Majordomo

Ut Wikipedy

In majordomo is in tsjinner dy't oan it haad stiet fan 'e húshâldlike stêf yn 'e wente fan in pommerant. De term komt fan it Latynske maior ("grut" of "grutste", mar yn dit gefal "heechste") en domus ("hûs"), dus de heechste [tsjinner] fan in húshâlding. In majordomo jout lieding oan 'e oare tsjinners, beävensearret it wurk sûnder dat syn wurkjouwer him dêrmei hoecht te bemuoien en fungearret as kontaktpunt tusken it personeel en de wurkjouwer. Nammen foar tsjinstfolk mei soartgelikense taken binne berêder, haadbutler, húswarder (of húsbewarder), kastlein (of kastielhear), rintmaster en seneskalk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.