar himellichems mei in oseaan dy't bestiet út in oare floeistof as wetter. Men kin dan tinke oan lava, lykas yn it gefal fan Io (in moanne fan Jupiter), ammoniak, soms fermongen mei wetter, lykas yn it gefal fan 'e ûndergrûnske oseänen fan Titan (in moanne fan Saturnus), of koalwetterstoffen, lykas yn it gefal fan it oerflak fan Titan. As der fierders neat by sein wurdt, mei men der oer it algemien by it hearren fan 'e term 'oseaanplaneet' fan útgean dat it om in wetterwrâld giet.
De Ierde is ynsafier bekend it iennichste himellichem dat oseänen fan floeiber wetter oan syn oerflak hat. Hoewol't op ferskate resint ûntdutsen eksoplaneten (planeten yn in oar planetestelsel as ús Sinnestelsel) de omstannichheden gaadlik binne foar it bestean fan floeibere wetteroseänen oan it planeetoerflak, is de hjoeddeistige astronomyske technology ûntarikkend om 'e oanwêzigens fan floeiber wetter dêre fêst te stellen. De oanwêzigens fan atmosfearyske wetterdamp kin lykwols wól waarnommen wurde, en dat wurdt dêrom op 't heden troch saakkundigen fan eksoplaneten brûkt om 'e wierskynlikens fan wetteroseänen oan it planeetoerflak fêst te stellen. Yn juny 2020 rapportearren wittenskippers fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA op basis fan wiskundige modellen dat it wierskynlik is dat eksoplaneten mei wetteroseänen frij algemien foarkomme yn 'e Molkewei. De tûke fan 'e astronomy dy't ûndersyk docht nei bûtenierdske oseänen is de planetêre oseänografy.
Fan ferskate moannen en dwerchplaneten yn it Sinnestelsel wurdt oannommen dat se ûndergrûnske oseänen hawwe. Dat is fan grut belang foar de astronomy om't himellichems yn it Sinnestelsel, oars eksoplaneten, berikt wurde kinne troch romtesondes dy't útstjoerd binne fan 'e Ierde ôf. De Ierde sels bûten beskôging litten, binne de bêst dokumintearre oseaanplaneten yn it Sinnestelsel: Kallisto, Ganymedes en Europa (moannen fan Jupiter) en Enseladus (in moanne fan Saturnus). De ûndergrûnske oseänen fan Titan besteane net út suver wetter, mar út in mingsel mei ammoniak. Oare kandidaten foar it hawwen fan ûndergrûnske oseänen binne de moannen Dione en Mimas (fan Saturnus), Ariël, Miranda en Oberon (fan Uranus) en Triton (fan Neptunus), en de dwerchplaneten Earis, Seares en Pluto.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |