Springe nei ynhâld

Rogue One: A Star Wars Story

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rogue One)
Rogue One
A Star Wars Story
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Gareth Edwards
produsint Kathleen Kennedy
Allison Shearmur
Simon Emanuel
senario Chris Weitz
Tony Gilroy
basearre op wurk fan George Lucas
kamerarezjy Greig Fraser
muzyk Michael Giacchino
filmstudio Lucasfilm
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Felicity Jones
Diego Luna
byrollen Ben Mendelsohn
Donnie Yen
Jiang Wen
Alan Tudyk
Riz Ahmed
Mads Mikkelsen
Forest Whitaker
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 10 desimber 2016
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-film
taal Ingelsk
spyltiid 134 minuten
budget en resultaten
budget $220 miljoen
opbringst $1.056,1 miljoen
prizen Saturn Award
Empire Award
filmsearje
filmsearje Star Wars
● foarich diel Star Wars: Episode III –
   Revenge of the Sith
(gron.)
● folgjend diel Star Wars: Episode IV – A
   New Hope
(gronologysk)

Rogue One: A Star Wars Story, ek wol koartwei Rogue One neamd, is in Amerikaanske science fiction-film út 2016 mei eleminten fan fantasy, oarlochsfiksje en aventoerefiksje. It wie de earste op himsels steande live-actionfilm yn it ramt fan 'e saneamde antologysearje fan 'e Star Wars-mediafranchise. Yn 'e ynterne gronology fan 'e Star Wars-filmsearje folget it nei Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) en is it in direkte prequel fan Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977). De film waard regissearre troch Gareth Edwards, mei yn 'e haadrollen Felicity Jones en Diego Luna. De titel betsjut "Skelm Ien: In Stjerre-oarlochsferhaal".

De film fertelt it ferhaal fan hoe't it Rebelleferbûn de blaudrukken fan 'e Deadsstjer fan it Galaktysk Keizerryk bemachtiget, ien wike foar de ferneatiging fan dat massaferneatigingswapen yn Star Wars: Episode IV – A New Hope. Jyn Erso, de dochter fan 'e wichtichste ûntwerper fan 'e Deadsstjer, moat dêrfoar gearwurkje mei Cassian Andor, in ferbittere rebel dy't gauris smoarge putsjes opknapt. Sy tinkt dat se har heit befrije sille, mei't er finzen holden wurdt troch Orson Krennic, de direkteur fan it Keizerlik wapenprogramma. Hy hat lykwols opdracht krigen om har heit te likwidearjen.

Rogue One: A Star Wars Story krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, mar der wie krityk op it tempo en digitale werskeppings fan 'e ferstoarne akteur Peter Cushing yn 'e rol fan grut-moff Tarkin en fan in jongere Carrie Fisher as prinsesse Leia. Nettsjinsteande dat waard Rogue One: A Star Wars Story nominearre foar twa Oscars, twa BAFTA's en in Hugo Award, en wûn de film trije Saturn Awards en trije Empire Awards. Rogue One ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in ûnbidich kommersjeel súkses en de op ien nei meast opbringende film fan 2016. In spin-off-prequel-tillefyzjesearje oer it personaazje Cassian Andor, mei as titel Andor, kaam yn 2022 beskikber fia de streamingtsjinst Disney+.

Wittenskipper Galen Erso, syn frou Lyra en harren dochterke Jyn libje ûnderdûkt op 'e planeet Lah'mu, mar harren skûlplak wurdt ûntdutsen. Orson Krennic, de direkteur fan it wapenprogramma fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk, arrivearret om Galen te twingen werom te kommen en de Deadsstjer ôf te meitsjen, dêr't er earder oan wurke hat. De Deadsstjer is in massaferneatigingswapen dat hiele planeten ferdylgje kin, yn 'e foarm fan in bolfoarmich romtestasjon ter grutte fan in lytse moanne. Yn 'e konfrontaasje mei Krennic wurdt Lyra deasketten, wylst Jyn wit te ûntkommen en letter oppikt wurdt troch de rebel Saw Gerrera, mei wa't Galen konneksjes hat.

Fyftjin jier letter desertearret de Keizerlike frachtpiloat Bodhi Rook en reizget nei de woastynmoanne Jedha, dêr't er kontakt siket mei Gerrera. Hy seit dat er stjoerd is troch Galen Erso mei in holografysk boadskip fan dyselde. De paranoïde Gerrera leaut dêr neat fan en lit Bodhi finzen sette en ûnderwerpe oan neat te sêftsedige ûnderfregings. Underwilens heart kaptein Cassian Andor, in ynljochtinge-ofsier fan it Rebelleferbûn, fan in ynformant it nijs oer it oerrinnen fan Bodhi en it boadskip dat er by him hawwe soe.

Koarte tiid letter wurdt yn in Keizerlik wurkkamp op 'e planeet Wobani de jonge frou Jyn Erso, dy't dêr in finzene is, befrijd troch rebellen en ûnder twang nei it haadkertier fan it Rebelleferbûn op 'e moanne Yavin-IV brocht. Dêr wurdt se troch senator Mon Mothma, de polityk liedster fan 'e rebellen, bepraat om harren te helpen by in twafâldige misje. Yn it foarste plak moat der kontakt lein wurde mei Saw Gerrera, in ekstremist dy't jierren lyn al brutsen hat mei it Rebelleferbûn. Om't Jyn troch him grutbrocht is, tinkt men mei har in kâns te hawwen dat Gerrera harkje sil nei wat se te sizzen hawwe foar't er it fjoer iepenet. Fierders moat Jyn har heit, Galen Erso, befrijd wurde sadat er de rebellen fan ynformaasje foarsjen kin oer dy saneamde Deadsstjer. Jyn wurdt der mei Cassian en K-2SO, in werprogrammearre gefjochtsandroïde fan 'e Keizerlike Striidkrêften, op útstjoerd om dat allegear te berêden. Generaal Davits Draven nimt foar harren ôfreis Cassian lykwols apart en seit dat er ferjitte moat wat er oant no ta allegear heard hat. Galen Erso is neat oars as in kollaborateur, en de wiere misje is om him te likwidearjen foar't er it Keizerlik wapenprogramma noch fierder foarút helpe kin.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Jyn, Cassian en K-2SO bejouwe har nei de Jedha, dêr't it Keizerryk dwaande is alle kyberkristallen te stellen út 'e op in berchtop leine Hillige Stêd, dy't ek Jedha hjit. Dy kristallen wurde brûkt om it superlaserkanon fan 'e Deadsstjer fan enerzjy te foarsjen. Gerrera en syn partisanen fiere yn om 'e Hillige Stêd in guerriljastriid tsjin 'e Keizerlike stoarmtroepers. As Jyn en Cassian harren yn 'e stêd bejouwe, reitsje se dêr ûnbedoeld behelle yn in oanfal fan Gerrera syn mannen op it Keizerlik konfoai dat de lêste kyberkristallen ferfiert. Dat kostet harren op in hier nei it libben, mar se wurde rêden troch de bline kriger Chirrut Îmwe, ien fan 'e lêste Beskermers fan 'e Whills (leden fan in monastyske oarder dy't pylgers beskermje moat dy't de timpel mei de kyberkristallen besykje) en dy syn freon, de hierling Baze Malbus.

Om't se de oanfal yn it hûndert jage hawwe soene, wurde se alle fjouwer finzen nommen troch de partisanen, dy't harren meinimme nei harren basis yn in grot in ein bûten de Hillige Stêd. Dêr wurde Cassian, Chirrut en Baze opsletten yn 'e sel njonken dy fan 'e piloat Bodhi Rook. Underwilens wurdt Jyn by Gerrera brocht. Se is ferbittere, mei't er har (yn har eigen wurden) "dumpt" hat doe't se sechstjin jier wie troch har op in stuit sûnder farwol of útlis yn 'e steek te litten. Gerrera leit har lykwols út dat er har doe foar har eigen feilichheid efterlitten hat, mei't har identiteit mank syn mannen bekend wurden wie en der stimmen opgiene om har as gizelster te brûken om har heit ûnder druk te setten. Hy spilet foar har it holografysk boadskip fan har heit ôf, dat Bodhi him brocht hat.

Galen rjochtet him dêryn streekrjocht tsjin sawol Gerrera as Jyn, mei't er derfan útgiet dat sy beiden noch byinoar binne. Hy fertelt dat er ynstee fan fierdere utering te jaan oan syn opstannigens, de lêste fyftjin jier war dien hat om sa hearrich mooglik te lykjen, om't er besefte dat de Deadsstjer sûnder syn help ek wol makke wurde soe. Ynstee hat er syn posysje no brûkt om it Keizerryk te ûndermynjen troch mei opsetsin in swak plak yn 'e Deadsstjer yn te bouwen. Hy jout Jyn opdracht om 'e blaudrukken fan 'e Deadsstjer út it Keizerlik argyfkompeks op 'e planeet Scarif te heljen en dy troch te spyljen oan it Rebelleferbûn. Galen seit ek dat er syn dochter nea fergetten is en noch eltse dei oan har tinkt. Jyn, dy't folslein desyllúzjonearre rekke wie mei it ferset tsjin it Keizerryk, wurdt troch de wurden fan har heit ta de triennen ta roerd en fettet nije moed.

Underwilens is grut-moff Wilhuff Tarkin troch de keizer stjoerd om tafersjoch te hâlden oer it wurk fan Krennic-en-dy. Der hawwe him geroften berikt oer de desertearre piloat en hy freget him ôf oft der net mear oan 'e hân is. Syn earste die is om te kontrolearjen oft de Deadsstjer it wol echt docht. Krennic stelt foar om 'e hiele moanne Jedha te ferneatigjen, mar Tarkin bedimmet him en seit dat it wol takin mei de Hillige Stêd. De proef is in súkses en de stêd wurdt mei berch en al yn ien klap ferneatige. De konsintryske skokweagen wreidzje har dêrwei oer de hiele moanne út en sille alle libben ferdylgje. De partisanen fan Gerrera reitsje alhiel yn ûnstjoer, en yn alle trelit witte Cassian en de oaren harrensels te befrijen. Cassian nimt kontakt op mei K-2SO, dy't by harren romteskip efterbleaun wie. Hy fynt Jyn werom en nimt har mei, dêrby oanfitere troch Gerrera, dy't sels lykwols wegeret om mei. K-2SO arrivearret mei it romteskip en pikt Cassian, Jyn, Chirrut, Baze en Bodhi op wêrnei't se krekt op 'e tiid fan Jedha ûntkomme. Gerrera en dyselden fan syn mannen dy't net yn eigen romteskippen fuort witte te kommen, fine de dea as de skokweach harren berikt.

Tarkin lokwinsket Krennic mei it wolslagjen fan it projekt, en nimt dan de lieding oer de Deadsstjer oer. Krennic is poerrazen, mar Tarkin wiist derop dat sa'n gefoelich wapen as de Deadsstjer net oan him tabetroud is, de desertearre piloat yn acht nommen en it lek yn 'e organisaasje fan Krennic dêr't dy desersje op tsjut. Hy wriuwt Krennic fyntsjes yn dat de piloat net allinnich wurke, mar fan 'e Keizerlike ûndersyksfasiliteit op 'e planeet Eadu kaam, dêr't er kontakt hân hawwe moat mei ien fan Krennic syn wittenskippers. Wisberet om regaad te meitsjen mei de ferrieder, set Krennic ôf nei Eadu.

Underwilens fertelt Jyn oan Cassian en de oaren wat har heit yn it holografysk boadskip sei. Net ien hat der lykwols yn 'e gauwichheid fan 'e ûntsnapping om tocht om 'e bylddrager mei it boadskip mei te nimmen, dat it boadskip is ferlern gien yn 'e ferwoastging fan Jedha. Cassian foarseit dat se sûnder de opname de lieders fan it Rebelleferbûn der nea fan oertsjûgje kinne sil om 'e misje nei Scarif yn omtinken te nimmen. Bodhi liedt it rebelleteam nei Eadu ta, dêr't Galen Erso him befynt. Neffens Cassian is it no nammenste wichtiger om Jyn har heit te befrijen, sadat er sels de rebellelieders tasprekke kinne sil. Temûk is er lykwols noch altyd fan doel om Galen te fermoardzjen by de earste gelegenheid dy't him foardocht. Om't se ûnder de radar op Eadu binnenkomme wolle, fleane se te leech. Se reitsje in útstykjende rotspjuts en moatte by nacht en min waar in needlâning meitsje, dy't se aldergeloks allegear ûnskansearre oerlibje. Se ferlieze dêrtroch lykwols harren kommunikaasje mei de rebellebasis op Yavin-IV, mei as gefolch dat generaal Draven derfan útgiet dat se omkommen binne. Hy stjoert dêrop in squadron X-wjukjagers om 'e fasiliteit op Eadu te bombardearjen.

Wylst K-2SO de kommunikaasje-apparatuer reparearret, geane Cassian en Bodhi op ferkenning. Fan in hichte ôf sjogge se hoe't Galen Erso en de oare wittenskippers Krennic opwachtsje en ûnthelje. Krennic lit de oare wittenskippers delmeane troch syn liifwachten en stiet op it punt om ek mei Galen ôf te weven. Underwilens figelearret Jyn út wat Cassian fan doel is. Se ferlit de oaren en bejout har, om har heit te warskôgjen, troch in djippe kleau by in hege ljedder op nei it lâningsplatfoarm dêr't it romtefear fan Krennic delkommen is. Cassian stjoert Bodhi fuort om in nij romteskip te stellen en kriget dêrnei Galen yn it fizier, mar op it lêste momint beslút er syn befel yn 'e wyn te slaan en de man net om te bringen. Hy keart werom nei de oaren en ûntdekt dat Jyn der op eigen manneboet op úttein is. K-2SO hat de kommunikaasje mei Yavin-IV reparearre en Cassian warskôget generaal Draven om 'e oanfal ôf te brekken om't der noch eigen personiel by it doelwyt oanwêzich is, mar de oanfal is al ynset en Draven kin it squadron net mear tsjinkeare.

Jyn berikt har heit mominten foar't it bombardemint begjint. Hoewol't sy it sels ûnskansearre oerlibbet, rekket har heit libbensgefaarlik ferwûne, wêrnei't er yn har earms ferstjert. Cassian skuort in oerstjoere Jyn mei werom nei it Keizerlike frachtfear dat Bodhi stellen hat, wêrnei't se mei de rest fan 'e groep ûntkomme. Krennic wurdt neitiid ûntbean yn 'e fêsting fan Darth Vader op 'e planeet Mustafar, dêr't er him foar de rjochterhân fan keizer Palpatine oer ferantwurdzje moat foar de oanfal mei de Deadsstjer op Jedha, dêr't er hielendal gjin tastimming foar krigen hie. Krennic skoot de skuld ôf op Tarkin en besiket in audiïnsje by de keizer los te krijen, mar de yrritearre Vader knypt him de kiel ticht mei de Krêft en befellet him om der earst mar ris op ta te sjen dat der gjin fierdere lekken ûntsteane.

Werom op Yavin-IV slacht Jyn yn in gearkomste mei de lieding fan it Rebelleferbûn foar om 'e rebellefloat yn te setten foar in wraam op Scarif, om sa de blaudrukken fan 'e Deadsstjer te bemachtigjen. De rebellelieders binne lykwols ferdield, mei't guon, ûnder wa de Mon Calamari-admiraal Raddus, har plan stypje, wylst oaren fan miening binne dat de oerwinning troch de foltôging fan 'e Deadsstjer foargoed bûten berik is en dat harren no inkeld noch flecht of oerjefte rêst. Mon Mothma stelt fêst dat se sûnder unanime stipe fan 'e oare lieders de misje net trochgean litte kin. Foar it fuortbestean fan 'e opstân hat se lykwols noch ien troefkaart oer, de ûnderdûkte Jedi-master dy't befreone is mei in oare rebellelieder, Bail Organa fan Alderaan. Dyselde is de lêste hoop fan it Rebelleferbûn. Organa seit ta in boadskipper nei de man ta stjoere te sillen dy't er mei syn libben fertrouwe soe.

Jyn is frustrearre troch de ûnwil fan 'e rebellelieders om har te stypjen, mar Chirrut, Baze en Bodhi bliuwe by har en Cassian komt mei in stik as tweintich oare frijwilligers oan, allegear yn 'e wol ferve rebellen dy't troch de jierren hinne dingen dien hawwe dêr't se net grutsk op binne. Se hawwe skjin har nocht fan it oanklauwen mei misjes dy't neat opsjitte en wolle noris wat dwaan dat it ferskil makket. De groep kaapt it Keizerlik frachtfear dat op Eadu bútmakke is en set dêrmei ôf tsjin 'e befellen fan 'e lieding fan it Rebelleferbûn yn. As de ferkearslieding yn betizing freget nei harren oansprekkoade, betinkt Bodhi foar de hân wei ien: Rogue One ("Skelm Ien"). Se bejouwe har nei Scarif, dêr't it Keizerryk in ûntrochkringber enerzjyskyld om 'e hiele planeet hinne makke hat, mei mar ien poarte, dy't iepene en sletten wurde kin. Bodhi praat harren nei binnen ta troch te sizzen dat it frachtfear nei it bombardemint fan 'e rebellen op Eadu hjirhinne omlaat is. Underwilens komt Krennic ek op Scarif oan om 'e blaudrukken fan 'e Deadsstjer feilich te stellen.

Nei't se op 'e tropyske planeet lâne binne, stelle Jyn en Cassian de unifoarmen fan inkele Keizerlike ofsieren dy't oan board komme om it fear te ynspektearjen. Yn 'e mande mei K-2SO ynfiltrearje se neitiid mei dy momkape it argyfkompleks. Chirrut, Baze en de rebellen fiere in koördinearre oanfal op it Keizerlik garnizoen út by wize fan ôfliedingsmaneuver. Dêrtroch wurde de stoarmtroepers dy't Jyn en Cassian it paad tichtsette, nei bûten ta stjoerd om 'e oanfal ôf te slaan. Underwilens fangt it Rebelleferbûn op Yavin-IV kommunikaasje tusken Keizerlike troepen op dêr't yn sprutsen wurdt fan in rebelle-oanfal op Scarif. Mon Mothma beslút dat se foar in foldongen feit steld binne, en dat se no wol fjochtsje moatte. Admiraal Raddus is op dat stuit al oan board fan syn kruser om 'e float te risselwearjen foar in wraam op Scarif.

Jyn en Cassian geane it reuseftige Keizerlik Argyf binnen, wylst K-2SO efterbliuwt by de yngong om harren fia it kompjûtersysteem nei de juste data-opslach te lieden. As de rebellefloat ûnder admiraal Raddus by Scarif arrivearret, slute de Keizerlike troepen de poarte yn it planetêre enerzjyskyld. Dat hâldt ek de ferstjoering fan grutte hoemannichten data tsjin, dat Cassian jout fia K-2SO oan Bodhi opdracht om in fysike oansluting op it kommunikaasjesysteem oan te lizzen sadat se de rebellefloat sizze kinne dat de poarte yn it enerzjyskyld tsjin eltse priis iepenbrutsen wurde moat. Sadree't Krennic berjocht kriget dat de argyfklûs kompromittearre is, beseft er wêr't it de rebellen om te dwaan is. Hy stjoert daliks fersterkings nei it argyf ta. K-2SO wit gâns stoarmtroepers te deadzjen, mar lang om let wurde se him oermânsk. Hy offeret himsels op en wurdt ferneatige, mar net foar't er de argyfklûs fersegele hat en it kompjûtersysteem dat de klûs bestjoert, fernield hat. Jyn en Cassian helje de ynformaasjedrager mei de blaudrukken út 'e klûs en klimme dan by de rekken mei oare ynformaasjedragers op, fierder omheech yn 'e ûnbidich hege argyftoer.

Bodhi liedt mei gefaar foar eigen libben in keabel nei it frachtfear ta en bringt sa in fysike oansluting op it kommunikaasjenetwurk ta stân. Chirrut wurdt deade nei't er de haadskeakelder op it lâningsplatfoarm omset, sadat de oansluting iepene wurdt. Bodhi bringt it boadskip oer oan admiraal Raddus, krekt foar't in stoarmtroeper in granaat yn it frachtfear smyt en it hiele romteskip de loft yn giet. Malbus is de iennichste oerlibbene op it lâningsplatfoarm; hy nimt foar de dea fan syn freonen wraak op gâns fijannen foar't er sels ek deade wurdt. Krennic kringt de argyftoer fia in oare tagong binnen en besjit Cassian en Jyn. Cassian wurdt rekke, komt te fallen en stoart in ein nei ûnderen ta, dêr't er bewegingsleas lizzen bliuwt. Jyn klimt fierder nei boppen en ûntkomt út 'e toer troch in fentilaasjeskacht.

Se komt út by de grutte skûtelantenne, boppe-op 'e toer, dêr't se de ynformaasjedrager yn it kompjûtersysteem ynfiert. Om 'e blaudrukken ferstjoere te kinnen, moat se earst de rjochting oanpasse dy't de antenne útwiist. Tsjin 'e tiid dat se dat oprêden hat, berikt Krennic mei de lift it antenneplatfoarm. Hy hâldt fol dat hy wûn hat en risselwearret om Jyn dea te sjitten, mar hy wurdt sels fan efteren delsketten as in slim ferwûne Cassian it platfoarm berikt. Yn 'e romte set admiraal Raddus in hammerkopkorvet yn dy't in fijannich stjerreslachskip raamt en fansiden triuwt by in oar stjerreslachskip op. De fertize skipswrakken swalkje fan koers en botse op 'e generatorfasiliteit dy't it enerzjyskyld om 'e planeet hinne opwekket. It skyld wurdt dêrtroch deäktivearre. Jyn ferstjoert de blaudrukken fan 'e Deadsstjer, dy't ûntfongen wurde op it flaggeskip fan admiraal Raddus.

Frijwol daliks dêrnei ferskine de Deadsstjer ûnder lieding fan grut-moff Tarkin en in Keizerlike float ûnder Darth Vader boppe Scarif. Tarkin lit it superlaserkanon fan 'e Deadsstjer op 'e nij in skot mei lege yntinsiteit ôfsjitte, dat Scarif yn see rekket, in ein foarby it argyfkompleks. De skokweach is lykwols op 'e nij genôch om alle libben op 'e planeet te ferdylgjen. Op it antenneplatfoarm sjocht de swierferwûne Krennic de skokweach oankommen, en Jyn en Cassian, dy't ûnderwilens de toer ferlitten hawwe, sjogge him oankommen wylst se tegearre op it strân sitte. Se hâlde inoars hân fêst yn 'e lêste mominten foar't se stjerre.

De rebellefloat besiket te ûntkommen nei de hyperromte, mar it flaggeskip fan admiraal Raddus en ferskate oare rebelleskippen wurde opheind troch de float fan Vader, wêrby't de admiraal omkomt. Vader interet sels de kruser fan Raddus, dêr't er mei syn ljochtsabel in bloedbad oanrjochtet ûnder de bemanning. De ynformaasjedrager mei de blaudrukken fan 'e Deadsstjer wurdt lykwols fan hân ta hân trochjûn oant er in lytser romteskip berikt, de korvet Tantive IV, dy't him út 'e búk fan 'e kruser losmakket en ûntkomt. Oan board fan it flechtsjende skip bringt kaptein Raymus Antilles de blaudrukken by in heechpleatste passazjier. Hy freget har wat de rebellen op Scarif harren no eins brocht hawwe. Prinsesse Leia draait har om en seit: "Hoop."

Felicity Jones.
Diego Luna.
Ben Mendelsohn.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise                                                                        
Jyn Erso Felicity Jones
kaptein Cassian Andor Diego Luna


byrollen
personaazje akteur/aktrise
direkteur Orson Krennic Ben Mendelsohn
Chirrut Îmwe Donnie Yen
Baze Malbus Jiang Wen
K-2SO Alan Tudyk (stim)
Bodhi Rook Riz Ahmed
Galen Erso Mads Mikkelsen
Saw Gerrera Forest Whitaker
grut-moff Wilhuff Tarkin Guy Henry (fysyk) en Peter Cushing(digitale likenis)
admiraal Raddus Paul Kasey (fysyk) en Stephen Stanton (stim)
senator Mon Mothma Genevieve O'Reilly
Darth Vader Spencer Wilding en Daniel Naprous (fysyk) en James Earl Jones (stim)
generaal Davits Draven Alistair Petrie
senator Bail Organa Jimmy Smits
senator Tynnra Pamlo Sharon Duncan-Brewster
kaptein Raymus Antilles Tim Beckmann
de jonge Jyn Erso (8 jier) Beau Gadsdon
de jonge Jyn Erso (4 jier) Dolly Gadsdon
Lyra Erso Valene Kane
Moroff Ian Whyte
Dutch Vander (Goud-lieder) Angus MacInnes
Garven Dreis (Read-lieder) Drewe Henley
generaal Jan Dodonna Ian McElhinney
senator Nower Jebel Jonathan Aris
senator Vasp Vaspar Fares Fares
generaal Antoc Merrick Ben Daniels
dr. Evazan Michael Smiley
generaal Hurst Romodi Andy de la Tour
Weeteef Cyubee Warwick Davis
korporaal Tonc Jordan Stephens
Bistan Nick Kellington
Tivik Daniel Mays
C1-10P Dave Filoni (stim)
prinsesse Leia Organa Ingvild Deila (fysyk) en Carrie Fisher (digitale likenis en stim) (cameo)
C-3PO Anthony Daniels (cameo)
R2-D2 Jimmy Vee (cameo)
Wedge Antilles David Ankrum (stimcameo)
Deadsstjer-technikus #1 Rian Johnson (cameo)
Deadsstjer-technikus #2 Ram Bergman (cameo)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rogue One: A Star Wars Story wie de earste film út 'e saneamde antologysearje fan op harsels steande Star Wars-spin-off-films. It idee foar de film kaam oarspronklik yn 2003 fan John Knoll, dy't it tafersjoch op 'e fisuele effekten hie by de tusken 1999 en 2005 makke Star Wars-prequeltrilogy. Hy sloech doe foar om fan it ferhaal in ôflevering te meitsjen yn 'e plande tillefyzjesearje Star Wars: Underworld, dy't lykwols neitiid yn syn gehiel skrast waard. Tsien jier letter, nei de oername fan Lucasfilm troch The Walt Disney Company yn 2012, besleat er op 'e nij te besykjen om syn idee oan 'e man te bringen. Disney seach der wol wat yn, en it idee fan Knoll waard as Rogue One yn produksje nommen.

