Zabraks

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Iridonia)
In Iridoanske Zabrak.

Zabraks (inkeltal: Zabrak) binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise. Hja binne humanoïden dy't sterk om minsken lykje, mei as meast opfallende skaaimerk in kloft lytse hoarnen boppe-op 'e holle. Harren thúswrâld is Iridonia, mar der bestiet in ûndersoarte dy't fan 'e planeet Dathomir komt, dêr't Zabraks fan Iridonia ier yn 'e skiednis fan it Stjerrestelsel in koloanje fêstigen. De Zabraks wurdt fan oannommen dat se ien fan 'e ierste romtefarrende rassen út it hiele Stjerrestelsel binne. Se hawwe ornaris in sterke wilskrêft en binne oer it algemien bot koppich. Harren 'kroan' fan hoarnen komt normaalwei yn 'e puberteit troch en wurdt beskôge as in sekundêr geslachtsskaaimerk. It patroan fan 'e hoarnekroan ferskilt per ûndersoarte. De eachkleur fan Zabraks is faak blau of brún, soms ek wol giel, pears, read, grien of oranje. It is mank Zabraks in tradysje om harren gesicht te tatoeëarjen, almeast mei in patroan fan tinne linen.

De wichtichste ûndersoarte wurdt foarme troch de Iridoanske Zabraks, dy't ôfkomstich binne fan 'e memmeplaneet fan dit ras. Iridoanske Zabraks hawwe in hûdskleur dy't fariëarret fan fleiskleurich, taan en ljochtbrún oant dûnkerbrún en sels midsnachtblau. Se hawwe hier dat alle kleuren hawwe kin dy't minsklik hier ek hat, mar se hawwe gjin wynbrauwen en de manlju hawwe ek gjin burd of snor om't op dy plakken gjin hier groeit. By de manlju sitte de hoarnen mear boppe-op 'e holle, wylst se by de froulju mear nei de foarholle ta sitte. Om 'e hoarnen hinne groeit yn 'e regel gjin hier. Bekende Iridoanske Zabraks út 'e Star Wars-franchise binne de Jedi-masters Agen Kolar en Eeth Koth.

Dathomiryske Zabraks binne de oare ûndersoarte fan it ras. By harren kinne manlju in reade, pjisken of giele hûdskleur hawwe en de froulju in witen, blauwen of grizenien. Allinne de manlju hawwe by de Dathomiryske Zabrak hoarnen. De manlju binne hielendal keal en hawwe gjin hier; de froulju binne ek faak keal, mar kinne wol hier hawwe. Fierders binne de gesichtstatoeaazjes by Dathomiryske Zabraks in stik komplekser as de ienfâldige linen fan Iridoanske Zabraks. Mank Dathomiryske Zabraks slane de froulju foar master op, dy't clans foarmje fan Krêftbeoefenjende 'heksen'. Bekende Dathomiryske Zabraks út 'e Star Wars-franchise binne Darth Maul, Savage Opress en Asajj Ventress.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin