Springe nei ynhâld

Monastisisme

Ut Wikipedy

Monastisisme (fan it Aldgrykske μοναχός, monachos, fan μόνος, monos, "allinne") is in religieuze libbenswize wêrby't men eltse wrâldske oanstriid ôfswart om jin folslein ta te wijen oan spiritueel wurk. Yn 'e kristlike kontekst betsjut soks yn 'e regel yntrede yn it kleaster as in mûnts of in non. Yn in protte kristlike denominaasjes, benammen de Roomsk-Katolike Tsjerke en de Eastersk-Otterdokse en Oriïntaalsk-Otterdokse tsjerken, spilet monastisisme by it leauwe in wichtige rol. Ek yn it hindoeïsme, it boedisme en it jaïnisme is it sterk oanwêzich, sij it yn in oare foarm. Sa komt yn it hindoeïsme de sādhu foar, de libbene hillige, dy't in omdoarmjend bestean liedt. Yn oare godstsjinsten wurdt monastisisme bekritisearre en net praktisearre, lykas yn 'e islaam en it soroästrisme, of spilet it mar in marzjinale rol, lykas yn it joadendom. In protte lju dy't in monastyske libbenwize folgje, wenje yn kleasters, dy't behalven yn it kristendom ek yn it boedisme rûnom foarkomme. De muorren fan it kleaster binne benammen bedoeld om harren fysyk te skieden fan 'e sekuliere wrâld, sadat de tawijing oan spiritualiteit makliker wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.