De film waard regissearre troch Gareth Edwards nei in skript dat skreaun wie troch de tige renomearre senarioskriuwers Chris Weitz (bekend fan û.m. American Pie-rige) en Tony Gilroy (bekend fan û.m. de Bourne-films). Weitz skreau de oarspronklike ferzje fan it senario, wylst Gilroy ferantwurdlik wie foar bykommende sênes dy't yn juny 2016 de basis foarmen foar fiif wiken fan reshoots. De wichtichste feroaring dy't Gilroy oanbrocht, wie de ein fan 'e film. Mei't se derfan útgiene dat Disney nea in ein tastean soe wêryn't de haadpersoanen omkamen, hiene Weitz en Edwards keazen foar in happy end, wêrby't teminsten Jyn Erso en Cassian Andor oan 'e dea ûntkamen. De studio keas lykwols ûnferwachts foar in mear tragyske ein, en de oarspronklike ein fan it senario waard nea ferfilme. Behalven Weitz en Gilroy droegen ek Christopher McQuarrie, Scott Z. Burns en Michael Arndt by oan it senario, hoewol't se dêrfoar gjin fermelding op 'e ôftiteling krigen.

It atol Laamu, yn 'e Malediven, giet yn 'e film troch foar de planeet Scarif.

As produsinten wiene Kathleen Kennedy, Allison Shearmur en Simon Emanuel by it projekt belutsen foar de filmstudio Lucasfilm. Foar de film wie in budget beskikber fan $220 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Greig Fraser, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Giacchino. Rogue One wie dêrmei de earste Star Wars-film sûnder in soundtrack dy't makke wie troch John Williams, al ynkorporearre Giacchino yn syn wurk wol tema's fan Williams syn muzyk út eardere films.

De opnamen foar Rogue One: A Star Wars Story setten op 8 augustus 2015 útein en duorren oant en mei 11 febrewaris 2016. De binnendoarsênes waarden foar it meastepart opnommen yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske Buckinghamshire, dêr't reuseftige filmsets boud waarden ta oanfolling fan sênes dy't op lokaasje filme wiene. Sa waarden de sênes op 'e planeten Lah'mu en Eadu opnommen op Iislân, yn 'e neite fan 'e bergen de Hjörleifshöfði en de Hafursey, by Mýrdalssandur. Ek waard op Iislân filme yn 'e krite fan Krafla mei syn fulkaankrater en by de rotsformaasjes om 'e Mývatnmar hinne.

De sênes op Scarif waarden filme op 'e eilannen Gan en Baresdhoo fan it atol Laamu, yn 'e Malediven. Ek op 'e loftmachtbasis RAF Bovington, yn Ingelân, waarden inkele sênes opnommen dy't plakfûnen op Scarif, en it metrostasjon Canary Wharf yn Londen die tsjinst as de binnenkant fan it argyfkompleks op Scarif. De sênes op Yavin-IV waarden filme op it Fleanfjild Cardington, ek yn Ingelân, wylst de sênes op 'e planeet Jedha opnommen waarden yn Wadi Rûm, yn Jordaanje. De reshoots yn juny 2016 fûnen yn har gehiel plak yn 'e Pinewood Studios.

Wadi Rûm yn Jordaanje tsjinne as filmlokaasje foar de sênes op 'e planeet Jedha.

