Weromkearende rol

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Weromkearende byrol)

In weromkearende rol is de rol fan in personaazje dat foarkomt yn ferskate ôfleverings fan in tillefyzjesearje, mar dat net ien fan 'e haadrollen is. Sokke rollen wurde fertolke troch gastakteurs dy't net ta de fêste cast hearre. It ekwifalint fan in weromkearende rol dat mar yn ien ôflevering foarkomt, is in gastrol. Foarbylden fan weromkearende rollen binne de hippy Leo Chingkwake yn That '70s Show en Oz de wearwolf yn Buffy the Vampire Slayer.

Weromkearende rollen kinne twa of trije kear yn in tillefyzjesearje foarkomme (al of net yn opienfolgjende ôfleverings), mar se kinne ek yn tsien of mear ôfleverings foarkomme of in hiel tillefyzjeseizoen lang meidwaan. Dat lêste is fral mooglik yn langrinnende rigen, lykas soapsearjes. As in weromkearende rol goed foldocht, bgl. om't de gastakteur útsûnderlik goed mei de leden fan 'e fêste cast oer de wei kin en/of trochdat syn of har rol tige populêr is by de fans, kin it wêze dat in gastakteur (meastal oan it begjin fan it folgjende seizoen) yn 'e fêste cast opnommen wurdt. Dat barde bgl. mei psychiater Frasier Crane en postrinner Cliff Clavin yn 'e komeedzjesearje Cheers.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.