Yn 'e postproduksjefaze, dy't rûn oant en mei 28 novimber 2016, foege Industrial Light & Magic (ILM) de special effects ta. In tige opmerklik ûnderdiel dêrfan wie it plakken fan digitaal oanpaste argyfbylden fan 'e likenis fan 'e Ingelske akteur Peter Cushing oer it lichem hinne fan akteur Guy Henry. Cushing, dy't yn 1994 ferstoarn wie, hie yn Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), de earste Star Wars-film, de rol fan grut-moff Tarkin spile, en de makkers fan Rogue One woene de rol net wercaste. Henry die foar de film de motion-capture en spriek ek de dialooch fan Tarkin yn, wêrby't er de stim en wize fan praten fan Cushing neibearde. ILM makke in digitaal model fan it lichem fan Cushing, dat op 'e filmbylden oer Henry hinne plakt waard. De manierkes fan Cushing waarden dêrfoar yngeand bestudearre. De filmmakkers sochten foar dizze wurkwize yn 't foar tastimming fan 'e erven Cushing. Dyselden wiene nau by it proses belutsen en hiene ynspraak dy't neffens de produksje ta "lytse, subtile oanpassings" late.

In soartgelikens proses waard brûkt foar de cameoferskining fan prinsesse Leia oan 'e ein fan 'e film. Carrie Fisher, de aktrise dy't de rol fan Leia spile hie yn Star Wars: Episode IV – A New Hope, wie op dat stuit noch yn libben, hoewol't se ein desimber 2016, inkele wiken nei it útkommen fan Rogue One, hommels komme soe te ferstjerren. Troch fisuele effekten waarden lykwols argyfbylden fan har jongere sels oer it gesicht fan 'e Noarske aktrise Ingvild Deila hinne plakt. Foar it iennichste wurd dat Leia yn 'e film uteret, "Hoop," waard in argivearre lûdsopname fan fjirtich jier earder brûkt. Fansels moast ek Fisher tastimming ferliene foar dit proses. Filmprodusinte Kathleen Kennedy liet har it resultaat sjen (dat letter troch in protte filmresinsinten swier bekritisearre waard), en neffens Kennedy "fûn [Fisher] it geweldich".

De distribúsje fan Rogue One: A Star Wars Story waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjedifyzje fan The Walt Disney Company. De film gie op 10 desimber 2016 yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 16 desimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij Walt Disney Records. Rogue One: A Star Wars Story kaam op 24 maart 2017 beskikber as digitale download en waard op 4 april fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Akteurs Diego Luna en Felicity Jones en regisseur Gareth Edwards mei lju yn it kostúm fan Darth Vader en in stoarmtroeper by de Japanske nasjonale premiêre fan Rogue One.

Fan 'e filmkritisy krige Rogue One: A Star Wars Story oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Eric Goldman fan IGN de film in 9 op in skaal fan 1 oant 10, in skoare dy't er sa útlei: "[It] is in film dy't grôtfol sit mei fanservice, mar as fanservice sa goed fersoarge wurdt, is der net folle om oer te kleien en in soad om fan te hâlden." Yn 'e Los Angeles Times wie Justin Chang it dêrmei iens. Hy heamde Rogue One "klearebare fermaak mei in heech tempo". Peter Travers fan it tydskrift Rolling Stone parte de film 31/2 fan 4 stjerren ta, en skreau: "Dizze spin-off/prequel is yn deselde primitive, útwenne, emosjonele, healwize, pronkske geast makke as dy't ús fereale reitsje liet op 'e oarspronklike trilogy."

De webside /Film joech Rogue One in 8 op in skaal fan 1 oant 10 en neamde de film "fermaaklik", al soe it him ûntbrutsen hawwe oan it "emosjonele gewicht fan The Force Awakens" om't "gjin inkeld personaazje yn Rogue One bot oansprekkend" west hawwe soe. Yn The Washington Post omskreau Ann Hornaday Rogue One as "in oefening yn franchise-útwreiding dêr't nimmen wat op tsjin hawwe kin. It is goed. It kin dermei ta. Foar it momint." Star Wars-betinker George Lucas, dy't bot teloarsteld west hie oer The Force Awakens, dat yn 2015 útkommen wie, fûn Rogue One lykwols in moaie en goede film. Doe't er dat hearde, sei regisseur Gareth Edwards: "No kin ik gelokkich stjerre."

A.O. Scott fan The New York Times wie ien dy't net bot oer de film te sprekken wie. Hy skreau: "Alle ûnderdielen binne der, […] lykas Legoblokjes yn in doaze. It probleem is dat de filmmakkers net de muoite nommen hawwe om wat ynteressants te betinken om dermei te dwaan. In pear bern fan in jier as njoggen hiene op in byldskermfrije, reinige middei noch bettere aventoeren optinke kinnen, en nei alle gedachten ek bettere dialooch." Yn it blêd The New Yorker liet Richard Brody himsels alhiel gean en tjirge er dat de film "harsensdea" en "ûnpersoanlik" wie. Dêr heakke er oan ta: "[It] is net iens sasear in spylfilm as wol in promoasjefilmke foar himsels dat oprutsen is ta spylfilmlingte; it is in film dy't noch makke wurde moat."

Peter Bradshaw, dy't publisearre yn 'e Britske krante The Guardian, skreau: "Rogue One docht nea wier wat skelmeftichs (rogue), en it is gjin popkultuerbarren lykas The Force Awakens, yn it sok wêrfan't dizze film útkomt. In grut diel fan 'e sjarme [fan Rogue One] komt fan it njoere effekt, suver as fan in dream, fan it oan ien wei troch produsearjen fan eleminten dêr't it publyk bekend mei is, werskodde en oars yninoar set, in tebekrikken nei it ferline en foarútwizen nei in al fêststeande takomst. Der binne guon wierlik spektakulêre cameo's fan dierbere personaazjes, dêr't de aldernijste digitale effekten foar ynset binne – suver grizelich eksakt, sadat it sjen bytiden oanfielt as it weromgean nei de 1970-er en 1980-er jierren yn in tiidmasine."

De werskeppings fan grut-moff Tarkin mei de byltenis fan 'e ferstoarne Peter Cushing en fan prinsesse Leia mei de byltenis fan 'e jongere Carrie Fisher waarden lykwols net troch eltsenien wurdearre. Yn The Guardian hie Catherine Shoard it oer "in digitale mislediging", wylst yn deselde krante Joseph Walsh yn dit ferbân juridyske en etyske kwestjes oankaarte. (Lucasfilm hie lykwols yn 't foar tastimming krigen fan Fisher en de erven Cushing.) Yn The Washington Times wiisde Eric Althoff it hiele idee efter sokke digitale werskeppings ôf: "Wat we spitigernôch krije, is yn prinsipe net in simulaasje [sa't in gewoane akteur in personaazje simulearret], mar in beneikommen fan in simulaasje – in dead personaazje portrettearre troch in libbene akteur dy't net dat personaazje spilet, mar de deade akteur neibeart." Los fan sokke prinsipiële beswieren fûnen ferskate resinsinten ek dat fral de sêne mei Leia net yn 'e film paste. Sa skreau Kelly Lawler yn USA Today: "[…] wylst Tarkin allinnich mar wat grizelich oandocht, is de cameo fan Leia sa skokkend dat er it publyk op it emosjoneelste momint folslein út [it belibjen fan] 'e film hellet. De ferskining fan Leia wie bedoeld om 'e film [dochs noch] hoopfol einigje te litten […], mar ynstee einiget er no raar en ûntrêstgjend."

It metrostasjon Canary Wharf yn Londen waard brûkt foar de binnendoarsênes yn it argyfkompleks op Scarif.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Rogue One: A Star Wars Story in heech goedkarringspersintaazje fan 84%, basearre op 456 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] linet swier op 'e mytology fan Star Wars, mar is tagelyk baanbrekkend op it mêd fan it ferhaal en de estetyk, en wiist sa op in ljochtsjende, kaskreakjende takomst foar de franchise." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Rogue One: A Star Wars Story in goedkarringspersintaazje fan 65%, basearre op 51 resinsjes.

Rogue One: A Star Wars Story brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $532,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $523,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.056,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $220 miljoen betsjut dat in winst fan $836,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Oan 'e oare kant ûntfong de produksje foar de opnamen dy't ferrjochte waarden yn it Feriene Keninkryk fan 'e Britske oerheid subsydzje ter wearde fan $45,5 miljoen. Mei dit resultaat wie Rogue One de op ien nei meast opbringende film fan 2016 (nei Captain America: Civil War) en de op 19 nei meast opbringende film aller tiden, mar ek ien fan 'e djoerste films dy't ea makke wiene. De webside Deadline Hollywood berekkene de úteinlike netto winst fan 'e film op $319,6 miljoen.

Yn 2017 waard Rogue One: A Star Wars Story by de Oscars nominearre foar prizen yn 2 kategoryen: bêste lûdsmixing en bêste fisuele effekten. De film waard ek nominearre foar 2 BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, foar bêste fisazjy en hierstilearring en bêste special effects. Fierders wiene der nominaasjes foar de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje (lange foarm), 2 MTV Movie Awards en 3 Teen Choice Awards.

By de Saturn Awards waard Rogue One nominearre yn 11 kategoryen, wêrûnder bêste aktrise (Felicity Jones), bêste byrol fan in akteur (Diego Luna), bêste senario, bêste filmmuzyk, bêste filmmontaazje, bêste produksje-ûntwerp, bêste kostúmûntwerp en bêste fisazjy. De film wûn 3 Saturn Awards, foar bêste science fiction-film, bêste regisseur (Gareth Edwards) en bêste special effects.

By de Britske Empire Awards waard Rogue One nominearre foar 9 prizen, wêrûnder bêste science fiction- of fantasyfilm, bêste manlike nijynkommeling (Riz Ahmed), bêste produksje-ûntwerp, bêste kostúmûntwerp, bêste fisazjy en hierstilearring en bêste fisuele effekten. De film wûn 3 Empire Awards, foar bêste film, bêste regisseur en bêste aktrise (Felicity Jones).

Spin-off-tillefyzjesearje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 8 novimber 2018 waard oankundige dat der in live-actiontillefyzjesearje yn produksje nommen wie, dy't in spin-off wie fan Rogue One: A Star Wars Story. It gie om in prequelrige oer de aventoeren fan it personaazje fan 'e rebel Cassian Andor foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e film. Akteur Diego Luna soe dêrfoar weromkeare yn 'e titelrol fan 'e searje, dy't Andor komme soe te hjitten. De searje sil yn it neijier fan 2022 beskikber komme fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan Disney.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)